flagge

Ús moaie provinsje Fryslân

flagge

Fryslân hat neist de eigen offisjele taal, it Frysk, ek har eigen flagge. Fryslân hat inkele kenmerken, węrtroch it him űnderskeid fan de oare provinsjes.

provinciekaart
Fryslân en har eilannen.
dijk2
De "slieper" seedyk, de twadde dyk fanôf de see.

Sa fynt men allinne yn de provinsjes Fryslân en Grins de terpen. Flechtheuvels, fan foar de tiid, dat de seedyk oanlein waard. Der binne yn ‘e skiednis ek inkele dyktrochbraken west en as gefolch dęrfan binne de “Wielen” űntstien. Űnpeilbere djippe gatten, węr’t it wetter nei binnen stroomde.

beintum2
De terp fan Hegebeintum.

It lânskip kint in grutte ferskilligens. Sa kinne wy de “Greidhoeke”, węr’t de Fryske kij weidzje. De “Bouhoeke”, de klaaigrűn, fan ‘e see woun, węr’t de ierappels, griente en it nôt ferbout wurdt. Yn de “Fryske Wâlden”, is in mingt bedriuw net űngewoan, dus mei fee en bou. Fierder hawwe wy de bosken en de feangebieten.

seedyk
Noarderleech
kruiswater1
Fryske wâlden
bollennes
Bouhoeke by Nes
roelof2
Baggerje om de skippen frije tagong to jaen.

It lânskip kenmerket him fierder troch it oantal marren en kanalen, węrby wy de bręgen net ferjitte matte.

brug1
Bręge, Ljouwert-west.
brug2
Wachtsje foar de Foanejacht-bręge.
Dęr komme in protte toeristen op ôf. Fryslân hat sels meardere akwadukten. Yn de “Fryske Wâlden” herkent men de wâldiken, rűnom de greiden, faaks beplante mei beammen, as ôfskieding. Fierder de provinsje yn, bestiet dy ôfskieding faak út sleaten en oars út pealtsjes mei prikkeltriet.

grouw
Akwadukt by Grou.
poptaslot1
Poptaslot.
poptaslot2
Poptaslot.
stins12
Skierstins

Troch dat in protte grűn yn hannen wie fan ‘e tsjerken, hawwe der yn Fryslân nochal wat kleasters stien. Fan ‘e Stinzen en States binne sels noch in pear bewarre bleaun. Yn de direkte omjouwing fan dizze gebouwen fynt men faaks de "Stinze-planten".

Fierder mei sein wurde, dat it Fryske stamboekfee oer de hiele wrâld beromd is. Yn Ljouwert stiet it stânbyld ta eare fan ‘e Fryske ko, “Ús Mem” te bewűnderjen. Dęrneist hat it Fryske hynder in ôfgrysliken opgong makke yn ‘e lęste tsientallen jierren.

kij3

fryskhynder
It Fryske hynder yn aksje.

usmem
Ús mem.

De Fries is een trots minske, dy stiet foar syn wurd. In Fries sil ek altyd oare Friezen opsykje en troch de hiele wrâld binne dęrom ek de “Fryske krites”, węr’t men mekoar moetet en de “memmetaal” sprekke kin en yn eare hâlde. Ús nasjonale slokje, de Bearenburch giet der altyd wol yn, net allinne op feestdagen.

huis5
Feanwâlden fanút de loft.

De Fries hat ek syn eigen sporten, lykas it keatsen en it fierljeppen. Net to forjitten it Skűtsjesilen. Derneist wurd elts jier de Alvestędentocht organisearre. Een rit fan 200 kilometers. Dy kin mei de fyts, rinnend, mei de auto of op 'e moter makke wurde. Trochdat Fryslân tinner befolke is as de oare provinsjes, is it by útstek geskikt foar it motorriden. Tsjintwurdich kin men sels mei de kano de Alvestędentocht dwaan. De Alvestędentocht op redens wurdt allinne riden as dęr minstens 20 sintimeter iis leit. As de froast ynset, wurdt de skipfeart stil lein, om it tichtfriezen te befoarderjen.

keatsen
Keatsen.

bollen

waaxens4
Waaxens, Historyske poarte.
281204c
28 Desimber 2004.
skieding3
Fryslân sit fol mei ferassings.

Linken

Omrop Fryslân Ynternetside mei nijs en ynformaasje oer Fryslân.
Friesland.org
Friesland totaal
Beleef Friesland
Friesland net
Startkabel Friesland

Leeuwarder Courant
Friesch Dagblad
Wâldnet

Verzetsmuseum
Bierbrouwerij "Ús Heit", yn Boalsert.
Planetarium
Klompen

© 2005 Webdesign by Betty Smit.