Hoe it allegearre begūn is

Wźrom

Omt de jongste soan my altyd oanspruts mei "motormeisje.nl" hawwe wy dy domein namme claimt. It ūnderwerp foar in eigen side op it ynternet wie al gau fūn.

De jongste 2 soanen studearje ICT, dus sjocht mem ek wolris yn 'e stśdzjeboeken. As ik fźst roun, hawwe de jonges my wol wer op gong holpen, mar fierder haw ik de side sels makke. No is it in kwestje fan oanpasse, fuorthelje en oanfolje mei tekst en foto's. Pas yn de simmer fan 2002 bin ik efter de computer kaam. Śs Hendrik moast fanwege skoalle in heal jier nei Dśtslān, foar stage en sa koene wy alle dagen dochs mei mekoar "prate" mei MSN.

bl2
By Eilean Donan Castle.

De webmaster en har side

De side is opbout mei XHTML en CSS, mei "frames". De side wurdt hast alle wiken bywurke. Omt ik benijt wie, oft der wol minsken nei myn side seagen, haw ik in teller pleatst. Jimme kinne dat ek bisjen op de earste side, dźr stiet rjochts-ūndertoan in lyts blokje, as jim dat oanklikke. Ik bin sa ūnder hand besocht troch minsken fan ferskate lannen, fanśt de hiele wrāld. Op 29 novimber 2004, haw ik de 2500ste besiker op myn side, sūnt ein april. Ūngefear in fjirde part fan myn besikers komt fan būten Nederlān.
Boppedat haw ik it makliker makke om efkes in berichtsje efter te litten, troch in "Gastenboek" to ynstallearjen. De link derhinne, stiet hjir links yn 'e balke. Ik soe it moai fine as jo dźr ek wat yn skriuwe soene. Sa as jimme sjen kinne, jouw ik op elts berichtsje efkes in lytse opmerking. Oan it ein fan Jannewaris 2005 bestiet de ynternet-side al śt 70 siden. Op 26 April 2005 stiet de Nedstat teller 1 jier en fertelt my dat der 8650 minsken nei sjoen hawwe. Dan op 24 Maaie 2005 haw ik myn 10.000ste besiker op de ynternetside. De teller stiet noch krekt gjin 13 moannen. Ik mis myn 15.000ste besiker, omt ik yn Skotlān sit, mar de 16.000ste stiet der op 4 november op.

webmaster

In foto fan de webmaster.

Moter-ryd-lessen

les5
Oanklaaie.

Yn 1996 kaam der in wet yn, dy't bepaalde, dat men earst in teory-sertifikaat helje moast, foardat men examen dwan koe. Mar wurde it examen foar 1 Juny oanfrege, dan koe men op it teory-sertifikaat fan 'e auto examen dwan. Roel slagge, ik net. Om examen yn 'e teory to dwan moast ik wachtsje oant ein April it jier derop. Yn Maaie koe ik wer lessen nimme, dat mocht ek al net sūnder sertifikaat. Koe ik wer fan foarren ōf begjinne. Ein Augustus 1997, bin ik doe ek slagge.

les6
Oalje peile.

les7
Ljouwert ūnfeilig meitsje.

It ūnderwerp

Sūnt 2001 ryd ik moter en wol op in HONDA SHADOW (VT 600 C) VLX. In ymporteare moter fan it boujier 1992 yn de kleur "Bright Candy Glory Red" mei in Kanadeeske buddyseat en sissybar. Roelof ryd op in Kawasaki Vulcan 750.

vlxe

vulcan
Roelof op syn Kawasaki Vulcan 750.

Ik haw der sels in bearke efterop setten, dat wy Tarquin neamt hawwe en saddlebags mei it wurd "shadow" der yn borduert. Boppedat haw ik der in wynskermke op krige, sadat nei in lange rit myn earms net safolste langer binne.
Der is in mechanische cruise-control op setten, mar as er te strak oandraeit is, giet de gas-handle net fansels werom en moat ik him echt werom-triuwe. Sit er wat losser, dan hālt er de handle net goed fest en giet de moter stadicher binnen de koartste kearen.
De moter is in plaatsje om te sjen. It ryd as in trein. It earste jier ride wy togearre in protte. Yn it twadde jier ride wy mear mei clubs mei. Yn 2 jier tyd dochs 12.000 Mijl. Hja wurd no ien kear yn'e moanne fan stāl helle en śtlitten. Efkes de oalje troch it blok.

It tredde moterjier

Yn 2003 bin ik op in oanbod yngien om in jier proef to riden (oant 10.000km) op in swarte HONDA DEAUVILLE NT 650 V (RC 47). Dat is kwa moter in hiel oare sit en men ryd der per definysje langere ōfstannen mei. Dy haw ik dan ek mei han op fakānsje yn it moezelgebiet mei in groepke fan 10 moter-freonen. Foar it earst de bergen yn. Hjir bin ik pas echt fereale wurden op dizze moter. Ik ried yn 11 wiken tiid 7550 kilometer, dus de rest fan it jier oan 'e ketting en fierder op 'e SHADOW. Letter geane wy noch mei de pleatslike moterklub nei de Belgyske Ardennen.

beppe100

Op 18 augustus 2003, wurdt de beppe, hwer't ik nei ferneamd bin, 100 jier. Beppe sit al in skoftsje yn it Talmahūs yn Feanwālden. Allinne wenjen gie net mear.

Roelof ryd no op in HONDA PAN EUROPEAN ST 1100 (SC26)

roelofenbetty
Roelof en Betty tidens in nicotine-pauze. Simmer 2003.

Ferlyne en plannen.

By Waaxens op 'e foto kaam, myn nije 2004-moter, net allinne fanwege de nije buddyseat, mar ek om de histoaryske poarte. Hjir haw ik mei myn freondinne skūle ūnderweis nei Holwert, op de fyts foar in fakānsje op it Amelān, ein jierren 60. Har ālden kamen mei de auto en śs guod.

waaxens
By Waaxens, mei de nije buddyseat.

Op 10 april hawwe wy VRO-1 helle. De hiele dei op ’e moter, remproeven dwaan en śtwyk manoeuvres en bochtewurk oefenje. Oan it ein fan ’e middei efter de ynstrukteur oan oer it circuit, wer 't troch de wike de plysje traint. In moaie dei han. Dan op 14 april, ūnder de jierlikse ledefergadering fan ’e buert, komt it ynternet ek op it aljemint en ik sil in side foar de buertferiening meitsje. De link is: http://www.motormeisje.be/bvb/

Yn de simmer fan 2004 geane wy op fakānsje mei 12 moter freonen op 10 moters nei Skotlān. De leeftyd fan alle freonen: 40+. De earste wike sitte wy yn Newtonmore yn in hotel. Nei 1 wike geane der 5 werom en geane de oare 7 troch nei in "bźd en brochje" yn Crianlarich. Foto's steane op de Skotlān side mei in ferhaaltsje .

Yn ‘e Maitiid fan 2005 leit it yn 'e planning, dat wy de VRO-2 kursus dogge. Yn de simmer fan 2005 giet Roelof mei in freon nei de Noardkaap. Hy is him al oan it oriļntearen, wer ‘t de reis lāns gean moat.

pier5
28 Maaie 2005 Pier fan Holwert.

Efkes in blokje om betsjut meastal efkes in ritsje nei de pier fan Holwert. It is eltse kear wer oars. Heech of leech wetter. Oft it fear oankomt of fuortgiet. It is in moetingsplak foar motorriders. Al wie it allinne al foar de moaie bocht oer de sédyk. Efkes de helm ōf en de wyn troch it hier, in sigaretsje en dan wer op hūs oan.

Werom nei Index

© 2004-2007 Webdesign fan Betty Smit.