2005


Nijjiersdei: de ynternetside is yn in nij jaske stutsen en op it ynternet setten om 00.17 oere. Kom sa no en dan ris sjen, want de side wurdt regelmjittich bywurke. De side is fanôf heden ek yn it Frânsk. In hiel great "tank je wol" foar Tom, (VIENNE-France) fan FUNBIKES dy ‘t my holpen hat mei myn Frânske spelling. Ik hie net ien om myn Fryske spelling te controlearjen, dat as jo foutsjes fine, lit it my witte.

6 Jannewaris: ik haw de side fan de "basics" op de Origami-side feroare. No sykje ik nije modellen en stek de Origami-siden yn in nij jaske. 8 Jannewaris: de Origami-side stiet op it ynternet yn syn nije jaske, mei nije modellen. Der wurd hurd wurke oan é útwreiding derfan. 9 Jannewaris: Ek al waait it noch knap, ik beslút dochs om in blokje om te riden. Ik bin amper thús en al wer heal omklaeit, as Johan lâns komt, of wy ek mei wolle te riden. Gou wer omstrûpe en fuort fansels. Mei elkoar 124 kilometer riden.

webwerk

12 Jannewaris: ik bin drok mei foto's meitsjen fan alle wurkstikken dy't ik makke haw. Net allinne papiertearen, mar ek Deensk snijwurk en aanst ek de papier-arsjitektuur. 15 Jannewaris: Ek al wie it hjoed mar 1 graad boppe nul, ik bin dochs efkes oan 'e pier ta riden. 17 Jannewaris: ik haw de papier-arsjitektuur op de siden fan frije tiid setten. 22 Jannewaris: omdat Piet seit, dat we nije wike 8 graden froast ferwachtsje kinne, gean ik earst mar efkes in blokje om. 28 Jannewaris: ik haw fan 'e wike troch âlde foto's west en inkelde dêrfan haw ik yn de kompjoeter setten. Sa ek guon fan de moter-ryd-lessen. Dy steane no op de side fan skiednis. De 6de Febrewaris skynt de sinne o sa moai en ek al is it mar fjouwer graden, ik gean efkes in blokje om. Ik hâld mysels disse dagen oan it wurk mei in side oer ús moaie provinsje "Fryslân". Ik wachtsje moai waar ôf en mear beamtegrien foardat ik de foto's meitsje.

Op 8 Febrewaris falt it my op, dat der in protte besikers op myn ynternet-side komme. It is ungewoan drok. De jounes fan tofoaren haw ik sjoen, dat der ek minsken troch Omrop Fryslân op myn side komme en ik haw Roelof der al nei fernôm, hwat oft er dien hat. Hy hie in mailtsje stjoert nei de omrop, om it tusken hun linken to setten, omt de side ek yn it Frysk is. Fan 'e jounes komt er tús en freget, oft der ek in protte besikers op de ynternetside west hawwe. Ja fansels, it koe my net ûntgien wêze. Dan fertelt hy my, dat myn ynternetside op Radio Fryslân west hat, krekt foar it middeismiel, mei namme en tanamme. Op 18 febrewaris set ik it idé yn in foarum, om in side te meitsjen mei "your bike", dy jounes steane de earste 11 foto's al op myn ynternet-side. Yn de wike foarôfgeand hjiroan, stjoert RudyHadee my in foto fan syn "Liberator" út 1942. Ik bin fuort foreale op dat ding en it idé is berne, dat eltsenien dat sjen moat. Sa komt it, dat ik beslút in side to iepenjen hwer eltsenien syn "trots" oan 'e hiele wrâld sjen litte kin. en dus..... 20 Febrewaris: earste digitale jierdei. 24 Febrewaris: Der leit snie en it is wier gjit moterwaar. Allegeare sâlt op 'e diken. As der de kommende 10 dagen neat feroaret, dan haw ik it earste jier krekt oer de 18.700 kilometer riden. Op 25 Febrewaris haw ik moarns om 11:21 myn 5000ste besiker. Dy jounes hâld de "Friesche Motorclub" har jierlikse Ledengearkomst. Ien fan de aginda-punten is elts jier, de útrikking fan de wikselbeker foar de toer-kompetysje. Ik wyt dat ik in soad meiriden haw en tink by de earste trije te sitten. It is ôfwachtsjen. Ik einigje as twadde.

alv1
alv2

26 Febrewaris: De siden mei Origami binne útwreide mei "patchwork". Fanôf begjin Maart binne der wykliks updates fan in side oer in resaurasie te sjen op de Nederlanske en Ingelske siden fan in BMW R 50 út 1969. De 12de Maart tsjinnet him de 6000ste besiker oan. 13 Maart: fan'e middei in pear jonges fan it Moterforum troffen by in motershow yn Ljouwert. Ik ha se mei nei hûs naem for in "bakje fan Douwe" en doe de moter út de garaazje fansels en efkes mei hun opriden. Fan 'e moarn haw ik wer foto's en tekst krigen fan Jan, foar in "update" fan de retauraasje, fan in BMW út 1969. Dy stiet allinne op 'e Nederlânske en Ingelske siden. Sa fier giet myn technysk Frysk en Frânsk no ek wer net, om it hjir ek te pleatsen. Hawwe jimme der ynteresse yn, dan efkes de Nederlânske tael oanklikke.

20 Maart: wy binne de hiele dei op it circuit fan de plysje yn Lelystêd. Moaie dei, mar krekt oan it ein fan'e middei, meitsje ik in fout yn in bocht en ik flean der út. Op it momint, dat ik fiel, dat it eftertsjil gjin kontakt mear mei it asfalt hat, tink ik, nou is it dyn beurt. Sadré as ik it asfalt reitsje, wit ik, dat ik my sa breed mooglik meitsje mat, dat remmet. It duorret noch gjin 3 seconden en dan lis ik yn e berm, in pear meter fan myn moter ôf. Wat blaue plakken en wat stiif yn'e skouders, oars haw ik net, de motor is op it fleugeltsje del kaam, dêr binne se ek foar en it skakelpedaaltsje is ferbûgt. Ik ferwûnderje my deroer, dat ik it hert net yn'e stôt haw en gjin triljende hânnen, as ik in peukje bou. Dy rook ik op en dan is it pedaaltsje ek al wer rjocht bûgt en kin it wer oan gean. Ik doch noch 2 rountsjes mei in oare "marshall" en dan is ús tiid op it circuit ek om. Op nei de kantine, noch efkes in bakje, it sertifikaat en it spjeldsje oan nimme en dan kin it op hûs oan. Wy hawwe in moaie dei hawn en in protte leart. Ik haw no ek leart, hwer myn grins leit. Hjir ûnder noch in pear foto's fan'e skea.

jas2

jas4

broek2

helm2

helm4

bike2

bike4

As ik net sa stiif mear bin, sil ik har wol efkes waskje, mar no efkes net

22 Maart: fanôf hjoed bin ik moderater fan it moterfoarum.

By myn dealer koe ik plakkende lapkes krije om de jas te meitsjen.

repairb

repaird

oudehaskeb

28 Maart: wy hawwe hjoed de earste middeisrit riden mei yn totael 50 moters. 29 Maart: hjoed haw ik myn 7000ste besiker mist, wie sa drok mei in oar syn ynternetside oan it meitsjen. 2 April: hjoed Fryslân afkes ûnfeilich makke, krekt mear as 100 kilometer riden. 3 April: hjoed de "noorderrit" fanút Aldehaske riden. Út en tús 333 kilometer. 9 April: hjoed in nije hurde skiif derby krigen fan 80 GB. Ik hie mar 6 GB en dy wie hast fol. 10 April: Roel rydt de MIOS-rit yn Alla-Palowna en ik bliuw tús, ik fiel my klûmsk.

12junic
Klik op de foto

Op 17 April tref ik oare gebrûkers fan it moterfoarum yn Appelskea. Wy ride nei Termuntersyl foar in fiskje en ride dan nei Súdlaren om by in oar lid kofje te drinken. In moaie dei hawn. Ik haw hjoed de teller oer de 20.000 kilometer helle. 24 April: hjoed by de moterklup fan Hoogeveen riden, mei elkoar 435 kilometer. Drinte is in moaie omjouwing, ek yn dizze tiid fan it jier. 26 April: hjoed is it in jier lyn, dat ik de Nedsted teller op myn ynternetside setten haw. Fan'e moarn seit er dat der 8650 minsken west binne, dyt der nei sjoen hawwe.

De earste Maaie: Hjoed bin ik allinne der op út west. Lâns de bolle-fjilden hjir yn it noarden. Wat foto's makke foar de Fryslân-side. Mei elkoar dochs sa'n 200 kilometer riden. 5 Maaie: de trije-provinsje-toer-tocht riden. 220 Kilometer troch Fryslân, Oerisel en de Noard-East-polder. De natoer begjint al moai oan te heljen. De lêste 40 kilometer motreinde it wat, mar wy binne net tot op 'e hûd wiet wurden. We binne fan 'e moarn ôfset mei 26 moters. 6 Maaie: Bent Bay út Denemarken (www.bentbay.dk)hat in moaie Banner foar my makke. Ik ha frege oft ik him brûke mei foar myn ynternetside. Hjir boppe stier er en bliuwt dêr ek stean sa lang as jimme op myn ynternetside surfe. De siden yn it nederlansk en ingelsk oer de restauratie fan de BMW komme op Jan syn eigen server te stean. Ik ha al in yndex en in linkenside derby makke. Kommende wike sil it heve, dan krij ik 11 MB mear romte. Ik set wol noch in link yn myn side, sadat jimme it altyd fine kinne. Op 12 Maaie, komme we mei in oantal frijwilligers byien om de roetes, stempelkaarten en faantsjes yn boekjes te fouwen. De stempelpost-lieders krije de stempels mei en in flagge. Dat binne altyd gesellige jounen. Op 13 Maaie stiet myn "gastenboek" ien jier op myn ynternetside en ik haw der 161 berichtsjes yn. 14 Maaie: hjoed ha wy mei 10 moters de Âlvestêdentocht riden, foar in lêste kontrôle. 240 kilometer. It wie wakker kâld en der stie in straffe wyn, mar it bleau droeg. Itselde waar foar moandei soe wolkom wêze. Op 14 Maaie stean ik mei namme en ynternetside yn 'e Ljouwerter Krante, yn de rubriek fan Toedeledokie. It giet oer it groetsjen fan motoer-riders. Se hawwe myn bijdrage út it moterfoarum helle as taljochting yn hun artikel. Op 16 Maaie, steane wy op de stempelpost fan Workum, tidens de 11-stêdentocht. Yn 'e middei stean ik noch 3 ûren yn 'e rein om de riders nei harren parkear-plakje te wizen, efter it FEC. Foto's steane mei in link, hjir links yn é balke. Op 22 Maaie ryd ik mei de klup de Dedem-tocht fanút Balkbrug. Yn Borne by in besine-stasjon sjogge wy in âlde Nimbus út 1949 stean, mei orisjinele sydspan. De man hat him efkes starten en rinne litten. Klik op de foto's foar in fergrutting.

nimbus4b

nimbus3b

Op 23 Maaie, foar de gearkomste mei de origami-froulju hjir yn Fryslân, krij ik de opdracht om in ynternetside te meitsjen foar myn origami-docente. Op woansdei set ik de tekst yn hun kompjoeter en op freed set ik alle fotoos deryn. De dochter sil nije wike de side op it ynternet sette.

Sels haw ik op 24 Maaie myn 10.000ste besiker op myn ynternetside yn minder dan 13 moanne. Net min buorke, tocht ik sa.

27 Maaie, de jounsrit. In protte nije minsken, dat wy binne by de finish foar it donker wurdt. Op 29 Maaie is it Harley-dei yn Ljouwert. Ik tref Herrie dêr fan it moterfoarum. Hy seit, dat ik op syn moter sitten gean mat en hy efterop, foar in foto.

met herrieb
libby1

Op 2 Juni gean ik mei in groep moterriders nei it Dútske Sauerlân, foar in lang wykein. Wy ferbliuwe yn in hotel yn it doarpke Ippinghausen. Mei elkoar 1342 kilometer yn fjouwer dagen.
12 Juni: Hjoed de O'ceallaigh-run riden fanút de stêd Grins. In moaie dei hawn mei oare moter-riders ek al motreinde it sa no en dan. Ik haw "Libby" wer moete en mocht efkes op har sitte. 19 Juni: ik bin efkes in blokje om west. Earst efkes yn Appelskea sjoen en doe troch nei de pier fan Holwert. Ik haw de teller no oer de 24.000 hinne. Op 26 Juni ryd ik nei Harns. Efkes troch de haven ride en dan lâns de sédyk. Sa kom ik fansels by Holwert teloane. Efkes op 'e pier sjen fansels.

zeedijk

Op 1 July krijt Roel nije bânnen om syn moter. Op 3 July gean ik efkes in blokje om, nei dat de visite fuort is, dy't mei ús de 19de jierdei fan ús jongste soan fiert hat. 8 July: Roel hat my frege om beide moters ôf te leverjen foar in greate beurt. No krij ik te hearren, dat myn moter woansdei pas klear is. As ik thús kom, helje ik earst de Shadow efter út de garaazje en gean dêr in eintsje mei om. Dat fielt mar tige goed. Dy brûk ik kommend wykein mar, want it wurdt moai waar. 11 July: ik haw no fjouwer dagen efterien mei de Shadow op'en paad west. 15 July: de Deauville wer ophelle. 17 Juli: Hjoed JanBMW moete yn Appelskea en de dei togearre trochbrocht. Oant 3 ûre op it terras sitten en doe noch in stik te riden west. Snein 24 july: Ik bin tegearre mei Roel in blokje om west. Koe hy fuort efkes besine tanke. Stiet de moter mar fêst fol foar as hy mei fekânsje nei de Noardkaap giet. Op woansdei 27 july skilje ik de "planning" fan it sikenhûs. As ik gjin biswier ha, dat ik kollega de operaasje útfiert, dan bin ik fuort freed oan 'e beurt. De rêggeprik foldocht net oan 'e easken, dy't der oan stelt wurde, want ik kin alles fiele wat se mei my dogge. Ik krij pinestillers tatsjinne yn myn infuus. Letter op 'e middei mei ik nei hûs ta. It betsjut wol dat ik in wike lang better net moterride kin. Op sneon 30 july giet Roel moarns betiid fuort, ûnderweis nei de Noardkaap.

8 Augustus: fan 'e moarn haw ik myn beslút naam, ik fertaal de ynternetside ek yn it Dútsk. Ik bin dizze wike dochs noch thús, dat tiid genôch. Dyseld jouns stiet 2005 al yn it Dútsk derop en ek in pear siden mei net te folle skriuwen, lyk as "Your bike". De earste side is neisjoen troch Burghard . Myn Dútsk is ek net alles mear nei 35 jier. De woune wol net ticht en ik mat oan 'e "peniciline". 13 Augustus: Ik ha hjoed de side fan "Your bike" oanpast. Op 14 Augustus komt Roel werom fân 'e Noardkaap. Eltse moter hat no mar ien foto der op. Op 18 Augustus wurd myn beppe 102. Op 20 Augustus krij ik in Mailtsje, dat myn nije server klear stiet. Ik set fuort "Your bike" derop en meitsje in link derhinne. De woune blykt hjoed ticht te wêzen. It hat 22 dagen duorre. Op 21 Augustus halde wy in foarum-dei. Minsken dy't gebrûk meitsje fan Motorforum.nl binne hertlik wolkom. Dizze dei giet myn teller oer de 25.000 en ik meitsje dizze dei 422 kilometer. Hjir de link.

meibeppe3
Ik mei beppe.

Op 28 Augustus efkes nei de pier west en oer Ljouwert wer werom. Der stie in straf wyntsje.Fan de earste oant de fjirde september, belibje ik in moai wykein mei de moterklup fan Feanwâlden: MCV yn de provinsje Sélân. Op 5 September smyt ik de side fan "Your Bike" yn trijen. It duorre te lang om alle foto's te laden. No binne se koarter. Ûnderoan eltse side stiet in link nei de oare twa siden ta. Op 9 September hawwe myn man en ik myn oerfaart nei Skotlân boekt. Boppedat kundigt him de 14.000ste besiker op de ynternetside oan. Op 10 September set ik siden lyk as skiednis, 2004 en noch inkelde oaren yn in argyf.

pier9

Op 11 september sjoch ik efkes op 'e pier. As ik tús kom binne der problemen mei it Gasteboek. Ik helje 79 berjochtsjes fan ferline jier derút. De 17de gean ik allinne efkes nei de pier. De 19de september wurd ik skille troch myn ynternist, dat de wearden fan myn skyldklier noch net goed binne en de pillen moatte oanpast wurde.

forcast1

Ik haw ris efkes besjoen hwat foar waar it takom tiisdei wurde sil yn Skotlân as ik dêr oankom. Liket my goed genôch.

lmr1
De moterriders dy't mei dien hawwe oan 'e lêste middeisrit.

De 12de oktober bin ik werom út Skotlân. De 12de stiet jouns myn ferslag yn it Nederlânsk online en de 13de yn it Ingelsk. Op 14 oktober krij ik myn earste Award fan Bent Bay út Denemarken. Op 15 oktober set ik de Dútske fertaling fan myn Skotlânreis op it ynternet. 16 Oktober: Fan 'e middei efkes nei de pier west en op de weromreis efkes yn Ljouwert oan west by Anne en Inga. 17 Oktober: de franske fertaling stiet hjoed ek online. De Fryske om middernacht ek. Op 22 Oktober krij ik myn twadde Award fan Bikerone út Sweden.
Op 24 oktober sit ik foar it earst te "chatten" mei Alex út New Castle. Hy fertelt my, dat hy mei syn motorklup yn Maaie takommend jier nei Nederlân ta komt en dan ek efkes, my syn wyfke June, by my oan sil. 25 Oktober: Ik haw in pear adfertinsjes op de Nederlânske kant setten. Op 28 Oktober ryd ik efkes nei de pier ta. In man sprekt my oan. Hy hat justerjoun nei myn ynternetside sjoen en herkent my fuort. Beide net in fototastel by ús fansels, wol skande hjer! Op 30 oktober is it sok moai waar, dat ik earst efkes op 'e pier sjoch en dan oer Ferwert binnentroch wer nei hûs ta gean.

Op 3 November krij ik besite fan in lid fan it motorforum.nl, "Fireblade 1996". 6 November: Hjoed hat wer ien fan de leden fan motorforum.nl, "Schaduwman" hjir by my west. Wy hawwe oerlein, hoe't wy it oanpakke sille, takommend jier in motorwykein te organisearjen foar de leden. Fansels haw ik efkes in eintsje mei him opriden, doe't er fuort gie. 8 November: Hjoed hie ik wer 2 leden fan it motorforum.nl, "Kaw@ster and SP2mtr" op besite. Hja hawwe hjir efkes sitten te praten by in pear "bakjes fan Douwe". Op 13 November gean ik efkes in oere der tuskenút, wy meie dan wol besite hawwe, mar ik moat efkes ride, mei dit skitterende waar.

131105piera

14 November: Ik bin krekt lyk as de ôfroune 2 jier, wer frege om de diplomas fan de douwe-feriening te skriuwen mei kalligrafie. Op 15 november haw ik in ôfspraak mei myn motersaak yn Dokkum. As ik los hantsje ryd, dan skoddet de moter. De oarsaak is de foarbân. Hy wurd ferfongen mei in nyen ien. Wat ryd dat dan wer moai. 16 November: ik bin by myn internist west en hja hat my sein, dat de skyldklier noch net goed wurket. De medisinen wurde oanpast.

benny4

18 November: Hjoed haw ik Benny út Maleisië moete, op de "Zaanse Schans". Benny hat ferlyne jier myn ynternetside foun op bikepics.com. Hy ryd ek op in Honda Shadow. Sûnt dy tiid maile wy mei mekoar. 2 Wiken lyn mailde hy my, dat hy nei Nederlân komme soe. Hy soe mei syn frou 6 Europeeske lânnen oandwan yn 10 dagen. Op de 18de soe hy fan 08.30 oant 10.00 op 'e Zaanse Schans wêze. Dat ik stie fan 'e moarn om 6 ûre al te rútskrabjen en bin doe mar ôfteint. Ik wie moai op tiid. Sa'n kâns krigest dochs noait wer. De foto is makke troch de "gids", Victor, mei myn tastel. Jouns geane wy út iten mei de frijwilligers fan de Alvestêdentocht.

25 November: Ik bin drok dwaende mei it ferslach fan Roel syn reiske nei Noardkaap. De typfouten derút en foto's deryn. Yn 'e middei ryd ik noch efkes in blokje om, fan 50 km. Yn it súden fan it lân leit al snie, mar hjir skynt de sinne noch folop. Op de weromreis tank ik de besinetank noch efkes fol, yn gefal ik de kommende tiid net wer fuort gean. Op 27 november set ik it ferslach fan Roel en Johan hun fekânsje nei de Noardkaap op de Nederlanske siden. Op 5 desember bin ik begoun mei it meitsjen fan siden foar it nije jier. Wat dien is, is mar dien. 9 Desember: it wie hjoed sok moai waar, ek al wie it mar 3 graden, ik bin dochs efkes oan 'e pier ta west.

nov05

De 23ste Desember: Ik haw it untwerp fan myn Krystkaert op de ynternetside setten. Op twadde Krystdei, gean ik efkes in blokje om. It wurde hast 100 kilmeters. Ûnderweis giet myn kilometerteller oer de 30.000 hinne.

30d

Werom nei Index

© 2004-2007 Webdesign fan Betty Smit.