2006


henks3
14-01-2006, Henks.

8 Jannewaris: Yn de ôfroune 2 wiken haw ik fakens in mailtsje wiksele mei Ronald, ien fan'e foarum-leden. Hy woe graag in ynternetside foar himsels hawwe en wy binne aerdich slagge. Allinne yn it Nederlânsk, mar hjir is de link nei Ronald syn ynternetside.
14 Jannewaris: Hjoed mei henks fan it motorfoarum in fiskje helle yn 'e haven fan Lauwerseag. Togjerre hawwe wy noflik riden, troch Fryslân en Grinslân, sa'n 80 kilometer. 15 Jannewaris: De hiele moanne skynde de sinne sa moai en de loft wie ek sa blau, dat ik bin fan'e middei mar efkes ôfset nei de pier ta. It wie wol kâld, mar dat fielst pas, ast wer túskomst.
Op 22 jannewaris friest it 2 graden, de dyken binne droech en de sinne skynt. Ik gean dit kear in slach om 'e Burgumer mar en set de moter efkes oan 'e kant yn Sumar, om in pear foto's te meitsjen fan frachtweinen foar in freon yn Ingelân.

22012006

4 Febrewaris: Ik haw in neije side makke foar de ynternetside fan de buert. Se binne nei jierren fan harsenskrabjen begoun mei de bou fan it winkelsintrum.
17 Febrewaris: Hjoed bin ik mei in keppeltsje forum-leden nei de moterbeurs yn Utert west. It wie in moaie dei. Ik bin op 'e moter hinne west, oer de 350 kilometer, mar it wie reinerich waar. Op 18 febrewaris makket William B. út Ingelân in pear "banners" foar my om ynternetsiden te linken.

Op 21 Febrewaris iepent Zeenz.nl in nei weblog. It earste stik dat publiseare wurdt, is fan myn hân. Hjir is in link om it te bisjen of te lêzen.
De 26ste febrewaris: Mei it middeis-iten skynt de sinne sa moai en de loft hat ek sa'n moaie kleur blau, dat ik gean te riden. Ik ryd fansels efkes nei de pier. Op de weromreis kin ik ien motrrider begroetsje. It is dan ek mar 2 graden. By it jouns-iten sjoch ik bûten al wat snie lizzen. Op 9 maart plak ik mei in oantal oare leden adres-stickers op de informaasje-boekjes foar de Âlvestêdentocht.

090306a

jbra
26 Maart, FMC.

Op 10 Maart ryd ik moarns nei Oosterwolde. Dêr moetsje ik Henks. Tegearre ryde wy nei Assen, nei syn broer, want dy fiert hjoed syn 50ste jierdei. Op 11 Maart komt de 20.000ste besiker op mijn ynternetside. Op 12 Maart bin ik de hiele middei dwaande mei foto's dy't ik tastjoerd krij fan Rudy. Rudy hat yn 1984 mei 131 Citroën Traction Avants meidien oan de tocht fan Parys nei Moskou en werom. Hy had koartlyn it ferhaal skreaun en ik haw der in ynternetside fan makke. Allinne noch mar yn it Nederlânsk. Hjir is de link.

mcc1
Annie en ik.

Op de 23ste Maart gean ik in blok om mei myn Shadow. Mar krekt 50 mijlen, want it is wetterkâld, mei twa graden. De 26ste Maart ryd ik mei noch krapoan 50 moters de earste middeisrit. It waar is tige by tige, it waait in heale stoarm, mei âlve graden. Myn teller is oer de 31.000 kilometer gien. 31 Maart: it earste frachtridersferhaal is ek yn it Ingelsk fertaalt en op it ynternet setten. 7 April: hjoed hat Annie har moterwinkel en wurkpleats iepenen yn Coevorden. Ik kin har fan it foarum. Hja hie my in útnoeging stjoerd en ik wie derby fansels. Ik winskje har in protte lok, mar dat sil wol los rinne, sa as ik it bisjoen haw. Snein, 9 April: Hjoed hawwe wy de MIOS-rit riden. Fan 'e moarn om 8 ûre wie it noch 2 graden. Wy moasten oer de Ofslútdyk, nei Anna Palowna. It wie in hiele moaie toche, mar de bollefjilden leine under in tekken, it is noch te kâld. Út en thús haw ik dochs noch 390 kilometer riden.

griso1
Griso 1100

Op 14 April bin ik tegearre mei Roel hielendal binnentroch nei it Hearenfean riden. Op de weromreis oer de grutte dyk nei Ljouwert. By de Honda-dealer filters helle foar de moters. Yn't koart mei ik se alle trije ferfarskje, ûnder tafersjoch fan Roelof. Op 15 April bin ik middeis efkes nei de pier ta riden. It wie noch wakker kâld. Doe bin ik efkes nei de Peaskeshow fan 'e motoersaak riden, wêr't ik mijn Shadow kocht haw. Dêr stie my dochs in moaie moter, de Moto Guzzi Griso 1100. Op 'e weromreis noch efkes by it Âlvestêdenbrêchje oan om wat foto's te meitsjen. It is dochs in prachtich kunstwurk mei dy foto's dy't tagelyk in tafereel fan reedriders foarstelle.

griso2
Griso 1100

estbrug1
Elfstedenbrug

estbrug2
Detail.

17 April: Fan 'e moarn bin ik nei Coevorden ta riden en bin de hiele dei by Annie in 'e motersaak bleaun. As hja mei klanten yn 'e war wie, praate ik mei oare moterriders yn 'e kofjehoeke. Ik haw in hiele moaie dei hawn.
23 April: Hjoed bin ik mei myn man nei Wieringerwerf setten, om de tulpenrit te riden. Hy moast foarride by de Fryske moterklup en it wie in grut laach. Folle tulpen yn 'e bloei hawwe wy net sjoen, want de maand Maart hat te kâld west. Mar de rit wie der net minder om.
Op 28 April kin Roel syn Corbin-sadel ophelje, by Rob. Op de 30ste is der in Foarum-dei op it TT-circuit fan Assen. De nachts derfoar sliepe hjir twa moterriders. Wy hawwe in ôfgryslik noflik wykein hawn. Op dizze dei haw ik in rountsje op "Libby" riden. Op 2 Maaie ha ik allinne fuort west en op 3 Maaie ek. Mei elkoar oer de 500 kilometer. Myn teller is oer de 33.000 gien. 5 Maaie: Hjoed haw ik foar it earst sels myn oalje ferfarske en in nij oaljefilter op myn Deauville setten. Op 7 Maaie ryd ik mei de FMC (12 moters) de Meitoertocht fanút Nieuwleusen. Wer 400 km derby dizze wike. Ik kom de ôfroune wike oer de 1000 kilometer.

corbin1

Op 10 Maaie lês ik yn it foarum, dat Etaman ferstoarn is. Hy wie noch mar 51. Tsien dagen derfoar haw ik him noch te wurd hawn op de foarumdei. It rekket my djip. Op 15 Maaie gean ik nei de kremaasje fan Etaman.
Fan 18 oant 21 Maaie hawwe wy it earste moter-foarum-wykein yn Limburg. Wy ride hwat yn 'e omjouwing. Inkelde foto's binne te besjin ûnder dizze link.
Op 24 Maaie giet myn teller oer de 35.000. Op 27 Maaie ryd ik moarns nei Annie yn Coevorden en moetsje dêr Jelle. Tegearre mei Jelle ryd ik in rit dy't hy úttocht hat, foar de oankommende foarum-dei. Dat binnen der wer 360 kilometer op myn teller.
De 30ste Maaie haw ik Alex út New Castle werom sjoen. Hy hie fekânsje yn Dútsklân en Frankryk en wie de lêste nacht hjir mei 2 fan syn freonen. Togearre hawwe wy yn it Klompemuseum west an dêrnei haw ik se nei it fear yn IJmuiden brocht op 'e moter.

alex3.JPG mick1.JPG john1.JPG

Op 5 juni hawwe wy de Âlvestêdentocht wer. Op de side fan dizze tocht steane no nije foto's. Op 10 juni is der wer in dei fan Honda op it parkearterrein fan de TT-baan yn Assen. Ik haw wer in moaie dei hawn. Ferslach stiet op Zeenz's weblog. 11 Juni: ek al bin ik de hiele middei op 'e moter fuort west, ik ha dochs de foto's fan de Horsepowerrun op it ynternet setten.

detern1
Holtgast.

Op 19 juni bin ik nei Dútsklân riden. Ik bin 2 nachten iyn Detern west. Dêr haw ik ris bij it bikermotel yn Holtgast sjoen en ik haw yn it Kultuurkafee, "Alte Zollstation" yn Stickhausen west. Frans hat in tentoanstelling oer Kalligrafie. Fierders haw ik yn de onjouwing oan it riden west op 'e moter. Op 24 juni haw ik in rit riden mei noch 5 oare forum-leden, dy't net ynteresseare wiene yn de TT. Op 30 juni is der in jounsrit by de FMC. In hiele moaie route.

It earste wykein fan juli haw ik it drok mei de ynternetsiden fan Jan en Rudy. Op de sneintejoun bin ik noch nei de pier riden en haw dêr mei twa moterriders praten. Op 9 Juli ryd ik mei noch 3 foarum-leden in rit lâns de 11 Fryske steden. Ik hie al in biskriuwing fan 'e route en no mocht ik dan ek foar-ride. Nei in wyke fan tropyske temperaturen wie it hjoed noflik to riden. De tocht allinne wie al oer de 250 kilometer.
Op 15 juli gean ik mei de club MCV nei de moterclub "de Wâlden", want se jouwe in feestje. De 16de ryd ik in freon tomjitte . Nei wat kofje en in praatsje ride wy tegearre in eintsje op.

detern2
Alte Zollstation.
detern3

Mei dit moaie simmerwaar ryd ik hast eltse joun efkes nei de pier.
Op 26 Juli ryd ik nei Detern, hwêr't myn man noch altyd oan it wurk is. De oare moarns drink ik kofje yn it Biker-motel yn Holtgast en dan ryd ik wer nei hûs. Op de Autobahn helje ik de 190 kilometer yn 'e oere oant Leer, dernei steane der buorden dat men net hurder mei as wat de buorden sizze. 21 Augustus: wy binne werom fan fekânsje. Ik bin drok dwaande om foto's út te sykjen en in ferslach te skriuwen foar de Ynternetside. Op 31 Augustus gean ik mei de auto nei Waxweiler, foar in lang wykein mei moterklup MCV. Dan op 9 september ryd ik mei noch 3 foarumleden nei St. Willebrord, hwer't "Schaduwman" in rit foar ús betocht hat.

De jounes hawwe wy in barbeque yn sn tún en wy kinne sliepen bliuwe. De oare moarns ride wy wer nei hûs ta. Ik bin noch altyd dwaende mei de Dútske fertaling fan it ferslach fan ús fekânsje. De Nederlanske, Ingelske en Franske fertaling steane al op it Ynternet. Dan moat de Fryske fertaling ek noch. Ik bin no al in maand oan 'e gong.

Op 15 september stiet dan einliks de Dútske fertaling fan de fekânsje op it Ynternet. It jouwt wol in protte wille, om it eltse kear wer to belibjen en der oer to lêzen. Mar mei it moaie waar lokket de moter mear as mei de Fryske fertaling oan 'e slach to gean, mar it sjit al aerdich op. 18 September: alle 5 talen fan it fekânsje-ferslach steane no op it Ynternet. Op 24 september ryd ik de lêst middeistoer mei leden fan 'e FMC. Op 1 oktober ryd Roel de Pankoek-toertocht foar, by de MC Hoogeveen. Op 'e hinnereis giet myn teller oer de 45.000 kilometer hinne. Hjoed 414 kilometer riden.

liberatorwit1

Fan de 5de oant de 9de Oktober hawwe wy Alex en June mei de bêrn útfanhûs. Se binne mei it fleantúch kommen en hawwe in auto huurt. Wy hawwe in skoan wykein hawn. Ik bring se de 9de mei de moter nei de Ôfslútdyk. Dêr nimme wy Ôfskie en ride wy elts in kant út. Se hawwe my útnoege om mei de Krystdagen oer te kommen nei Newcastle upon Tyne mei myn beppesizzer Mischa.

251006Thruxton4a
Triumph Thruxton

Op 15 Oktober ryd ik nei de pier. It is dêr tige stil. Ik folgje de sédyk oan Zwarte Haan ta. Op 22 Oktober ha ik sels myn remfoerings ferfongen fan de Deauville ûnder tafersjoch fan Roel. Middeis hawwe wy de lêste sneintomiddei-rit fan MCV meiriden. Op 25 oktober ryd ik nei Annie yn Coevorden, om dy Triumph Thruxton fan tichtby te besjen, dy't troch de Conimexman restaureare is. Op 28 oktober ryd ik op 'e moter nei de reüny fan Origami-docenten.

Yn de ôfroune wyke is JanBMW weron kaam fan syn fekânsje yn Turkije. Hy hat my in Bikerstory stjoerd. Op 3 November haw ik de Ingelske fertaling online setten. Op 18 novimber ryd ik middeis noch efkes nei de pier. Dêr stiet in straf wyntsje, mar de sinne skynt. Ûnderweis kom ik mear moterriders tsjen en se groetsje my allegearre. Op 26 November komt de sinne troch. Yn 'e ôfroune wiken hawwe wy nochal hwat reinwetter sjoen. Ik ryd bygelyks nei it súden, sadat ik op 'e neimiddei gjin lêst haw fan é leechsteande sinne. Op 10 Desimber fiert Hendrik syn 23ste jierdei. Middeis lit ik de besite efkes oan de oaren oer en gean der efkes op út mei de motor. Mei in oerke bin ik werom. Op 19 Desimber fleane Mischa en ik nei Ingelân. Dêr fiere wy de Kryst en Âld en Nij. Wy komme op 4 Jannewaris werom.

Werom nei Index

© 2004-2007 Webdesign fan Betty Smit.