SKOTLÂN

Klik op in foto foar de fergrutting.

sc01
Noch thús.

sc02
Frjentsjer.

sc03
IJmuiden.

Op 24 july komt ús groepke by mekoar yn Frjentsjer en wy ride dêr om healwei twaen wei. Yn IJmuiden oankaam matte wy oant healwei seizen wachtsje foar dat wy oan board kinne. Dan de moters fêst sette. It is kalm waar dus gjin omtinken dat der wat gebeure sil ûnderweis nei it Ingelân. Ik haw de moter yn de earste fersnelling stean. Dan is it eftertsjel blokkeare en om de foar rem haw ik in post elastykje dien, sadat der yn it foartsjel ek gjin beweging mear sit. De moter stiet gewoan op de syd stander. Dan it stjoer yn de span bandsjes en yn de fearen lûke en de efterkant sa fêst sette, dat dy ek net nei siden komme kin.

sc04
De moters oan board

sc05
Inverness

sc06
By Loch Ness.

Op 25 july komme wy oan yn New Castle upon Tyne. It motreint wat, oant wy yn Edinburgh binne, dan brekt de sinne troch. It falt net mei om in groep fan 10 moters troch in stêd as Edinburgh te loadsen, mar wy komme tsjin healwei seizen oan by ús hotel yn Newtonmore. Fuortdaliks mar oan de Haggis, dat smakket mar bêst.
26 juli: Ik haw myn biologyske klok noch net op GMT setten en ik bin ieren betiid wekker. Nei it moarnsmiel, pak ik de moter al fêst en gean in blokje om. Ik tink efkes nei it folgjende doarp en dan wer werom. Ik fyn de wei nei Speanbridge. Wat rydt dat moai, heuveleftig en it kronkelt fan jewelste. As ik yn Speanbridge oankom, kear ik de moter en gean werom en sjoch dat de ôfstân 46 mijlen is. Dus der efkes tsjin oan, mar bij it hotel oankaam bemerk ik dat de oaren net op my wachte hawwe. Ik ryd nei Aviemore, sjoch efkes roun en tank de moter en gean letter hielendal nei it noarden nei Inverness. Ik mis de groep ek net, it is dêr ek sa moai. Ik ryd dy earste deis 395 km. Oan it ein fan 'e middei gean ik nei it sjauffeurs kafee om waarm iten.
27 juli: Fannemoarn earst efkes oan Laggandam ta west, hie ik de earste 74 km al wer te pakken. Dan mei de groep lâns de noardkant fan Loch Ness en werom oer Fort Augustus en Speanbridge. Dat lêste stik haw ik foar riden, in bekende wei foar my. Ik kaam efter in bus te sitten, mar ik koe der omhinne. Wy binne efkes stean bleaun by de Laggandam, foar wat foto’s.

sc07
Fort Augustus.

sc08
Fort Augustus.

sc09
Laggan Dam

Op 28 july: Wy dogge hjoed it eilân Skye, mei 6 moters en wy binne de jûns pas om healwei achten werom by it sjauffeurs kafee . Dêr komt yn in oar hotel in groep optreden mei doedelsekken. As wy dernei yn de pub belânje, wurd ik oansprutsen troch de bus sjauffeur dy’t ik de deis tefoaren ynhelle haw. Wy prate de rest fan ‘e jûn. Newtonmore - Skye hinne en werom 508 km op myn teller.

sc10
Op Skye.

sc11
Op Skye.

sc12
Skye tolbrêge.

Op 29 juli: Wy hawwe hjoed de Devil's Elbow dien. Hellingen fan 20%. Dou falst gewoan nei ûnderen. Fanôf de kant fan Braemar nei Glenshee ta. Fanôf Pitlochry bin ik allinne nei it hotel werom gien. Ik hie it hielendal han. No’t de medisinen oanpast binne, oerfalt my sa no en dan in wurgens, dat is net te beskriuwen.
30 juli: Fannemoarn foar it moarnsmiel bin ik nei Laggan ta riden en doe bin ik ôfslein nei Dahlwinnie, moaie omjouwing. De wei lit wol wat te winskjen oer. Dan dogge wy de Queens vieuw hjoed.
31 juli: Wy binne hjoed oer Perth riden om ‘t der 5 werom geane nei de boat en nei hûs. Fan dêr út binne de oare 7 oer Sterling nei Crianlarich riden. Dêr sitte wy yn in bêd en brochje. Nei dat wy ús guod op ús keamers dellein hawwe ride wy nei Tyndrum, nei de "Green Welly Shop". Ik woe noch wol efkes yn Inveraray sjen, maar de oaren woene net mei, nou dan mar allinnich.

sc13
Queens'vieuw.

sc28
Inverardran House.

sc29
Inveraray.

Op 1 augustus: Fannemoarn oant krekt foarby Lawers riden en dêr omkeard en deselde wei werom foar it moarnsmiel. Nei it moarnsmiel geanne wy mei de groep nei Oban, letter troch Glen Coe en nei Fort William. Fannemoarn binne der wer 2 nei de boat gien en op hûs oan. Fan ‘e jûn hawwe wy wer lekker iten yn de Benmore oan de oare kant fan ‘e dyk. Sjoch, as de moters parkeard steane, dan kin it ek in buorreltsje leije by it iten. Dizze jûn komt de hear Webster fan Killin ús efkes de hân skodzjen. Wy maile al sûnt it begjin fan’t jier en hy hat oanbean om ris mei ús te riden as wy der dochs binne. Hy rydt op deselde Pan as Roelof.
2 augustus: Wy binne noch mei syn fiven oer. Ik gean moarns net mear einen fuort, oars kom ik daliks oer myn 15.000 km en dan hâld myn fersekering op. Dizze dei ride wy mei syn fiven nei Falkirk, om “The Falkirk Wheel" te besjen. Nei dat wy dat besjoen hawwe, geane de oare trije werom nei Crianlarich. Roelof en ik bliuwe yn ‘e buert, omdat ik mei fjouwer ynternet freonen ôfpraten haw, hun dy jûns te moetsjen yn Grangemouth.

sc25
The Falkirk Wheel.

sc30
Stoeltsjeslift, Glen Coe.

sc31
Int. Highland Games, Killin.

Op 3 augustus: As ik moarns fuort ryd, is it krekt oft de moter nei ien kant lûkt, mar dat kin ek it grint wêze op it parkearplak, dus de dyk mar op. It bliuwt itselde en it doocht net, it earste it bêste parkearplakje is foar my. De foarbân is sêft. Kalm oan ride wy de sawn kilometer nei Tyndrum, dêr kin de bân oppompt wurde. Dan geane wy Glen Coe yn. It earste parkearplak efkes kontrolearje, der is in bytsje út, mar alle apparaten binne net gelyk. Nei 50 kilometer bliuw ik op wer in parkearplak stean, men ryd dochs net noflik. Hjir mist der al wat mear út en Roelof en ik beslúte om werom te gean nei ús B & B. It famke is allinne thús, mar hja skillet mei de pleatselike garaazje en dy ferwyst ús nei in banneboer yn Crieff. Earst mar efkes skilje, oft er wol in bân foar myn moter hat. Ja, dat komt wol klear. It is nog wol 80 kilometer om derhinne. Hy stiet ús al op te wachtsjen en hat der yn in kertier ek in nije bân om. As ik it omrekkenje, hat er ús net iens ôfsetten. Dêrnei geane Roelof en ik op eigen houtsje op ferkenning út, mei de nije foarbân.
4 augustus: Wy geane nei Glen Coe en mei de stoeltsjeslift nei boppe, mar de berch is bedutsen ûnder de wolken en der is net in moai útsicht. Dêrnei geane wy nei Killin, nei de International Highlandgames. Dêr stiet altyd noch in record fan Wout Zylstra. Letter op ‘e middei gean ik mei ien fan myn ynternet freonen in ritsje meitsjen troch de bergen. Der leit nogal wat grint op ‘e dyk en hy is in hiel ein foar my. Hy bliuwt op ien fan ‘e "passing places" stean om wat foto’s te meitsjen en as ik efter syn moter stean bliuw, glydzje ik út en de moter falt en ik tûmelje by de berch del. Myn rjochter spegel oerlibbet it net, lestich as men links ride moat.
5 augustus: Hjoed nei Mull of Kintyre. Hielendal nei boppe, smelle dykjes, mei allegearre grint. Hast sa’n 30 cm om te riden. Seis mijl, omtrint 10 kilometer. De verassing komt noch, it rint ek noch dea, dat wy moatte it hiele stik ek noch ris werom ride. As der in tsjinlizzer oan komt, dan moast op in “passingplace” vol grint wachtsje oant dy oare foarby is. Gewoan ferfelend, as men de deis fan tefoaren efkes in triuw han hat. Op it lêst siet ik hielendal ferkramt op de moter. Totaal 450 km dizze dei. Eltse dei fizier meardere kearen skjin meitsje. It stikt hjir fan de "Midgy's", hiele lytse rotmichjes, dy 't kribelje as de pest.

sc26
Devil's Elbow, helling 20%.

sc32
Mull of Kintyre.

sc33
Oban, haventsje.

Op 6 augustus: De Devil's Elbow nog in kear riden, Mr. Webster fan de supermerke yn Killin giet hjoed mei ús mei. Wy hiene al kennis makke. Stralend moai waar en de heide begjint ek noch te bloeien, gewoan in perfekte dei. Binne wy hielendal op de boppeste punt fan de berch, it Lecht ski-centre, komme wy Klaas en Paul tsjin. Dy binne ûnderweis nei Inverness.
7 augustus. Mist hinget oer de berch oan ‘e oare kant fan de wei om 6 oere moarns. It belooft wer in moaie dei te wurden. Hjoed geane wy nei Oban om de leste oantinkens te heljen. Dy jûns ite fjouwer fan de fiif hun lêste boart mei Haggis.
8 augustus: Om 8 oere hawwe wy it moarnsmiel besteld, in stevich "scottish breakfast" mei bacon, scrambled eggs, black pudding, grilde tomaat en foar de leafhawwer binne der ek noch woarstjes. Fierder is der de gewoane “toast en jam” en in sleat kofje en thé. Wy geane bytiids fuort, foar it miel hawwe wy al ús spul al opladen en we prate ôf om by Edinburgh yn de buert in bakje kofje te dwaen. As wy fan it bakje werom komme, sjogge wy dat Roelof in sachte efterbân hat en wy binne flak by in besine stasjon, dat dêr mar hinne. Hy wol net oppompt wurde, it rint der fuortdaliks wer út. Ik fertel it oan in oare moter rider, dy’t mei in groepke te riden sil en hy helpt ús. De AA wurd skille en dy docht der in plug yn. Dêr komme wy ek op thús. Al mei al binne wy in oere kwyt, mar wy binne dochs noch op tiid by de Royal Quays om mei de boat mei werom.

sc27
Haggis, neaps en mash.

sc34
Oan board.

sc35
Wieringerwerf.

Op 9 augustus: As wy moarns om 8 oere oan dek komme, waait der in waarme wyn. Minstens 10 graden ferskil mei Skotlân. Het is echt tropysk yn Nederlân. Yn Wieringerwerf geane wy om kofje en nimme al fêst ôfskied fan mekoar. Wy ride wol mei syn fiven oer de ôfslútdyk, mar by Frjentsjer geand de oare 2 moters mei 3 minsken nei hûs en wy ride noch wol in heal oere ear ‘t wy thús binne. Roelof giet efter de computer om de foto’s der yn te laden en ik tein oan it waskjen, it is yn in oere droech. Wy geane werom nei Skotlân, dat is wis, de datum moat noch prikt wurde. As ik thús op de teller sjoch, dan betsjut it dat ik 5334 km riden haw, yn 17 fantastyske dagen. De oare deis skilje ik de fersekering, myn kilometers binne no onbeperkt.

Link nei mear foto's en ferslag fan de Skotlânreis yn it Nederlansk.

© 2004-2005 Webdesign by Betty Smit.