Klachten oer sûnens by moter riders

Dit is Dennis op syn Kawasaki Ninja.

Mei syn lingte is de moter oan 'e lytse kant.

Syn knibbels slúte net moai oan de besine tank.

dennis1

Hjir sjogge jimme Dennis, lyk as syn knibbels tsjin de tank oanslúte moatte.

Yn dat gefal, sitte de fuotpedalen net op it goeie plak.

dennis2

Hjir sit Dennis op in gruttere moter.

De knibbels passe moai yn 'e foarm fan 'e tank en syn sit is ferbettere.

Dizze moter soe better by syn lingte passe.

dennis3

In protte rêch en nekke klachten komme troch dat men net yn 'e goede houding op 'e moter sit. Troch dat men dan ek nochris mear op het stjoer hinget, kinne der ek klachten oan de polzen ûntstean.

It komt in protte foar, dat moter riders lêst hawwe fan 'e loft wegen en fan trienjende eagen.

Dan is der ek noch it probleem fan ûnderkuolling. De oarsaak kin oan ferskate dingen lizze.
Lyk as:

  • It moter pak.
  • De bûtentemperatuer
  • De snelhyt

Kenmerken fan ûnderkuolling:

  • Gjin gefoel yn 'e hannen, fuotten, fingers en teannen.
  • Net mear op syn skerpst wêze, sloech, wazich sjen.
  • In ferlies fan de hân-koördinaasje.
  • Sleauwe reaksje en de knyp kwyt reitsje.
  • In begjin fan het gefoel út hannen en fuotten.

Dizze symptomen komme foar yn ferskillende gradaasjes. As jimme der ien fan herkenne, stopje dan fuortdaliks en sykje in waarme omjouwing of yn elts gefal beweech, om wer waarm te wurden. Soargje dat jim wat ite of drinke wêr ‘t in protte enerzjy yn sit.

Hjir is een link nei in Amerikaanske side, oer ûnderkuolling, it is wol yn it Ingelsk.. As jimme dêr ek yn thús binne, dan is it wol interessant om efkes te lêzen.

Checklist foar de moter rider.

Foar dat wy oan in rit begjinne sjogge wy earst efkes nei de besine-meter, it oaljepeil en de bânnen, soms kontrolearje wy de ferljochting ek noch, mar de moter mei dan yn goede steat wêze, de fraach is: Is de moter rider dat ek? Ik fûn in artikeltsje fan Jacky Vaughan op in Amerikaanske side. Hja hat in regeltsje betocht: "I'm safe".

I = Illness
M = Medication
S = Stress
A = Alcohol
F = Fatigue
E = Emotion

Illness = Sykte. Diaree, koarts en pine holle kinne de konsintraasje oantaaste.
Medication = Medisinen. Sommige medisinen kinne jimme sleau en sliepperich meitsje en wurkje soms langer dan de bedoeling is.
Stress = sprekt foar himsels. Gean net earst in probleem útprate foar jimme op de moter geane, mar ontspan jim earst.
Alcohol = sprekt foar himsels. Dan heart de moter oan it keatling.
Fatigue = Wurgens. Als jim lange oeren wurke hawwe, nim dan earst efkes tiid om it besakje te litten, foar jim oan in rit begjinne.
Emotion = Emoasje. Nei in fikse rûzje kinne jimme de gedachten muoilik by it ferkear hâlde. Dat kin ek as jimme jim hiel gelokkich fiele, dan bin jim der ek net mei de kop by.

Biskermjende klean hawwe ek noch in oar doel.

It is net allinne tsjin de kjeld, dat in moterrider biskermjende klean oan hat. Nylon of lear, dat makket neat út. It is mear: "foar it gefal dat".

Stel dy foar, dou giest ûnderút mei dyn moter. Biskerme as net, biede kearen kinst in bonke brekke. Dêr binne wy it wol iens. Mar mei biskermjende klean, komme der gjin skaafwounen by. By in iepen woune, kin men gjin gips oanlizze. Dat bitsjut, dat der twa operaasjes op stapel steane. De earste om in pin deryn te bringen en in twadde om him der wer út te heljen. It duorret gewoan langer, as wannear't der fuort gips omhinne kin. Om het mar sa te sizzen: "it foarkomt littekens". Nou soest tinke, dat falt wol wat ta, mar doch de test mar efkes. Druk in finger op it asfalt en loek dy finger nei dy ta, oer sa'n 25 sintimeter. Mei in moter is de ôfstân grutter en de skea ek.

Ynstruksjes foar de by-rider.

Een by-rider mei allinne "op" of "fan" de moter klimme mei de tastimming fan de bestjoerder. Set de moter yn syn “frij”, doch de sydstander omheech en set beide fuotten oan de grûn, foardat jimme "OK" roppe en knikke mei de holle.

Een by-rider sjocht mei oer it rjochter skouder, as der in bocht nei rjochts oan komt en oer it linker skouder foar in bocht nei links. Hy/sy folget de dyk ek mei de eagen en giet net efterstefoaren sitten of makket ûnferwachtse bewegings.

Hy/sy stekt de hân ek op nei oare moter riders.

Nei boppe

© 2004-2005 Webdesign fan Betty Smit.