SKOTLÂN 2005

teller1

Moandei 26 september

De begjinstân fan myn solo-reiske nei Skotlân.

Ik bin om kertier oer ienen fuortrekke. By it monument op 'e Ôfslútdyk, bliuw ik efkes stean om in sigaretsje te roken en in pear foto's te meitsjen.
Om kertier foar fjouweren stean ik al op 'e pier fan IJmuiden. Der steane al twa moters, in Harley en in Yamaha FJR. Beide hawwe Britse nûmerplaten.

Klik foar in fergrutting op de lytse foto

Troch de al wat âldere man, mei de Harley, wurd ik oansprutsen. Hy freget hwer't de reis hinne sil. Ik siz Inverness. Dêr komt hy wei. Dus ik fertel, dat ik yn Kingstreet útfanhûzje sil. Dêr hat syn soan, oant foar 4 moanne, ek wenne. Sa lang wenje Ed en Marianne dêr ek. Dus ik freegje: dochs net op 'e hoeke fan Balnainstreet? Hij seit: Ja! It hûsnûmer kloppet ek noch. Syn soan hat it hûs ferkocht oan in Nederlânsk echtpear, dat der in Bed en Brochje fan makke hat. Juust en dêr meitsje ik no in Ynternetside foar. Tafal???

sch1a
Mr. Baird.

sch2a

Der kaam noch in frammes op in Yamaha Fazer, ek fan Nederlanske komôf, Heleen. Hja moast ek nei it noarden ta, oft wy ek tegearre reizgje koenen. Jawis wol, fanke. Doe't wy dan oan boart fan de "Duke of Scandinavia", de moters oan it fêstknoopjen wiene, kamen der noch 5 Harleys by, út Ierlân. Se wiene nei in treffen west yn Nederlân. Doe't wy dan op 'e folle sé kamen, wie der mar aardich wat deining. Ferskate húskes waarden trochspielt en der wiene net folle minsken boppe te finen. Lokkich hat myn mage it noch goed holden. Der wie ek net folle mear foar nedich west, hjer. Ik ha sliept oant 2 oere, doe wie ik klearwekker en ha ik de klean oan dien en bin nei boppe ta gien foar in sigaretsje.

Ien fan 'e Ieren wie ek noch warber en wy binne yn de Admiralpub sitten gien te smoken. De Ier hat ek mar efkes fuort west, mar wie fuortdaliks wer werom. Syn bêd makke ferkearde bewegings, sei er. Ik bin nei trijen mar wer op bêd strûpt en ha sliept oant de intercom my wekker makke, roun healwei achten.

Tiisdei 27 september

As ik underweis bin om myn moarnsbrochje te iten, sjoch ik dat de Ier noch in de pub sit te sliepen. Ik meitsje him efkes wekker. Bûten is it mistich, mar droeg. As wy yn New Castle oanlizze, skynt de sinne. Om healwei tsienen bin ik troch de douane en ryd ik mei Heleen nei it noarden ta.
It earste stik ryd hja foar en troch Edinburgh ryd ik wer foar. Wy skoftsje yn Kinross. Dêr kin men besine-tanke, kofje drinke, jild pinne en te pisjen.
Wy sille wer skoftsje yn Newtonmore, yn it sjauffeurscafé. Dêr kinne wy ôfskied nimme, mei in bakje kofje en in peukje. De blonde frau efter de toanbank kent my noch fan ferline jier. It is dêr gans feroare. De reade bankjes binne ferfongen troch blaue.

sch3a

sch4a

sch5a

Wy ride oer de âlde A9 nei Kingussie en geane dêr wer op 'e nije A9, om't Heleen koart dernei ôfslaen moat, nei de Findhorn. It wie my noflik mei har te reizgjen. Myn mobieltsje kin de simkaart net fine en ik ryd sa nei Inverness ta, sûnder earst te skiljen. Op de Longman-rotonde bin ik sa stom, om de earst ôfslag te nimmen. Ik ha ek fuort yn 'e gaten dat ik ferkeard sit. De folgjende rotonde mar hielendal yn 'e rounte en dan op Longman mar wer de earste ôfslag. Dan sit ik op Academystreet en dan wyt ik it wol wer. Oer de brêge de twadde rjochts. Dan sjoch ik it hûs al. Ed hie my in foto tastjoert foar de ynternetside. Dat it kaam my fuort bekend foar. Dan stean ik by harren njonken de doar.

Ik wurd hertlik ferwolkomme. Efkes letter helje ik myn bepakking fan 'e moter en ik ryd de moter efter de wenning. Dy jounes nimme sy my mei út iten, yn in restaurant. Om de hoeke, troch Balnainstreet is it ungefear 50 meter en dan hast de fuotgongersbrêge, oer de rivier de Ness. Ast dêr oer hinne rinst, dan soeit de brêge mei yn kadans mei de fuotten. Frjemde gewaarwurding, myn mage fynt it ek mar neat. Troch dat it in skoft reint hat, stroomt de rivier ôfgryslik.
Dy jounes helje ik de bestanden út myn mailbox, om oan Ed en Marianne sjen te litten, wat ik der oant sa fier fan makke ha, fan hun ynternetside.

sch6a

Woansdei 28 september

sch7a

Hjoed mar efkes kalm oan. Ik ha yn 2 dagen 628 kilometer op 'e teller setten, yn wikseljend waar. Ik hie de jas ynspuite, sadat er wetterticht wêze soe. Net dus.
Fan 'e middei mar efkes it sintrum yn fan 'e stêd. Wat foto's meitsje en sa. Ik kom lâns in ald tsjerkhôf en meitsje in pear moaie plaatsjes van grêfstiennen mei Keltische motiven derop. De hiele dei miezert it wat. Inkeld lit de sinne him efkes sjen. In dei rêst kin gjin kwea. Ik ha fekânsje, ik kin dwaen wat ik wol.

Tongersdei 29 september

Fan 'e moarn om 9 oere fuortriden yn 'e rjochting fan Fort Augustus. By Loch Ness blieuw ik efkes stean foar in pear foto's. Wat in moaie dyk om te riden, ek al is er wiet. De hjerst kleuren bliuwe noch wat efterwege, dat muoit my al. Alles is noch moai grien, dat der lizze ek gjin blêden op 'e dyk.

Ik haw yn Fort Augustus efkes by de slúzen sjoen en fansels wat foto's makke. Se lûke de boaten troch de slúzen oan touwen, dan hawwe se mear kontrôle oer it skip as op 'e moter. Der lizze fjouwer slúzen efter mekoar.

sch11a
By Loch Ness

sch8a

sch9a

sch10a

Doe't de sinne begoun te skinen, haw ik mar bisletten om troch Speanbridge en Newtonmore it rountsje om Loch Ness fol te meitsjen.

sch12a
Fan Speanbridge...

sch13a
...nei Newtonmore

sch14a
Layby 142, oan de A9

Healwei, krekt foar Laggan krige ik dochs in bui foar de kiezen. De lêste 100 kilometer wiene mieterse kâld. Totaal haw ik hjoed 230 kilometer riden. Ik wie om 2 oere werom yn Inverness. Skotlân is wis en warachtich oars bûten de fekânsjetiid. Ferskate dingen binne al ticht. Mar as men net bang is foar wiete diken, dan kin men it tige nei de sin ha, hjirre. Der lizze noch gjin blêden op 'e dyk, dat skeelt, oars kin men dochs mar foarsichtich wêze.

Freed 30 september

It is wynderich en griize wolken driuwe oer de stêd. Dochs wol ik der efkes op út. Krekt westlik fan 'e stêd slach ik rjochts ôf, yn 'e rjochting fan Blackfold. De dyk giet rille gau omheech. Sa heech, dat ik it oan myn earen fernimme kin. Dan ryd ik ynienen yn los grit. It makket my ungemaklik. Ik wyt net hoefolle of hoe in bytsje folk hjir lâns komt, dat ik bislút om werom te gean. Soks moat je net by it ein hawwe, as je allinne binne. Dat ik ryd hjoed mar 19 kilometer.

sch15a

Ik sjoch efkes, wat AdAware op Ed syn laptop docht. Tiid om it te installearjen. As marianne thús komt fan har wurk, dan slúte wy de gewoane kompjoeter oan en sette it dêr ek op. Dy wurd in stik minder stadich. No dat de laptop net mear oanslúten is op it ynternet, kin ik net mear oan myn ynternetside wurkje. It is net oars.

Sneon 1 oktober

It waarberjocht seit: wikselfallich en der waait in heale stoarm. As Ed en Marianne middeis nei de sportskoalle gean, njonken de Floral Hall, gean ik mei hun yn 'e auto. Wy prate ôf, mei in oere yn de koffiehoeke fan de Floral Hall in kopke kofje te drinken. As ik út de tún wer yn 'e kas kom, is der gans folk. It is in breidspear en der is in fotograaf. Ik meitsje efkes in plaatsje oer syn skouder.

sch16a
Yn de kas

sch17a
Yn de tún

sch18a
Het breidspear

Dy jounes geane wy út iten yn it Indonesisch restaurant "Rajah", oan 'e oare kant fan de rivier de Ness.

Snein 2 oktober

sch19a
Ed en Marianne

Hjoed ha ik my mei de ynternetside foar it Bed en Brochje ûnderholden. Ik ha de siden no ek yn it Dútsk der by makke. Takom winter giet de boel it ynternet op, yn 3 talen. Se wolle earst mei fekânsje en dan de boel efkes opknappe, foardat se foto's meitsje, dy't op de side moatte.

sch20a
Yn Ed syn BSA-jaske

Moandei 3 oktober

Ik ha myn moarnsbrochje hawn en ha de boel ynpakt en op 'e moter knope. Tsjin tsienen bin ik ôfteint lâns Drumnadrochit, Fort Augustus, Speanbridge, Fort William, Glen Coe en Tyndrum. Yn Tyndrum helje ik in wettertichte sek yn de Green Welly outdoor shop. Yn de Green Welly stop helje ik in spin.

sch21a

sch28a

sch22a

sch23a

Dan rin ik ien fan 'e oare winkeltsjes yn om in moaie flesse whisky foar Roelof mei te nimmen en stean foar John Christie. Ik wyt dat hy yn de whisky-hoeke werkt, dat it wie foar my net in ferassing. Foar him wol. Hy is tige bliid, my wer begroetsje te kinnen. Ik freegje him, oft er ek plak hat foar my de hiele wike, mar hy is der net seker fan. Dat moat ik Janice mar freegje, hja is thús. Earst mar in kopke kofje en dan op nei Crianlarich, nei Inverardran House. Ik kin oant sneontemoarn yn 'e cottage blieuwe, dat mat ik der út.

sch24a
de cottage

sch25a
Foarby Lochearnhead

Ik smyt al myn guod fan 'e moter en ryd nei Killin ta. As ik de moter foar de winkel oan it parkearen bin, komt Sheila Webster my al tomjitte. Gordon hellet krekt syn auto, hy moat fuort. As er my sjocht stapt er efkes út en begroetet my. Wy prate ôf, komende wike efkes by te praten. Hy kin de Christies wol, dat hy wyt my te finen. Dan ryd ik stadich oan de dyk op nei Stirling, om nei Grangemouth ta te gean.

Dy jounes moetsje ik foarumleden fan de Central Motorcycleclub, krekt lyk as ferline jier. Ik haw it wiken lyn al yn hun foarum setten, dat ik komme sil en om 7 oere yn 'e pub wêze sil. Om 8 oere hawwe hja hun "meeting" en klim ik wer op de moter. Ik ha 60 Mylen foar de boech en dat yn it tsjuster. De wei fan Stirling nei Crianlarich is de kronkelichste fan midden-Skotlân. In hiel aventûr. De earste 15 Mylen geane oer de A9, mar dan komt it der op oan. De kop mat der wol by. It lêste stik hat ek inkelde rjochte stikken, sa nei Lochearnhead. Dan kin it gas der wol efkes op. Ik bin om healwei tsienen wer op de basis. Trochdat de diken jouns hast leech binne, koe ik in protte mei grut ljocht ride, dat skeelt ek in soad. Totaal ha ik dizze dei 392 kilometer riden.

Tiisdei 4 oktober

Fan 'e moarn om healwei njoggenen om myn moarnsbrochje gien, mei bacon en egg, black pudding, in grilt tomaatsje en de noadige toast en sjem. Alles fuortspielt mei in pot thé.

sch26a
Moarnsbrochje

Fierders haw ik de hiele dei sahwat foar de televyzje sitten. Craftsday. Allegearre hobbyguod lieten se sjen mei demonstraasjes en kaarten dyt se dêr mei meitsje. Efkes ideeën op dwaen foar de Krystkaarten fansels. Ik bin allinne nei de winkel yn it doarp west, om in 2-literflesse mei Irn-Bru en wat Tuc. Irn-Bru is krekt de Exota fan foarhinne.

sch27a
Irn-Bru en Tuc

Nei seizen bin ik nei de Ben More oan de oare kant gien, om in boart mei Haggis, Neaps and Mash.

Woansdei 5 oktober

It liket in ridlike dei te wurden. Ik mat mar efkes yn Oban sjen. De dyk nei Oban is noch krekt lyk as ferline jier in lappetekken, maar dêr is de wille net minder om. Yn Oban is myn 256 MB kaart fan myn fototastel fol, dat ik wikselje him mei de 128 MB. Op de weromreis bliuw ik efkes op een "layby" stean, krekt foar Struachan, de krêftsintrale. Dêr wekke se stroom op mei wetter út in stuwmar boppe op de berg. Yn 'e nacht wurdt al dat wetter mei goedkeape stroom werom pompt, want it reint net genôch yn skotlân.

sch29a
Oban, M/C ONLY

sch30a
Krekt foar Struachan

sch31a
Foarby Dalmally

Op de weromreis sjoch ik 9 Mylen foar Tyndrum de staken yn 'e groun stean oan beide siden fan 'e dyk. Staken fan minstens oardel meter hichte. Die binne foar de sniesploeg, as der in protte snie leit, kinne se sjen, hwer oft de dyk rint. Ik gean efkes by de Green Welly shop oan om in bakje kofje. Op it parkearplak wurd ik oansprutsen troch Derek út Fife, hy ryd op in Kawasaki. As ik dan de tanktas der op knope ha, wurdt ik wer oansprutsen troch een sekere John út Falkirk. Hy ryd op in giele BMW 1000 út 1979. Och ik haw de tiid oan mysels. It binne hjoed dochs noch 135 kilometer wurden.

Tongersdei 6 oktober

Ûnder it moarnsbrochje sit ik mei Roddy te praten. Hy hat in hotel by Aviemore. Nei it iten komt John nei de cottage. Oft ik Gordon Webster wol efkes werom skilje wol. Wy prate ôf, dat ik tusken 1 en healwei twaën yn Killin by de winkel komme sil en hun dêr wei helje. As ik Killin yn ryd, meitsje ik earst efkes in pear foto's fan de Falls of Dochart.

sch32a
The Falls of Dochart

sch33a
Pan European 1300

sch34a
Sheila & Gordon Webster

Dan pas ryd ik nei de winkel ta. Ik ryd efter hun auto oan nei hun hûs ta en dan klaeie se hun om yn moterpakken en dan komt de 1300 út it hok. Gordon hie krekt deselde motor as Roelof yn it lêste jier, maar hij hat no in oaren. Dat hie er al mailt. Hy is der tige oer te sprekken. Wy ride nei Tyndrum, nei it Green Welly restaurant. Gordon en Sheila hawwe hjoed in drokke dei en omdat ik dochs noch tanke moat, nim ik ôfskie fan hun op it parkearplak. Mar ik kom noch net fuort, in sekere Rab mei in blaue CBR 1100 XX, in Blackbird, wol my efkes te wurd. Ik haw dizze dei mar 62 kilometer riden en ik ha dochs in goed gefoel.

Freed 7 oktober

sch35a

Fan 'e moarn sit ik alinne mei Roddy myn moarnsbrochje te iten. Joun moat ik de boel mar sa fier moochlik ynpakke. Kin ik it moarn sa op de moter knoopje. Der is een "drizzle". Hiele fine reindrupkes, dyt net fan it fisier ôf blaze troch de rydwyn. Moast eltse kear der oer hinne mei de moffen. Dy wurde dan ek dweil troch wiet. Om 6 oere wurd der op it rút kloppe. It is Jim, fan de Central Motorcycleclub. Hy ried hjir lâns en sêch myn moter stean, woe my efkes in goeie dei tawinskje. Hy giet moandei ek mei it fear fan New Castle nei IJmuiden. Kommende nacht wurd der in protte rein ferwachte. Letter op 'e joun begjint it te reinen.

Sneon 8 oktober

Ik wurd om kertier oer fjouweren wekker fan in bolderjend lûd. De muorren binne sahwat in meter dik fan de cottage, mar as ik, omt ik dochs klearwekker bin, efkes bûten stean gean foar in peukje, wyt ik, dat it kabbeljende beekje yn in ferwoeste stream feroare is. Om healwei seizen stek ik der noch ris ien op en sjoch fuort ek efkes yn it waar. It is droeg en oan de hege dennebeammen te sjen, stiet der ek hast gjin wyn. Roun de klok fan tsien, neidat ik mei Janice ôfrekene ha, gean ik fuort. Tusken Lochearnhead en Balquhidder giet myn teller oer de 28.500 hinne.

sch36a
Nei Lochearnhead

sch37a
Winchburgh

As ik yn Grangemouth oankom, besykje ik in Bed en Brochje te finen. Dat slagget net. Dus ryd ik fierder troch allegear lytse doarpkes. Yn Linlithgow, midden yn it stêdsje, is wol in keamerke, foar 35 Pounds per nacht. Dat fyn ik te gek. Omrekkene is dat 52,50 foar in bed en in moarnsbrochje. Underweis troch al dy lytse doarpkes, sjit it my yn it sin, dat Gill noch wat regelje soe.

As ik Edinburgh yn ryd, skilje ik har, mar hja nimt net op. Dan earst mar efkes in peukje. Ik hear in berichtsje op myn mobieltsje binnen kommen. Het is fan har, mei de fraag, hwer oft ik bin. Dan skilje ik har. Hja moat efkes dy strjitte opsykje, foar oanwizings. Hja sil my daliks wol werom skilje. Ik krij de ynstruksje fan Norrie om de "bypass" op te sykjen en dy te folgjen nei it besinestasjon, wer't wy se ferline jier troffen hawwe. Dêr stie Roelof doe mei in lekke bân en doe hie Norrie it nûmer fan de AA wol. By dat besinestasjon hellet Norrie my wei, mei de auto. It is noch 15 Mylen nei hun hûs. Hja noegje my út, om by hun te útfanhûzjen. Dat ik bin de lêste 2 nachten yn Skotlan yn Porto Bello, in bûtenwyk fan Edinburgh. Dy jounes nimme hja my mei, út iten, yn in thais restaurant.

sch38a
Norrie & Gill

Snein 9 oktober

Om 10 oere skillet Kenny. Hij hat ferline jier Roel doe bystien om de bân op te pompen, oant se de spiker founen en de AA der dochs noch by komme moast. De "Forth riders" steane mar mei 3 man yn Kinross, foar hun "sundayrun". Mei in heal oere steane se by Norrie en Gill foar de doar om Norrie en my op te heljen foar in "run" yn "the borders". Earst ride wy nei Hawick, nei in supermerke fan Morrison. De winkels binne hjir 7 dagen yn 'e wike iepen en de manlju moatte hun moarnsbrochje noch hawwe. Wy binne no mei syn fiven, Kenny, Dougie, Dave, Norrie en ik. Dan ride wy fierder nei Eskdalemuir, hwêrt de greatste Boedhistische Tempel bûten Tibet stiet. Dêr sjoche wy efkes roun. Dan noch in lêste pauze yn Moffat en dan werom nei Edinburgh. Om in oere as 5 binne wy wer yn Porto Bello.

sch39a
Sundayrun yn Hawick

sch40a
Tempel yn Eskdalemuir

sch41a
1000 Boedha's

Ûnderweis fan Moffat nei Edinburgh fleane ús de blêden om 'e earen. De hjerst is no ynset. Mei al dy blêden op 'e dyken, sil der net folle mear riden wurde op de sneinen. Dochs haw ik hjoed in 260 kilometer riden mei de mannen.

Moandei 10 oktober

De boel ynpakke, ik moat it fear fan kertier foar fiven helje. Om healwei twaën ryd ik út Porto Bello wei. As ik de wenwyk tryd, moat ik earst om besine. Dan ryd ik ek fuort de A1 op. It waait ôfgryslik en de motoer is ôfladen. It is 55 Mylen nei Berwick upon Tweed, sahwat healweis. Dêr sjoch ik, dat it noch 67 Mylen is nei New Castle. Ik begjin te rekkenjen en as myn kilometerstân safolle is, hoch ik pas op de buorden te sjen. Dat haw ik hielendal mis blykt letter. ik haw de ôfslag mist en ryd ek noch in ein troch. Ik mis it fear. Ik gean wol werom, maar gean dan krekt in ôfslag te betiid wer werom. Alles raast jen mei 100 kilometer yn it oere, dat freechje sit der ek net yn. Dan sjoch ik in auto op in "layby"stean. De moter der foar parkeare en freegje. It is Alex Smith. Myn mobieltsje is leech en ik kin net skilje. Ik freegje oft hy it foar my dwaen wol. Ik wol him wol betelje. Hy skillet. Ik moat joun foar 8 oere omboeke, dan is it kosteleas. Hy skillet noch in kear omt ik earst in Bed en Brochje fine moat. Hy freget my oft de bank ek goed genôch is. My bêst genôch. Dan skillet er syn frou, June, oft de bank dy nacht ek frij is. Ik bin wolkom. It binne beide ek moterriders. Ik folgje de auto fan Alex nei syn hûs en der folget in hertlik wolkom.

De moter wurdt yn 'e garaazje setten en dan wurd ik hertlik ferwolkomme troch de beide bêrn, Samantha en Gordon en de hounen. It wurd net de bank, mar it bêd fan de soan, wer't ik sliep. Wat in fantastyske minsken. Hoe kin ik se oait betankje. Wat in gelok tusken alle ellende. It moast my wer oerkomme, mar ik hie dit eins net misse wollen. As myn mobieltsje wer wat opladen is, stjûr ik in berichtsje nei it thúsfront. Ik wurd fuort skille. Ik bin feilig, dat telt. Ik kom allinne in dei letter thús.

sch42a
June

Tiisdei 11 oktober

sch43a
Gabi

Moarns kletse June en ik hiel wat ôf. Wy kinne it goed mei elkoar fine. Middeis bringt se me nei de "Royal Quaies. Se wol seker witte, dat ik goed te plak kom. Ik bin de earste moter. Ridlik gau folget in BMW K 100 LT út 1989, mei in EML sydspan, mei Dútsk kenteken.Gabi is ek allinne op fekânsje west. Ik meitsje efkes in foto foar de side fan de Âldsjes. Der folgje noch 3 moters. In Dútske BMW, en 2 Hollanders. in Kawasaki en in Moto-Guzzi. Krekt foar wy troch de douane kinne, skillet Roelof. Mar ik moat ôfbrekke, wy kinne ride.

Dan moate wy noch efkes wachtsje foar wy oan board kinne. In moaie gelegenheit om mekoar noch efkes op é foto te setten. Oan boart de moters fêst knoopje en wat klean mei en de belangrykste spullen. Kinne wy ús wat opfrisse en ferklaaie. Dan rin ik nei it efterein fan it skip en keapje in broadsje gesûn. As ik it op ha, gean ik nei de Admiral pub en gean by de iare Dútse moterrider, Rudol sitten. Al gau komt Gabi der ek by. As Marius, by ús komt, de Kawasaki-rider, blykt dat er gjin Dútsk ferstean kin, dan geane wy oer yn it Ingelsk. De manlju ferdwine en Gabi en ik geane nei de Columbusbar om de show te sjen. Efkes nei tolven geane wy nei ús hutten.

sch44a
Lêste foto yn GB

Woansdei 12 oktober

Myn foet is mei in plof op é groun torjochte kaam. Ik liz yn bêd hinne en wer te roljen. As ik it ljocht op doch, sjoch ik it gerdyn foar de kast en stik hinne en wer gean. Noch 4 oeren te gean. Ik moat der mar ôf. Earst mar efkes doese en oanklaaie en al fêst ynpakke. Ik kin dochs net earder as 7 oere om myn moarnsbrochje. As ik sit te iten, komt Marius by my sitten. Oft wy ek tegearre reizgje kinne. Hy moat nei Grinslân. Yn IJmuiden moat ik earst tanke. Myn teller stiet op 320 kilometer. Ik ha sunt Musselburgh net wer tankt. Yn Wieringerwerf geane wy by de pomp oan om in "bakje fan Douwe", mei in peuk. Nei de Ôfslútdyk sille wy wer in peukje dwaen en dan nimme wy fuort ek ôfskie fan mekoar. Ik ryd oer Boalsert. As ik it knipperljocht foar de ôfslag Boalsert oan doch, komt Marius noch efkes njonken my riden en stekt syn hân út. Ik reitsje him efkes oan. Dan gean ik de ôfrit op en hy giet der as in spear fan troch.

sch45

Efkes foar ienen bin ik wer thús. Efkes in berichtsje ferstjoere. Hendrik hat de kofje klear. Ik bin wer thús. Ik ha 2437 kilometer riden, so út en thús. Ik sil noch efkes in foto fan de teller meitsje as lêste foto fan dit ferslach. As ik de kompjoeter oan set en fan de Outlook, Hotmail en Googlemail de mailtsjes optel, dan binne dat der oer de 2600. Alle bydragen fan it foarum sil ik mar net lêze. S no en dan in underwerp efkes trochnimme, dan is it my ek wol goed. Dan reitsje ik ek wol wer op de hichte.

© 2005 Webdesign by Betty Smit.