2004


Op 12 febrewaris haw ik tegearre mei Roelof in nije moter kocht. In HONDA DEAUVILLE NT 650 V, mei in kombineare remsysteem. Op 6 Maart ophelle en it earste wykein mar 280 km riden, want it wie mar krekt boppe "nul".

De tiisdeis derop ryd ik nei Roelofarendsveen om myn buddyseat ferleegje to litten en him fuort ek mar beklaaie to litten mei lear. Dat hat 10 dagen duorre, mar Rob hat syn bêst der al efkes op dien moat ik sizze en it is wol gesellich yn syn winkeltsje. No Rob, it sit geweldich en it is nofliker oan it gat, dan de skai dy 't der op siet, Gjin klachten mear oer kâld sitfleis. Roel freget my in side te iepenjen foar him, om routes fan syn Garmin GPS-systeem yn te setten.

mischa
Beppe en Mischa. De earste snein.

eerstedag
De earste dei by it Alvestêden brechje ûnder Gytsjerk.

Hjir foar it Alvestêden brechje? De brêge is beplakt mei tegeltsjes mei foto's derop fan dielnimmers fan de Alvestêden tocht op redens. Dy wurd allinne holden as der 20 cm iis leit. Dit is de lêste brêge foar de finish.

Op 1 April: 1000 km, op 1 Maeie: 3000. Op 16 Maeie: 4000 km. Yn de 10 wiken dat ik him no haw, is dat dochs in gemiddelde fan 400 km yn ‘e wike.

ville1
It resultaat !

Boppedat hâld ik de SHADOW derneist, foar de wat koartere ôfstannen. Dêr kin ik absolút gjin ôfstân fan dwaan.

Wat wy belibbe hawwe

Op 17 april: earste rit fan Feanwâlden, 27 moters. De 25ste april ride wy de tulpenrit yn Wieringerwerf. Pracht rit en elts krige in bosk tulpen yn ‘e knop mei nei hûs. Op 8 mei de middeisrit riden mei 20 moters. Prachtige rit, oer moaie kronkeldykjes. Mar in bytsje grint op ‘e diken, een segen foar eltse moter rider.

zijspan
De Russyske sydspan.

est20
Dielnimmers "Alvestêdentocht".

Op 14 maeie, gean ik nei de presintaasje fan it boek oer 90 jier Fryske Moter Klup. De âldste moter klup yn Nederlân. Paperazzi en Fryslân TV wiene present. De fotograaf wurde roun riden yn in âlde sydspan fan Russyske makkelij.

20 Maeie, hjoed de 3-provinciën-toertocht riden mei 14 moters. 26 Maeie: ik ha de teller oer de 4800 km. 29 Maeie: middeisrit bij MCV, Roelof wie de foarrider, totaal 10 moters. En dan op 30 maeie ride wy as lêste kontrôle, de Alvestêden-tocht mei meiwurkers op 5 moters. De teller stiet no oer de 5350 km. Op 31 maeie bemanje wy de stempelpost "Sleat", fan de Alvestêdentocht foar auto's en moters. Middeis helpe wy op it parkearplak efter it FEC, bij de finish. Totalen: 3954 dielnimmers, wêrfan 24 út it bûtenlân. 3672 moters, 148 auto's, 100 solexen en 34 trikes.

6 Juny: hjoed de kilometer-teller oer de 6000 riden. Op 8 juny lit ik in Spyball alarm ynstalleare op myn moter, tagelyk mei de 6000 km beurt. Op 10 juny ferlit ik it hûs bytiids yn ‘e moarn om nei it Dútske Sauerland te gean foar in lang wykein yn de bergen. Roelof moat de hiele dei werke, dy komt de jounes mei Marieke. Om een lang ferhaal koart te meitsjen: wy hawwe in fantastysk wykein hawn. Op sneon bin ik mei in Dútser en noch 2 oare leden fanút Willingen werom riden nei it hotel. Hy koe alle bochten, dus mei gâns faasje (oant 150 km yn ‘t oere) oer it dútse plattelân, de heuvels en de bergen. Ik haw genoaten fan dy wylde rit, krekt wat ik nedich hie. "Toll"!!! Bij túskomst is myn teller oer de 7300 km.

Mear dingen dy ‘t wy belibben hawwe

15 Juny: Ik krij in tillefoantsje, dat myn nije helm binnenkommen is. Dat, ik helje de motor út de garaazje, set de topkoffer derop en ryd nei Swol. Op de weromreis haw ik myn nije helm op. Op 18 juny ride wy de simmerjounsrit. Op 20 juny ride wy by de MC Martinistad de "Molentoertocht". Prachtige rit lâns allegearre mounen yn de noardelike provinsjes. 24 Juny: Ik krij bericht fan Honda. Ik mei meidwaan oan de "Ladies Only" dei op het TT-circuit fan Assen op 3 july. 27 Juny, middeisrit meiriden. Prachtrit, met in protte kronkeldykjes en it bleau de hiele middei droech!

tt16
Moterbehearskje.

tijs1
29 augustus, dielnimmende trike.

3 July: "Ladies Only" dei op it TT-circuit fan Assen.

11 July: middeisrit riden, gesellige grutte groep, jammer fan de rein. 18 July: de terras middeisrit riden, mei moai waar, mei myn dochter Hanneke efterop. 22 July: ik moast mar efkes mei myn ynternist oerlizze, oft wy de medisinen noch oanpasse, want ik haw wol in hiel koart lontsje op it momint. Blykt ek wol as ik de bloedútslag hear. Wer hielendal yn ‘e war, ik kin wer fan foaren ôf begjinne.

9 Augustus: Wy binne werom út Skotlân. Fanôf it momint, dat wy fuort gien binne oant de moter wer yn de garaazje stiet, haw ik 5334 km riden. Komt oerien mei 3315 mijlen. 13 Augustus: it waar is opklearre, nei in dei mei reinwetter en wy ride de lêste simmerjûns rit.

29 Augustus ride wy in rit by de moterklup fan Stienwyk. Út en thús 372 km. Op 2 septimber ryd ik mei noch 10 moters nei Zelhem foar it kampear wykein. Nei oankomst komt der in ôfgryslike pine holle opsetten en ik lis de jounes om 10 oere al yn ‘e sliepsek. De oare moannes haw ik koarts. Ik nim in aspiryntsje, klim op de moter en ryd nei hûs. Op snein 5 septimber gean ik mei in middeisrit mei, it waar is te moai om binnen te bliuwen.

Op 18 septimber ryd ik de Friese Wouden Toertocht; 200 km troch ús moaie provinsje. Oantal dielnimmers: 154. Sneintemiddei allinnich efkes in "blokje om" west. Op 26 septimber ride wy de lêste middeisrit fan de FMC. De teller stiet by thúskomst op 17.110 km.

3 Oktober dogge wy mei, mei de pannekoek rit fan de mc Hoogeveen. Moarns is it wat wietich, mar de rest fan ‘e dei bliuwt it droech. Oan it ein wachtet ús allegear in pannekoek. Wy binne de grutste dielnimmende klup mei 12 moters en 1 trike. Myn teller is no oer de 17.550 km.

zeijen
Zeijen, 8 motoren en 1 trike.

10 Oktober: ride wy de Herfst toertocht by de MC Bartje fanút Zeijen yn Drinte. Kâlde dei, mar mei sinne. Moarns is it op Quatrebras 2 graden C as wy foar 8 oere nei Ljouwert ride. Ik kom by thúskomst 42 km tekoart om de 18.000 op de teller te heljen.

Foar 17 oktober stiet de Knolleplokkersrit fanút Ruinen op it aljemint . Ik haw Roelof allinne gean litten. De hiele wyke al hoastje, dus fermeitsje ik my mei de website en de fakânsje foto's. As jimme no op in fotootsje klikke op de Skotlân-side, krije jimme in gruttere foto te sjen. Snein 24 oktober gean ik, ek al is it wat buiïch, dochs efkes nei de pier en oer Ljouwert werom. Ik haw by Stiens de teller op 18.000 km. By myn besyk oan de ynternist krij ik te hearen, dat ek al binne de medisinen oanpast, it dochs wer de ferkearde kant útgiet, dus wer oanpasse en eltse 3 wiken prikke, om de finger oan de pols te hâlden.

Op 1 novimber set ik it ûntwerp fan myn krystkaart fan it ôftrune jier op 'e origami-side. Op 2 novimber set ik noch mear ûntwerpen fan mysels op it ynternet en meitsje in twadde side mei krystkaarten, dy ‘t ik troch de jierren allegearre makke haw. Op 7 novimber lit ik Roelof allinne mei in groep nei Boekelo gean om de "Moosrit" te riden en ik bliuw thús. Snein 14 novimber: ik haw yn de leste wike de linke-side oanfolle mei interessante links nei oare ynternet-siden en de ynternetside fan de buertferiening op it ynternet setten. Der moat noch wat oan dien wurde, mar dat komt noch wol. Dernei: efkes in blokje om op ‘e moter, wylst Roelof en ús jongste soan Johnny nei de HCC-dagen yn Utert binne.

boys
Miss Universe 2003, Johnny, Roelof en Miss Holland.

centrale
Burgumermarsintrale op de eftergroun.

Op freed te jûn 19 novimber hawwe wy in iterij me de frijwilligers fan de Alvestêdentocht. Op de weromreis krije wy in bêste hagelbui foar de kiezzen tusken it Otterpark en Swarteweisein. Op snein 21 novimber skynt it sintsje sa moai, dat Roel en ik it net wjerstean kinne en stap op ‘e moter en ryd om de Burgumer mar. Ûnderweis meitsje wy hjir en dêr wat foto’s. De diken binne dan wol wiet, mar gjin winterske buien mear. Noflik efkes útwaaie.

Tiisdei 23 novimber: bin ik begûn mei in side foar 2005 te meitsjen, wêr ‘t daliks nei 31 desimber it leste nijs moat komme te stean. Dan stiet it al fêst klear om yn de âldjiersnacht op it ynternet set te wurden. Freed 3 desimber skynt de sinne. Ik helje de moter út de garaazje en waskje him goed. Dan moat er efkes droech riden wurde, ûngefear 50 km. Sadree ik de kâns krij om efter de computer te krûpen, nim ik dy. Ik wol de hiele ynternetside yn in nij jaske stekke, opset mei “frames”. En dus moat de tekst oanpast en foto’s ferlytse wurde. Op 9 desimber stiet er klear, totaal 31 bestanden en dat is bûten de origami. Op 12 desimber gean ik een blokje om, het wurde 70 kms. Boppedat is it aardich kald. De klok stiet no oer de 18.400 km.

Op 18 desimber "crashed" de hurde skyf en de computer docht niks mear. Myn nije ynternetside stiet nog op myn buroblêd!!! Hendrik hat noch in hurde skyf lizzen en dy moat earst ynstalleare wurde, foar ik der efter kom oft ik de ynternetside hielendal oer dwaan moat of net. Mei knippen en plakken kin ik de hiele boel oersette nei in oare hurde skyf. Ik bin op dat stuit ek oan it oersetten yn it Frânsk. De earste side stiet noch yn myn mail. Oft ik him foar it nij jier ôf krij? It sjocht der goed út. Mei de help fan Tom, moat it slagje. Ek al ferwachtsje ik sa rûn de krystdagen de 3000ste besiker, hy/sy kundiget himsels al op 20 desimber oan, de jûnes om 23.06. Op twadde Krystdei wyt Roelof my oer te heljen om de side ek yn it Frysk te fertalen. Ik kin de hiele dei oer de computer beskikke, dat de oare jûnes is de fertaling al klear. De lêste pear dagen fan it jier brûk ik om de ynternetside noch efkes goed nei te sjen. Der sit hjir en dêr fêst noch wol ris in foutsje yn. Lit it my wite, as jimme der ien fine. Al mei al stiene der no 56 siden klear om op it ynternet smiten te wurden yn 'e âldjiersnacht.

Werom nei Index

© 2004-2007 Webdesign fan Betty Smit.