Fekânsje 2007 nei de Jura yn Frankryk.

Klik op in foto foar de fergrutting.

Op freed 20 Juli ryde wy moarns om 9 ûre fuort nei it súden. Wy sykje de sinne op. De jounes tefoaren hawwe wy alles al op 'e moters knope, dat nei ús moarnsmiel en in pear bakjes fan Douwe kinnen wy sa fuort. De sinne skynt, mar der stiet in straf wyntsje. Wy ride troch de polders, oer Utert, Eindhoven en Maastricht. As wy krekt oer de Belgyske grins binne, begjint it to miezerjen. As wy krekt troch Luik hinne binne moatte wy dochs tanke en dan skûlje wy gelyk ek foar it ûnwaar. As wy letter fierder nei it súden ride, klearet it aerdich op.

20070720-27France 034a

20070720-27France 035a

20070720-27France 036a

20070720-27France 037a

Krekt oer de Frânske grins, yn it plakje Montmédy forgje wy de buordsjes mei it wurd "camping" derop. It is net in al to greate camping en wy kinne mar fêst plak sykje, jouns of moarns komt der wol ien lâns. Op camping "la Citadelle"binne se ek wol skappelik yn é priis, it taryf: 1 auto, (2 moters), 1 tinte en 2 persoanen, mar €8 per nacht.

20070720-27France 039a

20070720-27France 040a

20070720-27France 041a

20070720-27France 042a

Wy ite yn de Pizzeria yn it doarpke. Der is hjir gjin tried rjocht, sa steil binne de dykjes. Jouns rinne wy dochs noch efkes nei de "Citadel", in doarpke heech op 'e berch, hwer't in dikke muorre omhinne sit. Der wenje hjir yndie minsken yn dy hûskes, tusken ferfallen wentsjes. De tsjerke is alhiel restaurearre wurden. Ien fan 'e gebouwen docht my tinken oan in oarlochsfilm. It soe in moaie lokaasje film-wêze.

20070720-27France 044a

20070720-27France 046a

20070720-27France 047a

20070720-27France 049a

20070720-27France 051a

20070720-27France 052a

20070720-27France 053a

20070720-27France 054a

It is 25 graden en best noflik noch efkes roun to rinnen. Sa tsjin 10 ûre sykje wy de sliepsek op, moarn de oare helte fan ús reis nei de Jura. Wy hawwe der hjoed 543 km op sitten.

Op sneon 21 Juli is it moarns earst mar tige mistich, mar al gau komt de sinne derby en is ús tintsje sa droech. Tsjin healwei njoggenen sitte wy al wer op 'e moters mei alle bepakking der hwer op. Wy folgje de bekinde "Route du Soleil". As wy tanke moatte, dan binne it allegearre Nederlânske kentekens by de pomp. Allegearre mei of sûnder sleurhutte of mei in camper.

20070720-27France 057a

20070720-27France 058a

20070720-27France 059a

20070720-27France 060a

Wy bislúte mar in oare route to kiezen en geane fierder oer de N57, dy't parrallel rint mei de Route du Soleil. It is fan 'e moarn mar 17 graden en it is best noflik om te riden. Sa'n 60 km foar Besançon begjint it hwat to miezerjen. Wy wurde net wiet, hwant wy ride ús wol droech, mar as wy efkes in pauze hâlde, dogge wy dochs de reinklean mar oan. En fansels wurdt it no droech en skynt de sinne. Sa ride wy it Parc Naturel Régional du Haute Jura yn.

20070720-27France 061a

20070720-27France 062a

20070720-27France 063a

20070720-27France 067a

Tsjin fjouwer ûre ride wy de camping Jurabik by Choux op en Jeannot stiet fuort daliks klear om ús hwat to drinken oan te bieden fan it hûs. Efkes byprate, dan lit er sjen hwer't wy alles fine kinne. Dan de boel mar fan 'e moters ôf helje en de tinte opsette. Yn ien fan 'e bygebouwtsjes stiet in gasstel en in kuolkast foar de gasten. Der binne mar 2 oare gasten, Jaques en Caty út Parys. Dy jounes kinne wy wol op 'e camping mei-ite en mei syn njoggenen sitte wy yn it saaltsje oan tafel.

Op snein 22 Juli binne wy om 8 ûre al hwer út de tinte. Wy kinne foar in sacht pryske op 'e camping it moarnsmiel brûke, dat dan hawwe wy net eltse dei dat gesleep mei boardskippen. Wy soene it hjoed rêstich oan dwaen, mar wy geane bochtsjes oanfallen. Ik mei foarop en as wy ús nocht ha, dan bringt Roel ús wol hwer mei de GPS werom op 'e camping.

20070720-27France 069a

20070720-27France 070a

20070720-27France 072a

20070720-27France 073a

Ik sykje de berch-dykjes op fansels, mar it greatste probleem is, dat dy dykjes nei it lêste doarpke allegearre einigje yn in bak mei grint. Dat wy keare eltse kear werom en geane deselde dyk hwer werom. Dat dogge wy, oant Roel my wyt to oertsjoegjen, dat oan 'e oare kant fan 'e berch de dyk wol wer yn asfalt feroaret. Ik haw in ferrekte hekel oan grint, mar ik lûk de stoute skuon oan en skop de moter yn 'e earste fersnelling en lit rêstich de koppeling komme. Dan begjin ik oan 'e klim by de berch op en letter der ek wer by del. Ik tink dat ik op syn minst een 2 kilometer troch dizze grintbak ryd, mei it swit dik op 'e foarholle en noch mear yn myn moffen. Mar ik kom der goed troch hinne en dan stean ik hwer op it asfalt. Ik lûk fuort koppeling en rem oan, set de moter yn syn frij, skop de jiffy út en stap ôf. Sa nou earst in sigret, dêr bin ik wol oan ta.

20070720-27France 074a

20070720-27France 076a

20070720-27France 077a

20070720-27France 079a

Dat oerkomt my fansels net wer en om dêr seker fan to wêzen folgje ik de "merenroute" en sadwaande komme wy ek by it útsichspunt fan de stuwdaam van Vouglans torjochte. Dy jounes binne der gasten op 'e camping dy't gebrûk meitsje fan ien fan 'e tipi's en de barbecue wurdt opstookt foar de hamburgers.

20070720-27France 081a

20070720-27France 082a

20070720-27France 085a

20070720-27France 086a

Op moandei 23 Juli is it wat wynderich, mar it is droech. Wy binne hjoed fan plan om ris yn Genève to sjen en fansels de mar dy't der by leit. Wy ride oer Viry yn 'e rjochting fan St. Claude. Hwat in moaie dykjes mei hjir en dêr in hierspjeldebocht. Fanôf St. Claude geane wy ek hwer troch en oer de bergen rjochting Genève. Ûnderweis sjogge wy de moaiste rotsformaasjes. Ik bliuw stean om dochs mar hwat foto's to meitsjen.

20070720-27France 087a

20070720-27France 088a

20070720-27France 089a

20070720-27France 090a

Roel merkt fansels as ik net mear efter him ryd. Ik wol de kâns net rinne en dat ik letter der spyt fan krij dat ik net efkes in pear plaatsjes makke haw. As wy to tanken geane yn Gex, steane dêr 2 moters. Ien mei it kinteken fan Great Britannië en de oare fan Amearika. It Amerikaanske stel is foar 2 moanne yn Europa op hun eigen moter. Hja hawwe problemen mei hun GPS en steane oer in laptop yn de topkoffer. Se freegje Roel om ried as se sjogge dat hy in GPS fan itselde merk hat. Dan ryde wy fierder. By de Grins nei Switserlân steane de douane-hokjes noch. Wy ride sa'n 30 kilometer by de mar del en hâlde dan in pauze op in dykje oan 'e kant fan de mar.

20070720-27France 091a

20070720-27France 093a

20070720-27France 094a

20070720-27France 095a

20070720-27France 097a

20070720-27France 098a

20070720-27France 100a

20070720-27France 103a

Werom yn 'e stêd, moat dy greate fontein wol efkes op 'e foto fansles. Yn Genève ryde in ôfgryslik protte scooterkes, net allinne jeugd, mar ek beppes en manlju yn trije-delig pak. Se fleane links en rjochts om ús hinne. Wy besykje in oare wei werom to finen, dan as wy kaam binne, mar komme foar in privé-dyk to stean, dat dan mar de dyk del dy't wy kaam binne. Wy hawwe sin oan hwat en ite yn Mijoux. De earste spatsjes begjinne to fallen en yn reinpak komme wy tsjin fjouweren werom op 'e camping. Der wurdt ûnwaar forwachte. Wy skilje nei hûs, nei ús jonges, oft hja efkes op het Ynternet sjen kinne hokker waar wy de kommende dagen forwachtsje kinne. As it sa bliuwt, dan geane wy nei hûs ta. Hjir is neat oan. Mei in bislein visier ryde op 'e greate dyk is al ynspannend, lit stean op dy smelle dykjes mei hun gefaarlike bermen.

20070720-27France 136a

Dy bermen binne mar in 30 cm breed en dan sjochst lyk yn 'e ôfgroun. It boerd "Bords dangereux" bitsjut dan ek safolle fan de eagen op it asfalt hâlde, hwant hwer't men sjocht dêr giet de moter ek hinne en dy bermen binne wier de muoite fan it besjen net wurdich. Mar goed, it waar sil better wurde en dus bliuwe wy hjir. Jaques en Caty binne fuort gien, die hiene gjin sin yn dit waar. Dat wy binne no de ienichste gasten op 'e camping. Ik fyn it mar hwat noflik, dy rêst.

Op tiisdei 24 Juli hâlde wy dan in rêstdei. Moarns wurd ik bedoarn troch Jeannot. Hy makket fan myn brochje in "gratin", tsiis út dy streek efkes yn de magnetron, smolten tsiis op myn stokbôle. Dat giet der wol yn. It is fan 'e moarn noch hûnewaar, dat ik beslút myn hier mar to waskjen. Tsjin 'e middei is it droech, sawol myn hier as it waar. Dat ik beslút nei it doarpke ta to rinnen en hwat foto's to meitsjen. Roel fermakket him wol yn it keukentsje.

20070720-27France 001a

20070720-27France 004a

20070720-27France 009a

20070720-27France 010a

20070720-27France 011a

20070720-27France 012a

20070720-27France 014a

20070720-27France 015a

20070720-27France 019a

20070720-27France 022a

Op de weromreis út it doarpke begjint it to eazjen. Wol de moterjas oan, mar niks foar oer de holle, dat myn hier wer wiet. Letter op 'e middei wurdt it better mei it waar en Roel sil syn koplampen efkes omwikselje. Hy hat gjin dimljocht mear. Mar de oare lampe blykt ek stikken en wy moatte nije helje yn Dortan. Hinne en werom mar 37 km, mar moaie dykjes, dat ik gean mei. Roel ryd de hinnereis foarop mei syn GPS, troch Choux, Viry, Arbent en Point B nei Dortan. As wy yn Dortan steane, begjint it wer to reinen. Dat earst de reinklean mar wer oan foardat wy werom geane. De tredde kear dizze dei dat myn hier wiet wurdt.

Op de weromreis mei ik foarop ride sunder GPS. By de ôfslag nei Choux wit ik dat ik no rjocht troch kin en ryd ek sa by in fabrykje it terrein op. Ik hie hwat links oanhâlde moaten. Foar ús op de dyk rint it wetter yn streamkes nei beneden, dat de snelhiet hwat oanpasse is net forkeard. Mei 50 km/ure giet it al hurd genôch. Mar wy komme feilich werom op de basis. Nei it iten geane wy noch efkes to kuierjen yn de omjouwing.

20070720-27France 023a

20070720-27France 028a

20070720-27France 029a

20070720-27France 031a

Beide tanktassen binne wiet wurden en al gau brekt it sintsje troch en hat ek noch wol hwat macht. Dat alles wurdt yn 'e sinne droege en ik gean der mar neist lizzen. Dy wite skonken fan my hawwe yn skoften gjin sinne sjoen. As it in bytsje knap waar wie, dan stuts ik se yn 'e learen broek.

20070720-27France 105a

20070720-27France 108a

20070720-27France 109a

20070720-27France 111a

Op woansdei 25 Juli ryde wy nei ús moarnsbrochje fuortdaliks fuort nei de grotten fan Baum les Messieurs. Dy binne it besjen wol wurdich. Se lizze yn in dearinnende vallei. Dêrnei woll wy de wynroute ryde. Yn Poligny tanke wy. Mar as jo troch ien wyn-fjild riden binne, dan hawwe jo de rest ek sjoen liket ús. Op de weromreis is der greate plysje-kontrôle en wy moatte ek oan 'e kant. Nei dat se ús ryd- en kentekenbewys sjoen hawwe, meije wy trochride. Wy geane no fierder binnentroch om wer op de camping to kommen.

20070720-27France 112a

20070720-27France 113a

20070720-27France 115a

20070720-27France 116a

20070720-27France 117a

20070720-27France 119a

20070720-27France 120a

20070720-27France 122a

Ik haw in berichtsje fan Genu en Dana krigen op myn mobieltsje. Se komme joun yn Choux. Efkes fertelle hwat der oan foarôf gie:

Op woansdei 18 juli krij ik fan Genu en Dana út Roemenië in mailtsje, dat se freed foar 2 wiken op fekânsje geane nei Frankryk. Das tafallich, wy geane freed ek nei Frankryk en dus mail ik hun dat en dat wy op in camping yn 'e buert fan Genève stean. No wol it tafal dat hun fleantúg dêr lannet en dat hja dêr ek yn 'e buert ferbliuwe sille. Hy freget om de gegevens fan de camping en ik stjoer hun de link fan camping Jurabik. Yn it folgjende mailtsje wurde mobiele tillefoan-nûmers útwiksele, dan kinne wy mekoar altyd in berichtsje stjoere. Se wite dat wy oerdeis der op út binne mei de moters en dat wy jouns wol op 'e camping binne.

20070720-27France 123a

Tsjin 8 ure komme se oan by it ienichste restaurantsje yn Choux en wy hawwe it tige by tige sa lang as se der binne. Dan ite Roel en ik yn datselde restaurantsje en wy litte ús de specialiteit fan it hûs oansmarre. Ko-fleis mei smolten tsiis, dan in "mignon", in soart fan tsiis-pankoek der by, mei sla. Wy hawwe der in fleske reade wyn by. In slagge dei, interessant doel, moai waar, leuke route, seker op de weromreis oer Vulvoz en in slagge moeting mei Genu en Dana.

Op tongersdei 26 Juli wolle wy noch efkes nei it súden ride. Dêr binne wy noch net west. Dochs wol wer in protte berch-dykjes. Boppe op é berch mei útsicht oer de mar van Nantua skilje ik de jonges thús efkes.

20070720-27France 126a

20070720-27France 127a

20070720-27France 128a

20070720-27France 129a

Thús is alles poerbêst, dat wy stappe mar wer ris op. Nei hiel wat omswervingen en noch in omlieding ek, oer krekt oanleine wegen mei los fyn grint der op, belâne wy úteinlik op it plattelân. In pear provinciale wegen binne no tige wolkom. Hjir wurde de hierspjeldebochten tominsten ek goed oanjoun. Tsjin de middei komt Roel mei it foarstel om to iten by in MacD. Dat liket my in tige goed plan ta. Deselde dy't it tichtste by is, is 69 km fierderop. Dêr komt dan underweis noch in omlieding by fan in kilometer of tsien. Om healwei twaen binne wy der pas, mar it iten smakket poerbêst. Sa, no kinne wy der wer efkes tsjin oan, hwant yn Frankryk ite se jouns net foar achten. De ytgelegenheden geane dan ek pas om sawn oere iepen. Underweis haw ik noch in pear moaie foto's makke.

20070720-27France 130a

20070720-27France 133a

20070720-27France 134a

20070720-27France 135a

Myn twadde kaartsje is no ek fol. Myn earste kaartsje (256 MB) wie twa dagen lyn al fol, mar no is myn 128 MB ek fol. Dat betsjut of nei hûs ta gean of in Ynternet-café opsykje en de foto's op in "memorystick" of CD sette litte. Wy binne moai wer op tiid werom op 'e camping. Sa om in oere of fjouwer is it best noflik efkes yn 'e sinne to lizzen. Foar de nacht komme der noch 2 gasten, Jos út Nederlân en Bram út België. Nei it jounsiten nimme wy al fêst ôfskie fan Jacotte. Hja moat moarn bytiids fuort.

20070720-27France 138a

Fan 'e joun binne wy útnoege om mei Jeannot syn gesin mei to iten. Ús lêste joun hjir. Moarn bytiids wolle wy wer fuort. Wy sjogge wol wêr't wy strande. It fluchste soene wy kinne oer Luxemburg en Dútsklân, dan by Arnhem oer de grins, dan is it dochs 995 km. De reistiid soe dan 11 oeren en 27 minuten wêze. Mar wy moatte ek op tiid pauze hâlde. It soe wol in hiel stik wêze en foar ús beiden in dei-record.

Dan op freed 27 Juli pakke wy moarns betiid al hwat guod yn. De sliepsekken wurde oprolle en yn hun pûtsje dien. De sliepmatsjes moatte leech en yn de wettertichte sekken. De klean moatte opfouwt wurde, dan past it kreas yn 'e sydkoffers. Dan geane wy om ús moarnsbrochje. Wy nimme ôfskied fan Jeannot. Dan alles op lade op 'e moters en krekt oer njoggenen ride wy fan 'e camping útwuift troch Jeannot.

Wy ride fuort de bergen yn en geane binnentroch nei St. Claude. Fan dêr ôf ride wy nei Besançon. Dan blykt, dat de dyk der nei nancy út leit en wy krije in omlieding. By Quenoche stekke wy efkes oan, om te tanken en om in broadsje to iten. Nei noch inkelde pauzes komme wy yn Luxemburg oan. Yn Berchem tanke wy wer en op it parkearplak ite en drinke wy hwat. Der is gjin plakje mear frij op it parkearplak, mar der steane in pear lytse autootsjes, hwer't wy wol efter stean kinne. Dan steane wy dochs yn de parkearfakken en as der ien fuort wol, kinnen wy de moters wol oan 'e kant sette. Hjir falt de beslissing, sykje wy in camping of ride wy troch nei hûs. Dan ride wy Dútsklân yn. Dit soe it fluchste gean, mar se binne hjir oeral mei de dyk oan 'e gong, dat de faart giet der hwat út. As wy op 'e Autobahn sitte kinne wy wer hwat tiid ynhelje mei 150 km/oere. Dat sjit tominsten hwat op. Nei sa'n 250 km gean ik neist Roel riden en wiis mei myn finger nei my mûle. Ik haw hwol sin oan hwat. Yn Ville Ost tanke wy earst en parkeare dan de moters. Wy geane yn it restaurant in best board iten nei binnen werken. It komt de konsintraasje to goede.

By Arnhem geane wy oer de grins. In lêste tankbeurt hawwe wy in kilometer as 12 foar Swol. Noch in lêste sigret en dan yn ien kear nei hûs ta stome. Krekt oer tsienen binne wy thús, wy hawwe der 13 oeren oer dien. Efkes op 'e teller sjen, wy hawwe hjoed 1032 kilometers riden. As wy yn hûs geane en de keuken yn rinne, dan blykt dat de jeugd ús dúdlik noch net forwachte hie. It liket wol oft hjir in bom ôf gien is.

Dizze fekânsje hawwe wy yn 8 dagen 2959 kilometers riden en wy hawwe genoaten fan de berch-dykjes fan de Jura yn Frankryk. Mar wy sille it no dwaan moatte op it rjochte paed yn Nederlân.


© 2007 Webdesign by Betty Smit.