Fekânsje 2006 yn Great Brittanje.

teller2

Klik op een foto'tsje foar in fergreating.

uk01a

uk02a

uk03a

Sneon 29 Juli.
Goed healwei ienen teine wy ôf, ôfladen. Earst mar efkes tanke, hjir yn it doarp. It is 22 graden. Krekt foar Ljouwert begjint it te reinen. Dat duorret oant wy de stêd ferlitte. Net in drup wer sjoen. By it Monumint op de Ôfslútdyk hawwe wy pypskoft. Wy binne betiid op 'e pier fan IJmuiden en geanne earst mar om wat drinken. Dan dochs mar troch de douane. Roel ryd lykwols om de hiele stoet mei moters hinne en wy steane no hast foaroan. No kinne wy yn it skaad fan in frachtwein-oanhinger stean. Wy kinne no as tredde en fjirde moter op it skip. Dat betsjut wol, dat wy boppe stean moatte. Dus moarn moat earst it benedendek leech, eart wy risselwaasje meitsje kinne om fan it skip ôf te kommen. Wy ite in broadsje en geane om healwei njoggenen nei de film. Nei de film sjogge wy dochs noch efkes nei de show. It is krekt nei tolven as wy de koai opsykje.

uk04a

uk05a

uk06a

Snein 30 Juli.
Wy kinne noch ridlik flot fan it skip ôf en neidat wy troch de douane binne, sjoch ik Alex mei syn knalgiele Daytona stean. En wa sit dêr op? Syn soan Gordon. Ik haw amper tiid om myn moter del te setten, de moffen út te smiten en de helm ôf te dwaen, oft de lytse jonge had syn earms al om my hinne. Alex bringt ús nei syn hûs ta en dêr wurde wy ek al sa útbundig begroete troch June en Samantha. De hûnen kinne my ek noch skynt it, dy binne ek al bliid. Nei it middeismiel, nimt Alex ús mei nei Kielder Waters, in stuwmar. Prachtige omjouwing en de wei der hinne is noch moaier. De sawn susters. Giest oer ien fan dy susters te hurd, dan komst út it sadel wei. As wy werom binne, komt Mick ek noch efkes om syn nije Aprilia sjen te litten. Mick wurdt ek útnoege ta it jounsmiel en wy kinne it praet aardich geande hâlde. Alex freget ús oft wy de moandeitojounes ek mei wolle nei in konsert fan Jimmy Barnes. Dat soe bistjutte, dat wy noch in nachtsje by hun bliuwe moatte.

uk07a

uk08a

uk09a

Moandei 31 Juli.
De dei begjint mar skoan, mar it duorret net lang of't de loft berint. June stelt foar om mei de bêrn yn 'e auto nei de Milennium Bridge te gean. Derby is ek it Baltic Exhibition Centre. Wy binne der gau útsjoen en foar it middeis-iten ryde wy nei Westerhope, nei de Poachers Cottage. It hinget der fol mei Harley dingen. Tsjin healwei trijen kin Alex thús wêze fan syn wurk. Hy wol ús graag noch efkes meinimme op de moters, mar sadré hy it hûs ynkomt, begjint it ek to reinen. Dat moterriden kinnen wy wol ferjitte. Jouns geane wy nei it konsert en treffe noch twa fan Alex syn U-turn MCC-freonen. It wurdt let, want as wy werom komme, moatte wy noch efkes de foto's op 'e kompjoeter besjen fan hun reis fan ôfroune Maaie.

Tiisdei, 1 Augustus.
uk10a
Moffat

It waar liket wol knap op in pear spatsjes nei. Wy knoopje alle guod op 'e moters en ride via Haddon en Carlisle nei Moffat. Wy nimme de greate diken, om mar lekker op to sjitten. By de Informaasje yn Moffat freegje wy, oft der ek kampings yn 'e buert binne. Der is ien yn 'e stêd, has om 'e hoeke. Wy betelje foar 3 nachten foarút. Dan gau de tinte opsetten en it guod deryn. Omklaaie en ris efkes troch it doarp kuierje om te sjen hwer't wy ite kinne. Wy fine in Indies restaurant. Op 'e weromwei rinne wy efkes in winkel yn, foar wat boardskippen en nimme ek in flesse reade wyn mei om yn 'e tinte op te drinken.

uk13a
Leadfrij-Diesel

uk11a
Moffat-Selkirk

uk12a
MotherwellMCC

Woansdei, 2 Augustus.
Roel hat syn nocht fan it foarriden en ik sil in poging dwaen om te ferdwalen. Mei de GPS komme wy dochs wol wer to plak. As wy earst tanke, sjogge wy, dat de diesel hjir djoerder is as de leadfrije besine. Myn doel is om de wei fan Moffat nei Selkirk te nimmen. It is in "Single-track-road", mei "Passing-places". Fan Selkirk gean ik yn de rjochting fan Peebles. Ferline jier haw ik ek in de "Borders" riden en Roel is ferbaasd hoe moai it hjir wol net is. Ik prebearje om de stêd Glasgow te mijen, mar ik kom eltse kear wer yn'e buert. Dan freget Roel my om in plaknamme te neamen en mei de GPS en oer de "city-bypass" (de rounwei) fan Glasgow belanje wy yn Kilmarnock. As ik in syddyk sjoch ryd ik deryn. It plan is om joun de leden fan de Motherwell Motorcycle Club te moetsjen. It wurd tiid, dat wy die kant wat oer geane. Mei de GPS fyne wy de "Bullfrog", mar it is noch te betiid. Dan earst mar om wat iten. Underweis werom nei de "Bullfrog" giet myn kilometerteller oer de 40.000 hinne. Tsjin achten ferskine de earste leden en wy moatte mei nei it saaltsje. De barman wurdt derby roppen om in foto te meitsjen, want wy moatte der allegear op. By tsienen binne wy werom op 'e camping. Wy klaaie ús út en as wy yn 'e sliepsek lizze, nimme wy elts noch in kopke reade wyn en prate hwat nei.

uk14a

uk15a

uk16a

Tongersdei, 3 Augustus.
Hjoed Dumfries and Galloway. Fan 'e moarn al betiid wekker wurden, om't it sa ljocht wie en om't de fûgels sjonge dat it in lust is. Dat belooft in moaie dei to wurden. By Rockcliffe dogge wy in bakje út de termoskanne. Dy folje wy eltse moarn mei hyt wetter. Op it skiereilân foar Stranraer, by Kirkclom ite wy in broadsje yn 'e berm. Roel sil no wol efkes foarride en by Newton Stewart slacht hy linksôf yn 'e rjochting fan New Galloway. Dat is de "Queens road", in nasjonaal park. Krekt dy dykjes hwerfoar't wy no nei Skotlân ta kommen binne. Yn Balmaclellan dogge wy ús lêste bakje út de termosflesse. Dan belânje wy op de dyk tusken Stranraer en Dumfries en binne wy al gau wer op de camping. Dêr ferklaaie wy ús en geane op "souvenir-jacht". Yn it Hotel doch ik my tegoed oan Haggis, Neaps and Mash. In glês kalde Irn Bru derby. Wy begjinne al fêst wat guod yn to pakken. De wâsk is droech, dat it kin fuort wol yn myn syd-koffer, hoecht dat moarn net mear.

uk17a

uk18a

uk19a

Freed, 4 Augustus.
Nei juster hiene wy foar hjoed wol op moai waar hope, mar it komt oars. Krekt nei healwei seizen in bui, net to leauwen. Dan sa roun kertier foar sawnen begjint it te miezerjen. No moatte wy kreatief wêze om de boel droech op 'e moters te krijen. By Moffat geane wy fuortdaliks de "Motorway" op in 'e rjochting fan Glasgow. Dan by "Junction 13" geane wy derôf, rjochting Edinburgh. Dat is in A-dyk. Dêr meie wy 60 Mijlen yn't oere ride, dat is 96 kilometer yn't oere. Net yn de doarpkes fansels. Sûnder ús te ferriden belânje wy op 'e camping yn Edinburgh. Wy betankje CeesBMW foar dizze tip. De dyk hwer't de camping oan leit, leit parallel mei de "city-bypass", de rounwei fan 'e stêd. Dat wy kinne binnen de koartste kearen de stêd út wêze. Wy hawwe yn in sucht en in skeet de tinte stean en dan it guod fan 'e moters. Wy ferklaaie ús en dan geane wy mei de bus de stêd yn. Hielendal oan it einpunt ta, de Ocean Terminal. Inkelde reis = 1 Pound, in dei-ticket kostet 2,30 Pound. De Ocean Terminal is in paradys foar minsken dy't fan winkeljen hâlde. It is útferkeap, mar myn moter is al ôfladen, dat wy dogge allinne in bakje mei wat derby. Op 'e weromreis sitte wy boppe yn de "doubledecker", sa sjogge wy dochs noch wat fan 'e stêd. Ik haw respekt foar de chauffeurs hjirre, yn die chaos.

uk20a As wy oer de camping swalkje, sjogge wy in alde DAF truck stean. In âlde militaire brânwachtauto, ombout ta kampearbus. Mei Nederlânsk kenteken. Wy meitsje efkes in praatsje, mei de eigener. Dan ite wy yn it restaurant op de camping. Foar 1 Pound kinne wy in heal ûre op it Ynternet. Wy sjogge efkes yn de mailboxen, mar der is niks bysûnders. Ik skriuw efkes hwat yn Rudy syn Gasteboek. Ik sjoch nije wike wol hoe of't hy dêr op reagearret, as ik de kâns krij.

uk21a

uk22a

uk23a

Sneon 5 Augustus.
Truckfest Scotland yn Ingliston, by it fleanfjild fan Edinburgh. It binne net allinne trucks dy't wy besjen kinne. Der binne ek shows, under oaren monstertrucks en Jason Smyth dy't oer syn eigen truck springt mei syn moter. In protte to sjen en to besjen. Wy hawwe dan wol net folle kilometers makke, mar wat in moaie dei hawwe wy hawn. As wy werom komme, ferklaaie wy ús en geane nei it restaurant om wat to iten. Mar wy kinne net to plak. Alles is fol en miskien om healwei tsienen kinne wy pas dêr torjochte. Dan mar nei de campingwinkel. Wy fine wat blikjes mei hin en kerry en in blikje mei nije ierappels. Dat waarmje wy op en ite dat, as jounsmiel. Sa kin it ek. Wy hawwe Frânske buorlju, mei soan en dochter. Ik haw bewûndering foar al it spul dat se mei hawwe en dat op mar twa moters. Myn Frâns is net al te bêst mear, mar ik kin my fersteanbar meitsje en wy kinne wat mei mekoar prate.

Snein, 6 Augustus.
uk24a

De ôfroune nacht hat it aardich stoarme. Ik bin yn elts gefal trije kear wekker wurden fan in alarm. De hiele camping wie wekker behalve de eigener. Hjoed in route riden, via Peebles en Jedburgh. Doe kamen wy by Scott's view terjochte. Dêr binne wy efkes stean bleauwn. Wat in útsicht. Efkes wat foto's makke. Dan nei de Whisky-stokerij fan Glenkinchie. Dêr haw ik oan de 43% nipt. Op snein wurdt dêr net wurke, dat it wie maoi stil yn de stokerij. Dêrnei ride wy nei Portobello, mar Norrie en Gill binne net thús. Dan ride wy noch hwat fierder yn 'e omjouwing.

Ik sla de gekste dykjes yn en doch myn T-shirt alle ear oan (U-turn MCC). Wy belânje by in boer op it hiem, by in fabryk foar in tichte hikke en by in stiengroeve. Wy belânje dan yn Peebles en ite dêr in Hotel Crown. Om healwei njoggenen binne wy werom. De Kampwinkel is ticht, mar der is wol in Snack-karre op 'e camping, hwêr't wy fan moarns 7 oant jouns 11 terjochte kinne. Moarntemoanne dêr mar wat te iten helje.

uk25a

Moandei 7 Augustus.

uk26a

Hjoed stiet Perth op it program. Wy sille ris yn 'e glêsblazerij fan Caithness-glass sjen. Wy geane oer de Forth Road Bridge. Dat is in tolbrêge, mar net foar moters. It is in hiele belevenis om der oer te riden. Yn Perth hawwe se allinnen glêzen en "paperweights" te keap. Mar foardat wy dêr belanje, geane wy earst nei Stirling Castle. Dat is in moaie steilte omheech en wy steane yn 'e file. De rjochter foet mar op 'e rem en sa no en dan in stikje foarút. In goeie oefening. Wy geane mei in rounlieding mei.

Best wol interessant. Ek de arsjitektuur. Nei de rounlieding sjogge wy noch yn 'e keuken en nei it tafelsulver fan it 91ste regiment. Tsjin seizen steane wy by de Maharattabar yn Grangemouth. Se binnen slúten fanwege skilderwurk. Wy litte de moters dêr stean en rinne om 'e hoeke nei it Oxgang House Hotel om wat to iten. Tsjin sawnen binne wy werom by de Maharattabar en moetsje inkelde leden fan de Central Motorcycle Club.

uk27a

Tiisdei, 8 Augustus.
Fan 'e moarn alle guod ynpakt en opladen. Gau in broadsje by de snack-karre helle, mei in bak kofje derby. Dan hawwe wy sels gjin drokte. Binnentroch wolle wy nei Inverness ride. Ik mei hjoed wer foarop. Dat wy geane wer oer de Forth Road Bridge en dan stiet Braemar al op 'e buorden. Dat folgje ik dan ek mar om sa oer de Devil's Elbow to gean. Yn Guildtown tanke wy earst mar ôf. By Blairgowry begjint it to miezerjen en dogge wy de reinklean oan. By Bridge-of-Cally is it wer droech, mar wy ride gewoan troch. Sa heech yn 'e bergen binne dy reinklean wol lekker smûk. De Devil's Elbow is mar 12%, mar wol moai om to riden. By Glenshee Ski-centre ite wy hwat. It is myn doel om oer Tomintoul to gean, mar der steane buorden foar de dyk. Yn it foarbyriden sjoch ik dat se mei de dyk oan 'e gong binne en dat der wol in wachttiid wêze kin fan 20 minuten. Op it parkearterrein by Balmoral Castle keare wy werom en geane dochs de dyk nei Tomintoul yn. Hjir binne yn elts gefal hellingen fan 20%, dat liket der mear op. Ik haw de moter yn 'e fiifde versnelling en mei in gonkje fan 100 ryd ik by de helling op. Ris sjen hoe lang Truusje, myn moter dit folhâld. Mar as ik boppe bin en op 'e teller sjoch, dan blykt dat se gjin krimp joun hat en dat mei alle bepakking. der op.

uk28a Boppe op é berch steane de staken parmantig oan 'e kant fan 'e wei. As der snie leit, jouwe se de dyk oan foar de bulldozers, hwant de ski-pistes moatte wol berikber wêze. Dizze dyk stie noch altyd yn ús geheugen as de moaiste dyk fan Skotlân. De dei kin net mear stukken. Dan sjoch ik Netty Bridge op de buorden en ryd ik dy kant op. Wat kin it skele dat wy in eintsje omride As wy underweis efkes piipskoft hâlde, dan oerlizze wy, om dochs mar nei Aviemore to riden en dêr de A9 op to gean. It begjint al wat letter op 'e dei to wurden.

Op Layby 136 blieuw ik efkes stean om Marianne to skiljen, dat wy noch mar 30 Mijlen by harren wei binne. Yn Inverness moat ik efkes oan 'e drokte wenne, mar dan ryd ik ek sa nei hun hûs ta. Der is in waarm wolkom. Dy jounes nimme Ed en Marianne ús mei nei in Steakhouse to iten. Dêrnei drinke wy noch wat yn é Hootenanny.

Woansdei, 9 Augustus.

uk29a

Fan é moarn earst mar efkes mei Ed meiroun nei de Tesco, foar wat boadskippen. Dan ite wy it moarnsmiel mei syn fjouweren. Fan 'e moarn is it wat súterich, mar tsjin healwei tolven bislúte wy dochs mar in eintsje to riden. Efkes yn 'e Highlands sjen. Ik bin noch altyd neisgjirrich hwêr't dat dykje hinne rint, hwêr't ik ferline jier werom gien bin, om't der los grint op 'e dyk lei. No binne wy mei syn twaën. Ik ryd wer foarop. Wy slagge ôf yn é rjochting fan Blackfold. De earste 30 kilometer komme ús 2 auto's tomjitte en wy helje in swalker yn.

As ik links om gean, sjoch ik in foks op 'e dyk sitten. As wy tichterby komme springt er op en ferdwynt yn it beamkeguod. Dan sjoch ik yn 'e fjirte wetter. Hokker Loch soe it wêze? Dan begjinne wy oan 'e ôfdaling. Der liket gjin ein oan to kommen. Nei in lêste bocht stean ik foar in trochrinnende dyk, mei in boerd mei mar ien namme derop: Fort William. Ik moat gnize, wy steane foar Loch Ness. Wy hawwe in roundsje riden. Ik tink dat wy noch gjin 20 kilometer fan Inverness ôf sitte. Dan mar rjochts ôf nei Drumnadrochit. Dêr mar wer rjochts. Efkes bûten it stêdsje is in besinepomp. Earst mar ôftanke en dan geane wy wer de bergen yn. Op ús omswervingen komme wy lâns in wetterkrêftsintrale.

It bliuwt súterich en úteinliks komme wy wer út op de wei efter Drumnadrochit. Op de weromreis komme wy lâns dat antiekwinkeltsje/postkantoarke/kofjehûske, hwer't wy Ed 2 jier ferlyn moette hawwe. Wy geane der efkes oan, efkes sjen oft it noch itselde is. Mar der is gâns feroare. De greate tafels hawwe plak makke foar lytsere en jo kinne der no ek ite. As wy werom komme yn Inverness, skynt de sinne. As ik dy jounes op it Ynternet gean, dan sjoch ik dat ik hjoed myn 25.000ste besiker op myn Ynternetside hawn haw.

uk30a

Tongersdei, 10 Augustus.
Fan 'e moarn betiid hear ik de buorman syn container by de dyk setten. Dat bistjut, dat ús moters út de stege moatte, sadat de containers fan Ed en Marianne en fan de efterbuorman der ek hinne kinne. Doe hawwe wy noch wachte, oant de lêste Bed & Brochje-gasten fuort wiene, eart wy op 'moters stappe. Dat is dan al nei âlven.

uk31a

Wy krigen de tip om ris by de "Falls of Shin" to sjen. Dêr springe Salmen by de wetterfal omheech. Dat wy binne de stêd útriden en dan de A9 op, yn noardelike rjochting. Foar Evanton der ôf, de B817 op. Krekt foar Alness linksôf, de B9176 op. Krekt foar Bonar Bridge komme wy lâns in "viewpoint". Dêr bliuwe wy efkes stean foar in peukje en wat foto's. Echt in moai útsicht. Ik doch myn eardoppen wer yn en set myn helm op, mar ferjit om de rits fan de tanktas wer ticht to dwaen. Wy ride noch mar krekt, oft it blêdsje mei onatekenings waait fuort.

Mei wat gelok derby komme wy dochs by de Falls of Shin. De salm-tiid is hast oer, mar wy hawwe ien salm springen sjoen. Dan giet de trip fierder nei Ullapool, oer de toeristische route. De A839 giet oer yn de A837 en is in single-track-road. Sa no en dan hawwe wy te meitsjen mei in miezerke. Yn Ullapool tanke wy wer en geane dan oer de A835 wer rjochting Inverness. Underweis noch by in snaclbar oan, foar in hapke. Dat hiene wy noch net hawn. Marianne moat joun werke, dat wy sille Ed mei út iten nimme. Hy mei kieze, hy is hjir better bekend. Hy kiest foar in chinees buffet by Jimmy Chung yn Unionstreet.

uk32a

uk33a

uk34a

uk35a

Freed, 11 Augustus.
Pas tsjin healwei âlven ride wy yn é rjochting fan John o'Groats. Wy tanke underweis yn Wick. Der sitte in pear ferassende hellingen en bochten yn 'e wei. Yn Portgower moatte wy yn 'e remmen. De wei is oer de hiele breedte beset troch in kudde skiep. Gauw de kamera en wat foto's meitsje. Op John o'Groats meitsje wy ek wat foto's en sneupe wat yn 'e winkeltsjes om. Wy fine noch in pear oantinkens. Dan wurd it tiid foar de weromreis. Wy hawwe belooft om 6 ure thús to wêzen, foar it jounsiten, want nei it iten moat Marianne wer oan it wurk. It iten is klear. Wy krije in "Bambiburger", hertegehak mei nije ierappels en poeltsjes.

uk36a

uk37a

uk38a

uk39a

Sneon, 12 Augustus.

uk40a

Earst om healwei tolven sitte wy op 'e moter. Wy hawwe earst de foto's op in "memory-stick" setten, hwant beide kaartsjes fan de kamera wiene al fol. No kinne wy mar wer raak foto's meitsje. Wy nimme de B862 yn de rjochting fan Fort Augustus. Dizze dyk leit oan é east kant fan Loch Ness. Underweis stekt in jong hert de dyk foar my oer. Yn Fort Augustus dogge wy in bakje en dan geane wy werom oer de B861, dy dyk leit noch tichter tsjin Loch Ness oan. Ik hie it net slim foun as wy deselde dyk werom nommen hiene, it is hjir hiel moai. Seker no dat de heide begjint te bloeien, eltse dei wurdt it pears feller.

uk41a

uk42a

uk43a

uk44a

uk45a

uk46a

uk47a

uk48a

uk49a

Op de weromreis sjoch ik in buordsje mei "Killin" stean. Dat blykt "Killin Lodge" to wêzen, hwant it doarp Killin leit folle súdliker. Dochs geane wy dy dea-rinnende dyk yn. Wat in moaie vallei fine wy dêr. Earst oer de berg en dan nei ûnderen, oer in brêge en dêr is in mar, omjown troch bergen. It is der sa stil en fredich. Roel ryd noch efkes fierder oer in dyk ferjoun mei gatten. Der steane noch in stikmannich hûskes op it ein. Ik bliuw by de brêge, nim wat foto's en genietsje fan 'e stilte. Yn é fjirte steane in pear tintsjes. Fiskers of swalkers, tink ik. Wy moatte dy 4 Mijlen wer werom ride en dan geane wy wer fierder op de trochgeande dyk. Underweis sjoch ik it boerd mei: Falls of Foyers. Mar efkes fan 'e moters ôf en in foto meitsje fan dy wetterfal.

Snein, 13 Augustus.

uk51a

Wy ferlitte Inverness. Wy sitte fuort fêst yn it ferkear, mar Miep wyt in omwei. Wy geane oer de A86 rjochting Fort Augustus, dizze kear oan 'e westkant fan Loch Ness. It binne allegearre caravans en plastic-kastelen-op-tsjellen. De kronkelwei lient him der net foar om yn to heljen, mar as it kin, dan kinne wy ek aardich opsjitte. Wy ride it parkearplak foar bussen by Urqueheart Castle op om in foto to meitsjen en geane dan ek fuortdaliks wer fuot. Se sitte noch altyd yn 'e ferbouwing.

uk52a
Glen Coe

uk53a
Glen Coe

uk54a
Glen Coe

Fort Augustus, Invermoriston, Fort William-monument, Speanbridge. Dan fierder troch Glen Coe. Op in Layby bliuwe wy stean om foto's to meitsjen. Dy bergen binne ek sa imposant, der moatte wy in pear plaatsjes fan hawwe. Underweis binne se noch altyd mei de dyk oan 'e gong. Krekt lyk as ferline jier. Dus opûnthâld by in ferkearsljocht. It is snein en moai waar, dat it binne allegear moterriders. Ik haw op ien dei noch noait sa folle ferskillende manieren fan groetsjen sjoen.

uk55a
Tyndrum

uk56a
Inveraray-Luss

uk57a
Lagganbeg

Dan ride wy troch nei Tyndrum, nei de Green Welly Shop. Wy sette de moters op it spesjale parkearplak foar moters. It is der drok. As ik de boel op slot dien haw, doch ik de jas los en dan hear ik ynienen: Feanwâlden? Ik haw de trui oan fan 'e moterklup. In moterrydster út in doarp by ús út 'e buert. Yn it restaurant drinke wy mei syn fjouweren kofje. John Christie stiet net yn 'e whisky-hoeke, dat muoit me, hwant ik hie him graeg efkes dag sein. Dan sette wy wer ôf yn 'e rjochting fan Oban, hwant wy hoopje in camping to finen yn 'e buert fan Inveraray. By de ynformaasje fertelle se ús dat der gjin plak is. Op hun oanwizings geane wy nei Luss by Loch Lomond. Dy is ek al fol, mar oan 'e oare kant fan it Loch skynt noch plak to wêzen. Tusken Balloch en Drymen yn stiet in buordsje mei "Camping" der op. Sa komme wy op campig Lagganbeg. Foar 12 pound kinne wy wol in nacht bliuwe. Mar wy moatte wol werom nei Balloch foar ús jounsmiel. De buert-super is ek noch iepen en dus dogge wy ynkeapen. Hwat broadsjes, ham en tsiis foar ús moarnsmiel. Wy hawwe hjoed skitterend waar troffen. Dizze joun rinne wy efter de camping del nei it Loch. Dêr binne wy krekt op tiid om de sinne undergean to sjen, oan é oare kant.

uk58a
Balloch

uk59a
 

uk60a
Loch Lomond

Moandei, 14 Augustus.
Acht oere moarns, tiid foar ús moarnsritueel, fan oanklaie en kofje sette. Wy ite de broadsjes. Om tsien oere hawwe wy alles wer op de moters laden en geanne wy op en paad. Earst yn de rjochting fan Stirling en dan komme wy op in single-track-road. Bin ik net sa bliid mei sa ier op 'e moarn, mar "Miep" (de GPS) hat it hjoed foar it sizzen. Dan komme wy op in noch smellere wei. Dat kin noch in lange dei wurde, mar dan steane wy ek al ridlik gau foar de trochgeande dyk nei Glasgow. Se bringt ús moai yn de rige foar de Clyde-tunnel, mar hja betinkt har en stjoert ús troch de stêd. By elts ferkearsljocht moatte wy wachtsje. Jouwt ús wol de kâns om hwat fan 'e stêd to sjen fansels. Dan komme wy op de city-bypass, de rounwei en is it noch ûngefear 100 mijlen nei Carlisle. Fan dêr ôf stome wy troch nei Penrith en dan yn de rjochting fan Kendal. Sa healwei slagge wy ôf nei Burnside, ride troch it doarpke en dan binne wy ek al hast op de camping "Windemere". As de tinte stiet en alles ôfladen is, ride wy nei Windemere, om wat iten yn to slaen foar ús moarnsmiel. Wy ite ús jounsmiel op 'e camping, wol sa makkelik.

Tiisdei, 15 Augustus.

uk61a

Fan 'e moarn let fan't bed ôf, earst mar broadsjes en kofje. Earst om healwei tolven sitte wy op 'e moter. It belooft net it moaiste waar to wurden, dat wy wolle mar nei it "Pencil-museum" ta gean. Dat is it ienichste museum hielendal wijd oan it (kleur)poatlead. Wy ride yn 'e rjochting fan Windemere, mar by Ings is it fuort raak. Der steane kamera's en dus past eltsenien him oan. Dat bliuwt sukkeljen troch Windemere, Ambleside tot foarby Grasmere. Men mei 96 km/oere, mar wy ride heechút 50.

uk62a

uk63a

uk64a

De lokale befolking sil no dochs wol oan it wurk wêze, dat dit moatte hast wol allegear toeristen wêze. Fan 'e oare kant is it hast allike drok, dat ynheljen kinne wy wol ferjitte, lit stean alle hellingen en bochten. Ûnderweis hawwe wy in myn-museum sjoen en dus sjogge wy yn de folders as wy útsjoen binne by it poatleaden-museum. Wy sette it adres yn "Miep" en dy bringt ús nei de lei-myn fan Honister. Om trije oere kinne wy mei de rounlieding mei. Earst om 5 oere binne wy werom yn de gebouwen. It wie best wol ynteressant om troch in myngong to rinnen. Dan oer moaie kronkelige wegen ryde wy werom nei de camping. Ik woe beslist troch de Honister-pas, mar Miep is it der net mei iens. Moat se mar in nije route berekkenje hear. Wy hawwe der yn elts gefal gjin spyt fan. As wy op 'e camping oankomme, wurde wy oansprutsen troch ús buorlju, ek moterriders. Brian en Nick. Nei it jounsmiel freechje se oft wy by hun yn 'e pub sitte wolle. Wy bliuwe oant slútingstiid.

Woansdei, 16 Augustus.

uk65a

Fan 'e moarn fanôf de camping fuort de A591 opriden en fuort de 100 km/oere derfoar. By Ings is it fuort wer raak. Oant wy foarby Grasmere binne. Dat binne sa ûngefear 10 kilometer as in slak foarút komme. Dan geane wy de bergen yn en om kertier foar tsienen steane wy foar de erste helling fan 25%. Foar âlven hawwe wy de Wrynose- en de Hardknot-pass al hawn. De earste is 25%, de twadde is 30%, mei hierspjeldebochten en 1310 feet heech. De rest fan 'e dei kin alles allinne mar makkelik wêze.

uk66a

uk67a

uk68a

By Broughton rook ik earst in peukje en dan ride wy nei Coniston om ús middeisiten. As wy de route fierder ride wolle, dan ryd Roel al fuort, hwant dy hat de roete yn de GPS, dan fielt it krekt oft myn foartsjil los sit. Hurd kin ik net ride en mei opset sin bliuw ik efter. Roel sil it dan wol yn 'e gaten krije en minder hurd riden gean of stean bliuwe. Yn de bochten glydzje ik fuort as ik to hurd ryd.

uk69a

uk70a

Ik kom dochs njonken Roel to riden en ik rop nei him, wylst ik him foarby ryd, dat wy earne stean bliuwe moatte. Op dizze dyk is gjin plak. As ik foar Roel ryd sjocht hy al hwat der mis is, oan 'e wankjes op myn efterbân. Yn Grasmere is in great parkearplak. Ik ryd him op, mar der is hielendal gjin plak, allinne op de giele streken. Dêr meist net stean (120Pound boete), mar need brekt wet, sille wy mar sizze. Togearre sette wy de moter op de middenbok. Dan sjogge wy de skea dy't ik mei myn efterrem feroarsake haw. It canvas komt der troch hinne.

uk81a

uk71a

uk72a

Wy skilje de ANWB-alarmsintrale en dy warskôgje de AA-service. Binnen it kertier stiet Malcolm foar ús noas. Hy sjocht ek hwat wy sjoen hawwe en wy sykje mei in spuitbus it lekje noch efkes op út nijsgjirrigheit. Hy kin it net mear reparearje. Hy skillet nei ferskeidene motersaken ta foar in bân. Pas by de fjirde hat er gelok. Hy sil in "recovery-truck" regelje. Dêrmei moatte wy wol hielendal nei Whitehaven, 40 mijlen fierderop. Wy wachtsje 2 oeren yn 'e barnende sinne. Ik hie sa graach dy rit útride wollen, dy't wy fan CeesBMW krigen hawwe. Mar it rint oars. Dan stap ik by Bill Smith yn syn recovery truck en dan kin ik om my hinne sjen en genietsje fan it lânskip. Ûnderweis fertelt Bill hwat der allegear to sjen is. Krekt nei Keswick skillet hy nei de motersaak fan Dave Milling. Gewoanwei docht Dave om 5 oere de doarren ticht, mar no bliuwt er op 'e saak op ús wachtsjen. Myn moter kin fannacht dochs binnen stean. Moarn om âlve oere stiet se wol wer klear. Dat no moat ik by Roel efterop, werom nei de camping.

Tongersdei, 17 Augustus.
Ik haw de wekker fan myn mobieltsje setten om 8 oere. Dat ding stiet noch op de Nederlanske tiid, dat om sawn oere binne wy al wekker. Wy hiene it plan om hjoed nei New Castle to gean en om tolve oere moat ús plakje frij wêze, dat redde wy net. Roel giet moarns earst nei de resepsje ta om it ien en oare út to lizzen. De campingbaas hie al sjoen dat wy mar op ien moter werom kaam wiene, dy hat alle begrip. Wy kinnen alle tiid nimme. Wy pakke alles sa fier yn as mooglik is en litte alles yn 'e tinte lizze. As wy werom komme moat allinne de tinte noch plat. Dat dêr geane wy, ik wer by Roel efterop, op nei Whitehaven. De Deauville stiet al klear en 89 kilometer letter steane wy al wer op 'e camping en lade wy de boel op. Noch efkes hwat drinke, even nei it húske en dan om in oere as ien, giet it op nei New Castle. Ik haw al in berichtsje stjoert, dat wy der om ûngefear fjouwer oere oankomme, dan hoege wy ús net to haasten. It adres wurd yn Miep setten en sy sil ús dêr wol bringe. Ferdomt as it net wier is, se stjoert ús fuort wer in single-track-road op. Dan folget in smel dykje, sa ien hawwe wy noch net hawn. Dêr past echt allinne in auto op. Lokkig is der gjin tsjin-ferkear. Nei in protte stijgen en dalen komme wy op in gewoane B-wei út. Dat ryd al hwat flotter.

uk73a

Wy geane oer Alston Moor. Op it heechste punt bliuwt Roel efkes stean en wy meitsje hwat foto's en myn nicotine-peil wurdt wer efkes bywerkt. Ik doch it foarstel om de reinoveralls mar oan to lûken, hwant de earste spatsjes falle al op myn topkoffer. Dan begjinne wy oan 'e ôfdaling, yn 'e rein en letter wer omheech. Dêr sitte dochs in pear ferassende hierspjeldebochten yn, dy't net oanjoun steane. Dan komme wy oer de lêste berg hinne en is it wer droech. Dan belânje wy op de A69 en binne wy der hast. Miep hat wer goed wurk levere.

As ik de doarbelle yndrukt haw, dan docht Gordon iepen. Oan syn lûd kin June al hearre dat wy der wer binne. Wy sette de moters yn de carport en goaie alles der ôf. Hwat wy brûke moatte nimme wy allinne mei nei binnen. De lêste kear hawwe wy belooft mei to gean nei it swimbad as wy werom kamen en dat dogge wy dan ek. Dan folget noch in noflike joun.

uk82a

Freed, 18 Augustus.

uk83a

Beppe wurdt hjoed 103! It waar liket der net op. It foarstel wurd dien om nei it Discovery Museum to gean mei de bêrn. As wy der binne krijt Alex tillefoan, dat hy moat fuort oan it wurk. June bringt him fuort en wy bliuwe mei de bern. Dy jounes geane wy nei it metro-centre en ite by Wetherspoons. Alex en ik bliuwe noch neipraten, as de oaren al op ien ear lizze.

Sneon, 19 Augustus.

uk74a

uk75a

uk76a

Alex moat fan 'e moarn earst noch in pear oeren wurkje, mar tsjin tsienen tinkt er dochs thús to wêzen. Dêr is ien strjitte yn New Castle, hwer't alle motersaken binne en dêr ride wy hinne. Wy sette Gordon yn 'e moterklean. Dan ride wy noch efkes nei de "outer beach" en dêr komme Mick en John ek noch efkes ús begroetsjen. As wy werom komme hat June it iten klear. Dan moatte wy ek noch rap it guod op 'e moters bine en nei de ferry. Samantha giet no by Alex efterop en Gordon giet mei June yn 'e auto, om ús út te wuiven. Mick komt ek noch om ôfskied to nimmen. Wy kinne hast fuort troch de douane, dat it is in koart, mar hiel emoasjoneel ôfskied.

uk77a

uk78a

uk79a

Snein, 20 Augustus.
Om sawn oere wurd ik wekker fan de PA fan de King of Scandinavia. Efkes ôfspiele, oanklaaie en dan om ús moarnsbrochje. As ik nei it iten op it dek stean, te genietsjen fan myn earste peukje, brekt it ûnwaar los. Wy wite fuortdaliks, dat wy mar better de reinoveralls oan dwaen kinne, foar dat wy fan it skip geanne. Krekt bûten de haven, sjogge wy blaue swaailjochten. It blykt dat de krüsing blank stiet. Tusken Velzen en Alkmaar krije wy dochs in bui foar de kiezzen, mar wy ride gewoan troch. By Wieringerwerf ryd ik Roel foarby, hwant it giet krekt net hurd genôch. Myn visier beslacht hieltyd en as ik in bytsje hurder ryd, dan haw ik dêr gjin lêst fan. Boppedat blaze fuort ek de reindruppen fan myn visier ôf. Dat sadwaande binne wy al om kertier foar tolven thús. Ik stjoer in sms-ke nei New Castle dat wy goed oankommen binne. Efkes hwat ite en dan oan 'e slach mei de foto's. Dy moatte fan 'e USB-stick, út de kamera en út de tillefoans komme. Ik kom krekt oer de 400 foto's. No noch in seleksje meitsje en dan oan 'e slach mei myn ferhaal.
Út en thús 4479 km.

© 2005 Webdesign by Betty Smit.

teller3