2007

2007NCterug

Omt ik mei fekânsje gean nei Newcastle, haw ik alle oare siden yn 'e side fan "Skiednis" setten. Op 4 Jannewaris fleane Mischa en ik werom nei Nederlân. Yn it Metro-sintrum seagen wy 2 moters fan OCC .
Op 12 Jannewaris komt Rudyhadee hjir om in bakje kofje. Hy hat in Fersnellingsbak mei 5 fersnellings kocht foar Wolfje. Dy jounes hawwe wy de Nijjiersresepsje fan de FMC mei in buffet. As wy dy jounes thús komme steane der foto's en in ferhaal foar in update foar de side oer Wolfje. De 13de Jannewaris ryd ik nei Annie ta foar in bakje en goede winksen. Dat binne 250 kilometers fan gelok. Dy jounes al wer materiaal foar in update fan Wolfje.

De 13de ryd ik nei Annie yn Coevorden. Op 19 Jannewaris is der in lêzing oer twa moterriders dy't hielendal nei Siberië west binne. De beide dokters Jur Lamers en Richard Danel fertelle der fan alles oer. Mar mear dêr oer op hun Ynternetside. Ik haw der in ferhaaltsje oer skreaun yn it weblog. Op 21 Jannwaris geane wy nei de Noardelike Moterbeurs yn Grins. Ik wurd oansprutsen troch in foarumlid dat ik noch net kin. It is Dokker. Dat wy nimme efkes de tiid om kennis to meitsjen. Op 3 Febrewaris gean ik moarns op besite by myn âldelju. Middeis ryd ik nei Harns. It is sok moai waar en it is 7 graden. Op 23 febrewaris ryd ik nei Utert ta, om nei de moterbeurs to gean. Ferhael stiet wer op zeenz.nl.

SaraM2b

johnswank
John Swank

Op 20 Febrewaris stiet myn Ynternetside 3 jier. De tredde digitale jierdei. In wike letter, op de 27ste Febrewaris haw ik myn 30.000ste besiker op de siden. De teller stiet noch gjin 3 jier, dy is pas ein April 2004 der op kommen. Op 1 Maart gean ik mei myn broer wer nei de Friese Motorsloperij yn Ljouwert. Hwat is it geweldich om yn dizze skatkeamer roun to strúnen en foto's to meitsjen. Op 6 Maart, haw ik myn moter 3 jier. Tellerstân: 47.296 km. Op 11 Maart ride wy mei de hiele femylje nei IJmuiden foar in mini-cruise op de Queen of Scandinavia. De oare deis binne wy yn Newcastle en geane mei de bêrn nei it Discovery Museum. Dy jounes fare wy werom en ik sit wer yn de Navigators bar nei John Swank to hearen. Hij spilet gitaar en sjongt der by. De 13de binne wy wer thús. Dat wy hawwe in koarte wike. Op 16 Maart krij ik de kâns om der efkes op út mei de moter. Ik moat ek wer in ferhaaltsje skriuwe foar it weblog, dat falt no moai te kombinearjen. Ik ha der kreas waar by.

Op 22 Maart bin ik 2 jier moderator fan it moterfoarum. Op freed de 23ste is der wer in kennismakkingsjoun bij de FMC. In protte bekende gesichten mar ek in bulte dy't wy noch net kinne. Dan op sneon 24 Maart hawwe wy in barbeque mei MCV. Op snein 25 maart is dan de earste middeisrit. Op 31 Maart besykje ik de Motermerke yn Hardenberg. Op de weromreis ryd ik efkes by Annie oan yn Coevorden.

Op 1 April ryde wy de Friesland Toertocht fanút Âldehaske. Wy ryde de rit mei seis leden fan it groepke hwêr't wy mei nei Skotlân west binne yn 2004. Mei Peaske ryd ik de sneons nei it suden ta. Togearre mei Peter, de Varoman ryd ik een ritsje yn 'e trijehoek fan Vianen, Rotterdam en Roosendaal. Op snein soe ik de webmaster fan Truckspottersonline.com moetsje, mar it is moars sa mistich, dat wy der net op út geane. Dan middeis ryd ik wer nei hûs oan. Dat binne mei elkoar mear as 600 km op myn teller. Dan op Peaske-moandei ryd ik de Foarjiersrit mei MTC Roden.

spuipont1

2007mios14

Dat bitsjut, dat ik oer de 900 km riden haw yn 3 dagen. Op 15 April moat Roel foarride mei de MIOS-rit. Ik doch de route ek yn myn rolle. Dan kin ik ûnderweis stean bliuwe en foto's meitsje fân 'e bollefjilden en dochs de groep werom fine. It is it tredde wykein mei moai waar. Hjoed sil it de waarmst dei wurde. As ik thús kom, sjoch ik dat ik noch 305 km to gean haw eart ik de 50.000 op 'e teller krij. Op 21 April besykje ik mei in pear foarumleden it Indian motermuseum fan Tony Leenes. Rudy en ik hawwe foto's makke.

Op 22 April geane Roel en ik middeis te toeren. Yn Grinslân giet myn teller oer de 50.000 km hinne. Wy ride oer moaie stjoerdykjes oant Nij Statensyl. Dan ride wy oer Driebond en Nijeskâns de Autobahn op. Krekt nei Leer lûke wy it gas iepen. Ik haw mei de wyn yn 'e rêch de nuddel krekt efkes op 195 km/ûre hawn. Wy drinke hwat op it terras fan it Alte Zollstation yn Stickhausen. As wy lâns it Bikermotel yn Holtgast ride, sjogge wy dat der gjin moter mear by kint hie. Wy ride werom nei hûs oer de autodiken.

halveton

20070429vro8

Op 29 April ride Roel en ik al betiid nei Harns. Op dizze snein sille wy mei inkelden fan it groepke dêr't wy de VRO mei dien hawwe, de boel wer efkes opfrisse. Wy hawwe deselde instrukteur. Moarns krije wy de slalom, keare op 'e dyk, sawol links as rjochts om en de remproef. Middeis geane wy de dyk op en ride in ritsje. Sa no en dan bliuwe wy stean om oer de ferskate dingen te praten, dy't wy ûnderweis tsjin kaam binne. Op saterdei 5 maaie ryd ik efkes nei Leo Schuil. Ik jou him in kopie fan it ferhael dat ik oer him skreaun haw yn it weblog. Dêrnei gean ik noch nei de pier. Op snein gean ik allinne te riden.

Op moandei ryd ik mei ús Hindrik nei Grou ta. Dêr stiet ús auto en dy moat dêr wei. En dan is it einliks safier, de 12de maaie, de foarumrit. Maorns komme wy mei 17 leden byelkoar yn Ameide. In grut laach as men nei it waar sjocht. Wy hawwe dan ek in noflike dei. Op Pinkstermoandei, 28 maaie, steane wy wer op 'e stempelpost fan Workum tidens de Âlvestêdentocht foar auto's en moters. Dizze dagen bin ik net in bulte fuort op 'e motoer. Ik haw de bêrn fan myn broer hjirre. Syn frau leit yn it sikenhús.

20070528est28

Op 14 juni oefenje wy op de airstrip yn Drachten foar in wier moterconcert mei ballet. Op 15 juni geane wy lâns 3 doarpen om in moterconcert to jaen. Dan op 16 juni is de greate finale op it Kyriat Ono plein. De earste kear dat sa'n concert joun wurdt yn West-Europa.

20070614-16motorconcert1

20070915-5

Nei dat ik al in dikke 5 wiken foar de bêrn fan myn broer soarge haw, komt myn skoansuter te ferstjerren. Myn broer hat graach de bêrn by him thús, dat wy kinne wol op fekânsje gean nei Frankryk. Wy ferbliuwe op 'e kamping Jurabik. Jeannot noeget my elts jier wer út om te kommen yn myn Gasteboek. Elts jier siz ik yn in reaksje: op in dei kom ik. Mar dit jier haw ik sein: dizze simmer. Hy is bliid verrast as ik sa mar foar syn noas stean. Wy hawwe in noflike wike by him op 'e camping. De dykjes yn 'e bergen binne geweldich en de natûr ek. De weromreis ryde wy yn ien kear. Dat binne 1032 km yn 13 ûren, mei genôch pauzes fansels. Nei dizze 8 dagen moat der in ferhaal komme en dat moat dan ek noch op it ynternet komme yn de 5 talen mei de noadige foto's. Op snein 5 augustus geane Roel en ik nei it Truckstar festifal op 'e TT-baan yn Assen. Foto's steane under "Truckfest 2007". Op 11 Augustus fiert JanBMW syn 50ste jierdei en dus teine wy der mei in stel foarum-leden hinne om it mei him to fieren. Reportage under foarum-meetings.

It lêste wykein fan Augustus geane wy mei MCV op it moter-wykein. Op 8 September hat RakkiRauw de ZeeBra-rit organisearre. Wy hawwe middeis-iten hawn yn België. Mei elkoar 633 km. Op sneon 15 september ryd ik nei de pier fan Holwert en op snein 16 september gean ik middeis der allinne op út om in rit troch ús provinsje to meitsjen. Der stiet nochal hwat wyn. Op Freed 21 Septimber bin ik útnoege om as origami-expert oanwêzich te wêzen by de poging om it rekôr te ferbrekken om 100 kraanfûgeltsjes te vouwen. It wurd in great sukses, it rekôr wurdt mei mear as 5 minuten ferbrutsen. Dy jounes wurdt it útstjoert op de stêds-tillvyzje Mercurius, troch omrop Fryslân en yn "Hart van Nederland". Sneon 22 september is it moai waar en dan ryd ik efkes nei de pier. It kalme waad leit der sa moai by en it Amelân wurdt hast út it wetter tilt. Op snein 23 september ride Roel en ik de middeisrit mei fan MCV. Op sneon 6 Oktober is der in gearkomste fan âld-learlingen fan 'e MAVO. Ús klasse is goet fertsjintwurdige. Ik bin de ienichste dy't op 'e moter kommen is en der binne sa'n 400 besikers.

20070916-1

Op snein 7 Oktober ryd ik togearre mei myn man en leden fan é FMC de Fjouwersprong-toertocht fanúr Nieuwleusen. Op snein 14 Oktober ryd ik oer Hiaure en Ternaard nei de pier fan Holwert. Ik haw dêr in noflik oerke mei oare moterriders, mar dan begjint it to jûkjen en ryd ik fierder. Ik gean oer Ferwert nei Burdaard en dan oer Wyns nei Ljouwert. Fan dêr ôf ryd ik oer de greate dyk wer op hûs oan.

20071104Moosrit40

Dan op tiisdei 16 Oktober binne myn âlders 60 jier troud en gean ik dêrhinne om foto's to meitsjen as de boargermaster op besyk komt. Op sneon fiere wy it mei de gânse famylje. Op 30 Oktober krij ik wer de útslag fan myn bloed. It is wer mei 30% sakke. Dat betsjut, dat ik hast werom bin, hwer't ik begoun bin 2 jier lyn. It makket my lilk dat ik it net yn streken krije kin en dat dy skyldklier mar docht hwat er wol. Ik moat myn medisinen oanpasse. Op 4 Novimber ride Roel en ik de Moosrit, de boerekoalrit fanút Boekelo. It is dy deis bewolkt, dat wy hawwe gjin lêst fan de leechsteande sinne. Wy binnen mei syn seizen, dat it gas kin der wol flink op. Sadwaande wurdt it in lekkere pittige rit. Fuort yn it begjin giet myn teller al oer de 60.000 km. Mar ik haw in moaie dei hawn, dizze 570 km. lang.

Ein Augustus moetsje ik in man op it Ynternet, dy't in toeristenburootsje hat yn Alanya yn Turkije. As wy nei ferskate berjochtsjes einliks op msn beloanje, sjocht hy de namme fan myn ynternetside stean efter myn namme. Hy moat dat oanklikt hawwe, hwant hy freget oft ik dy talen ek sprekke kin. As ik siz dat ik dat wol kin seit er dat ik de persoan bin dy't hy siket, ien dy't Nederlânsk en Engelsk prate kin. Hy biedt my in baen oan as assistint toeristen gids. As ik it Roel fertel seit dy alinne mar: net langer as 3 moanne. Dat de baes bistút dat ik dan mar yn Juny, July en Augustus komme moat. Ik sil werke fanút de basis Alanya yn Turkije. Hy fortelt nei hokker lokaasjes ik gean sil en oft ik al fêst ynformaesje opsykje wol op it ynternet. Trije fan dizze lokaasjes steane op de weareld-erfguod-list fan de Unesco, hwerûnder Pamukkale en Kapadocië.
Men kin sizze unyke gebieten. In pear wiken letter freget er ek noch oft ik it ek yn it Dútsk dwaen wil. Sa ein Novimber komt ús dochter del en wol efkes mei ús prate. Hja har mei harren broers oerlein en efter Roel syn rêch om ek mei syn baes. De bêrn wolle ús in fekânsje oanbiede, wegens ús 25 jirrich houwlik. Yn it earst wol hja net sizze hwer't de reis hinne sil, mar in pear dagen letter komt it hege wurd derút. Wy fleane nei Antalya yn Turkije, mar oan 'e groun hearre wy pas yn hokker hotel wy komme.
Op 8 December komt myn Beppe to ferstjerren, hja is 104 jier wurden.
Dan op 15 December bringe ús beide jongste soannen ús nei Skiphol. Sy hawwe de hiele wyke heit syn auto en de kaaien. Wy hawwer in moaie wyke fekânsje en as wy sneon thús komme, dan is de wrâld wyt. tagelyk mei ús 25-jirrich houlik is it ek it slachtfeest, de Bayram. Dat wy fiere it yn Alanya. De baes nimt ús mei nei in Moskee and dêrnei, nei it kasteel. Sneons binne wy hwer thús. Alle beamen binne wyt beripe. In prachtich lânskip. In wyke letter seit Roel dat er skiede wol. Efkes stiet de wrâld stil, mar dan begjinne myn grize cellen to wurkjen. Wytst hwat? De bêrn binne allegearre folwouksen en ik moeat fan Roel mei 6 wiken it hûs al út wêze. Ik kies derfoar om de hiele simmer nei Turkije to gean. De baes is bliid en ik haw wurk. En sa begjint myn Turkse aventûr.

Nei boppe

© 2005 Webdesign by Betty Smit.