2008

Ik bin wol in wyke fan slach, mar dan begjin ik der mei earst mar in lyst to meitsjen, hwat der allegear barre moat. Ik moat myn wurk 4 wiken tefoaren opsizze, myn moderatorskip fan www.motorforum.nl moat ik opjaen, sa ek myn skriuwen oer myn moter-aventueren foar www.zeenz.nl/motor/. Ik moat myn moters ferkeapje, hwant om se in jier to skrassen en dan foar 2 wiken hwer yn 'e fersekering to setten, dat is gjin dwaen. Dy moters moatte ride. Dan moatte de fersekeringen opsein wurde, krekt lyk as alle lidmaatskippen en abonnementen. Ik sil medisinen regelje moatte en in eigen soarch- en reisfersekering.

afscheid31
10 Febrewaris, Ôfskie.

Op msn tref ik myn baas út Alanya oan en hy fortelt my, dat er yn oerliz mei syn broer ôfsprutsen hat om my ut to noegjen om dêr mar fêst to kommen, dat ik in dak oer myn holle haw. Mar ik wol earst nei myn freondinne en har soan op Kos. Der stiet by ús noch hieltiten spul fan har, dat dit moat allegear noch ynpakt en opstjoerd wurde. Ik stjoer in mailtsje nei myn dochter, dy't in reisburo yn'e Westereen hat en ik freechje har in net to djoere reis nei Kos foar my to sykjen, sa healweis Febrewaris. Roel hat my mar 6 wiken joun om op te krassen. Se stjoert my in pear moochlikheden, hwer't ik ien út kies. Earst nimt hja de vlucht yn opsje, mar ik siz har om it út to printsjen, sa wy hawwe in deadline.

Op 22 januari bring ik mar fêst de Honda Shadow nei Annie fan Motorcentrum Coevorden. Hja sil myn moters ferkeapje. Ik tref dêr de real Conimexman fan motorforum.nl oan. Hy wol my wol nei hûs bringe oan it ein fân 'e middei. Ik noechje him út om mei to iten. Nei it iten drinke wy noch in "bakje fan Douwe" en dan teint er hwer ôf.

Alles hwat ik sa stadichoan yn hûs oanreitsje moat ik efterlitte. Ik haw it beton draeit foar de flieren, de cementlaach oer de flierferwaarming. Ik haw muorren besmart mei cement en gips. Ik haw plamuert, skjirre, saust, ferve en behinge. De keuken is nei myn betinkst makke en ik haw de hângrepen útsocht. Ik moat dit alles efterlitte. De parketflier wie itjinge ik sa moai fûn. Dit docht sear, it sneit troch myn fleis. Ik bin dan ek hiel emoationeel en de "freonen" sjoch ik dizze dagen net, krekt lyk as myn famylje. Genôch reden om hjir net to bliuwen, mar ik meitsje my wol soargen om myn jongste soan. Dy hat it no swier mei syn stúdzje. Hy toch krekt syn wei wer fûn to hawwen, om dit jier syn stúdzjepunten to heljen.

afscheid45
Ûnderweis nei Athene.

Op 2 Febrewaris bring ik myn Honda Deauville nei Coevorden. As ik moarns nei bûten sjoch, dan skynt der in wetterich sintsje en it waeit hast net. Dit is krekt hwat oars as de stoarm dy't de hiele wyke waeit hat. Tsjin kertier foar tsienen sit ik al op myn moter en ryd nei it suden. Ik hâld de greate diken oan. By Beilen begjint it hwat to miezerjen, mar it is mear it focht dat it oare ferkear opsmyt, dan dat it hwat mei reinwetter to meitsjen hat. Ik bliuw efkes stean by in besinestasjon en rook efkes in peukje. Dan ryd ik hwer fierder. Nei Hoogeveen begjinne myn fingertoppen aloan kâlder to wurden.

Krekt nei de ôfslach nei Coevorden bliuw ik dan ek efkes op in parkearplak stean. Dy lêste 6 kilometer is net ferantwurde om troch to riden, hwant ik soe oan komme sûnder gefoel yn myn fingers. Ik slach mar hwat yn 'e hannen, mei de moffen oan en al gau is it gefoel hwer normael. Dan set ik hwer ôf foar in warm bakje by Annie. Rudyhadee hat efter myn rêch om mailtsjes ferstjoerd nei leden fan motorforum.nl dy't dêr al in moai skoftsje sitte, om my hwat ôflieding to besoargjen dy deis. JanBMW hie my al tasein my thús to bringen mei de auto en sa bart it. Dy jounes is der noch in fergadering fan 'e pleatselike moterklup, dat Jan set my foar de kroech ôf.

It wykein fan 9 en 10 Febrewaris haw ik reservearre foar ôfskie fan famylje en freonen. Ik haw it hûs fol en kofje en thé binnen hast net oan to slepen. It is dan ek in hiele emoasjonele dei en net allinne foar my. Sels inkelde moterfreonen kinne it net litte om noch efkes del to kommen en hwer ôfskie to nimmen. It is wol in dei om op hwerom to sjen. Yn de dikke wyke dy't ik noch to gean haw moatte der noch in protte dingen gebeure. Ik sil wis hwat fergetten wêze, mar dêr kom ik dan fansels efter.


* Myn nije libben begjint *

Op 14 Febrewaris lûk ik moarns de doar foar it lêst efter my ticht en stap by myn dochter yn 'e auto. Hja sil my nei Schiphol bringe. De moarns-spits is rêstich en wy steane al om 10 ûre op it fleanfjild.

Ik kin hast daliks ynsjekke en dan gean ik op syk nei in SD-kaartsje foar myn nije digitale kamera. Ik tref in moai oanbod, mei tagelyk in kaartsje hwer't it SD-kaartsje yn kin en hwat sa yn myn laptop skout wurde kin. Gjin kabeltsjes binne der mear nedich om foto's op myn laptop to setten. Krekt oer healwei ienen flean ik ûnderweis nei Athene. Dêr kin ik fuort troch om yn to checken foar my fleantuch nei Kos.

afscheid74
Platani, Kos, Griekelân.

Myn koffer giet fuortendaliks, dy hoech ik earst net to sykjen en wer yn to sjekken. Op Kos wurd ik ôfhelle troch myn freondinne en har soan. Togjerre ryde wy nei har hûs ta en brûke it jounsmiel. Dan geanne wy sitten to praten by in glês wyn. Ik hoech net to fertellen dat it let wurdt, mar it is goed om wer by harren to wêzen.

koshonden

De earste twa nachten sliept it mar goed mei ien fan 'e hounen op myn bêd en de oare wekket oer myn sloffen. Dat sil se dan ek de hiele tiid dwaen, sa lang as ik dêr bin. It waer is ôfwikseljend mei in iiskâlde wyn. Op moandei de 18de sjogge wy ta ús ferbazing lytse snieflokjes, foar it earst yn 'e skiednis fan Kos. Eltse dei is dêr hwer de routine fan moarnsmiel, de soan nei skoalle bringe en fuortdaliks de hounen útlitte.

Se hawwe der niget oan om hieltyd in stik boatersguod op to heljen en hwerom to bringen. En dan is der kofje. Michaela is in beste kok en nei in wike is der fan myn ynfallen wangen al niks mear to bespeuren. Wy litte ús ynformearje nei de boat nei Bodrum en hearre dat die allinne op moandei, woansdei en freed útfart. Op sneon de 23ste geane wy mei syn trijen der mei de auto op út. Earst helje wy in broadsje "Obel;ix", dat bitsjut dat men sels syn brochje togearre stelle moat. Dan ride wy fanôf Kos-stêd de bergen yn en lângs Pily nei Kardammena. Dan fanôf Mastichari lângs de kust nei Tingaki en sa troch nei Kos-stêd werom. Op snein de 24ste ride wy boppe Platani de bergen yn en by de Hypocrates Foundation kuierje wy yn 'e bosken mei de hounen.

koseufrosyne

Letter noch efkes nei it strân. As wy thús werom komme wêchje ik my yn é hingmatte om hwat keur op to dwaen. Ik moat sizze dat it bêst noflik leit, ik bin dy middeis in oere kwyt. Op tiisdei de 26ste ride Michaela en ik mei de hounen yn 'e auto noch efkes nei Kefolos oan 'e súdkant fan it wilân, wylst de soan op skoalle sit. Der is in protte feroare en folbouwt sûnt ik hjit 12 jier ferlyn wie. Op tongersdei de 28ste febrewaris keapje ik al fêst in ticket foar de boat nei Bodrum. De boat giet middeis pas om healwei fjouweren en de oertocht duorret 45- 50 minuten. En dan is it freed de 29ste febrewaris en moat ik de koffer folstouwe. Dit kear hoef ik my net oan de 20 kilo to halden en dat is mar goed ek. Wy geane op tiit fan hûs ôf en der moat noch in ynstapkaert regele wurde op 'e kade. Dan noch in pear stevige oankrupers en ik rin troch de douane.
By oankomst yn Bodrum regelje ik earst in nij visum, dy is dan hwer 3 maand jildich. It kostet mar in tientsje, mar dêr wie ik al bekind mei. Dan hwer troch de douane en dan is it de kunst om in bus top finen dy't my nei Alanya bringe kin, mar dy is der net. Dan mar nei Antalya. De bus giet pas om healwei alven dy jounes. Mei in swiere koffer, in wykeintas en de laptoptas gean ik net sa fier. Ik wachtsje yn 'e buert. De rit giet meastentiids troch de bergen en mei in gonkje fan ûngefear 50 km yn it ûre kin ik my net deljaen mei al dy bochten. Dochs bin ik twa kear in kertier kwyt. De earste mooglikhyt om in peuk to roken of to pisjen is nei twa ûren en duorret mer 5 minuten, de twadde pauze is oardel ûre letter n duorret 20 minuten. Om 5.15 einigt de rit by it fleanfjild fan Antalya. Efkes fierderop steane 2 lytsere bussen en warempel ien dêrfan giet nei Alanya, haw ik ek noch in bytsje lok.

kosbenzine

Noch foar healwei seizen bin ik al wer ûnderweis en om 7 ûre stean ik op de terminal fan alanya. It is dan 12 graden en sinnich. Ik skilje de baas en dy belooft to kommen om my op to heljen. Hy hat in taxi regele en binnen de koartste kearen steane wy op de basis. It is my hjir wol opfallen dat de besine hjir ôfgryslike djûr is. Hie ik yn desimber net de muoite foar nommen om it om to rekenjen. It mei dan yn Nederlân dan oer de 1.50 Euro wêze. Ferskil is der wol. Ôfroune wike krekt bûten Zipari op Kos haw ik in priis stean sjoen fan 1.06 Euro, mar hjit is it sa roun de 2.20 Euro de liter en dat hat hwer ynfloed op de prizen dy't men hantearret foar de ferskillende tours foar de toeristen.

De earste dagen rinne wy togearre alle dagen troch de stêd en lear ik de flat werom to finen. Op 4 maart ride wy mei ús fjouweren nei Antalya yn 'e auto. Op 'e weromreis sjogge wy efkes by de wetterfal fan Manavgat en ride by in goudfabryk oan. Dan gean ik der al mar faker allinne op út. Ik bin it spoar wol ris bjuster, mar fanút de haven en fanôf de Atatürk strjitte wyt ik it wol wer to finen. Op 6 maart besykje ik in maat dy't ik kin fan it ynternet. Hy hat in wynwinkel en wy fiere it mei in flesse reade wyn. Hjir en dêr meitsje ik nije freonen. Yn 'e haven kom ik oan 'e praet mei in boateigener en hy noeget my út foar in boat-tocht fan in hiele dei foar de oare wyke. Dan hat er in boat fol mei toeristen en ik kin der noch wol by. Ik meitsje in "update" foar JanBMW syn ynternetside tusken de bedriuwen troch. Wy krije in útfanhûzer yn 'e flat en ik keapje al fêst in bikini.

waterval723

bergdorp1085

Dan op 14 maart gean ik mei ús team mei op in toer mei Deenske studinten. Se hawwe gjin sin om yn 'e stêd roun to swalkjen, dat wy meitsje der in picknick-toer fan. Wy geane mei harren de bergen yn. Oer de farskens fan de fisk kinne se net kleije. As wy oan komme, swemme dy noch yn in bak mei wetter, se wurde tamakke yn 'e keuken en dan fuort op de BBQ. Dat binnen it heal ûre op it board. Ik krij de tekst yn it ingelsk foar de toer dy't ik fersoargje moat. Ik fertael him yn it Dútsk en Nederlânsk. Dan op 19 maart moat de bas mei, mei in groep minsken, omdat hy der papieren foar hat.

Der is wol plak, dat ik kin mei as gast. Wy geane dy deis nei it Romeinse stadion yn Perge en de Lara wetterfal, dy't yn 'e see stoart. Middeis moat ik efkes ynspringe. Inkelde minsken wolle hwat langer yn 'e goudfabriek bliuwe en it wurdt al let. Dat se bliuwe efter mei de reisleidster en moat ik it wurd dwaen en de gasten byelkoar sjen to halden as wy efkes de bus út geane by de haven fan Antalya foar in foto-momint. Letter komt de reisleidster mei de oare gasten ek wer by us. De dei dêrop geane wy wer mei deselde groep mei fanút it hotel yn Side.

aspendos1310

Wy geane dan earst oer de merke yn Manavgat en besykje letter it aquadukt fan Aspendos. Spitichernôch geane wy net yn it amphi-theater, mar ride der allinne lâns. Mar wy geane wol nei de Belkis-brêge.

belkis1357

belkis1360

breeuwen1383

De brêge is net rjocht en is troch de Selsjukken bout of founeminten fan de Romeinen. Hja leauwden dat oer in rjochte brêge koe de dúvel jin oan kommen sjen. Op 21 maart meitsje ik in "sound-check" op de computer. Gewoan nei myn eigen stimme harkje en ris sjen hwêr't ik om tinke moat. Dy jounes freegje ik de baes oft hy der ek efkes nei harkje wol en my dan sizze wol oft der hwat oan mankearret. Hy is tige tofreden. Op snein 23 maart gean ik op in lange kuier troch de boppestêd, dan lâns de haven, hwer't se mei in boat oan it breeuwen binne. It is hjirre llegearre to belibjen.

Ik einigje yn it reisburo. It is rêstich yn 'e stêd mei toeristen, dy lizze fêst allegearre op it strân. Alle dagen bin ik in pear oerkes to finen yn it reisburo, sa kin ik in bulte ynformaasje opdwaen. Jouns binne wy mei de ynternetside dwaende, dy moat ek hast ôf. En dan haw ik tiid om myn eigen ynternetside by to wurkjen en de foto's út de kamera to heljen en op de laptop to setten. Yn de ôfroune 6 wiken haw ik al een dikke 1400 foto's makke.

Op snein 30 Maart is it dan safier. Myn earste tour. Mei mar 10 gasten doh ik togearre mei de baas de KAS-toer. Wetterfal, Aspendos en Side. De gasten komme út België, Skotlân, Iran, Ingelân en Dútsklân. Ik moat dus my ferhael dwaen yn twa talen. Mar oan it ein fan 'e dei is de baas tofreden en ik haw der wol in goed gefoel by. Ik krij fan de Ingelske froulju in fikse omearming by it ôfskie. Op tongersdei 3 April fuortdaliks wer. Dit kear mei mar 8 minsken, hwêrfan 6 Dútsers en 2 Ingelsen. Moarns earst reint it, mar nei dat wy yn it Theater fan Aspendos en by it aqudukt west binne, brekt de sinne troch.

2258c
2368c

Mar middeis as wy ûnderweis binne nei Side (de antike têd), krije wy unwaar. Nei de tour fan 8 April is it opiens stil, hiel stil, hwat de tours oanbelanget. Op 13 April krij ik in berichtsje op myn mobiele tillefoan (wy binne yn 'e tiid mei hun nei Lütz west en hja op hun beurt mei ús nei Skotlân yn 2004). Hja komt mei Tjerk, har mn, nei Turkije. Harren dochter wennet hjir mei de man en bêrn. It soe moai wêze as wy mekoar ek efkes treffe.

It bliuwt stil en eltsenien dy't mei toeristen to krijen hat, klaget stien en bien. Mar it jouwt my de tiid efkes by in Ynternist to sjen en myn bloet efkes kontrolerje to litten. Hie al in skoftsje it idé, dat it net goet mear wie en ik hie gelyk. Ik moat medisinen oanpasse. en dan tref ik Tjerk by Floyd. Hy komt op in âld Jawa en wy hawwe fuort hwat om oer to praten. Dan op snein 27 April is der hwer in tour. De baas giet dit kear net mei, mar in oare gids, dy't ek Russysk kin, hwant wy hawwe Russysche gasten. Ik nim de nederlanders under myn hoede. As ik moandeis yn de stêd kuierje, rin ik Tine tsjin it liif. Efkes prate wy mei mekoar en dan geane wy elts ús wei hwer.

2206c
Tjerk op syn JAWA
02430

It sil noch wol faker barre. Foar de tiisdeis stiet in boat-tocht op it program, fanút Manavgat. it seisoen liket iepen. Sa ûnderhand haw ik 2400 foto's makke. Yn totaal rin ik Tine trije kear tsjin it liif. Memmedei...yn spanning wachtsje ik ôf...fergeefs. Dan 3 dagen letter fier ik myn jierdei. Elts oere efkes sjen oft der in berichtsje is. Earst jouns nei 8 oere krij ik it earste berichtsje fan 'e bêrn. Ik fiel my wol hier populêr. Op mails nei Roel komt gewoan gjin antwurd en op 28 Maaie rint myn visum ôf. Bist einliks fan al dy stress ôf, bout it him wer op, hwant Roel is noch hieltiid net oer de brêge kaam en ik haw jild nedich om myn visum to ferlengjen. It wurk wol ek mar net op gong komme.

It is oft de toeristen fuort bliuwe. Se binne der wol, mar bliuwe yn it hotel of lizze oan it strân. De hiele stêd klaget en wachtet ôf foar de greate stroom, dy't no al lang op gong wêze moatten hie. Mei mar ien tour yn 'e wike set it ek gjin soaden oan 'e dyk.

Ik bin hjir no hast 12 wiken en sit al tsjin de 3000 foto's oan. As ik dan werom moat, dan haw ik yn elts gefal in bulte foto's as oantinken. It bliuwt spannend. Dochs binne der altyd minsken dy't de mûle yn twa hannen hawwe en hunoardiel al klear hawwe sûnder de feiten to kinnen. Dy't efkes traapje moatte.
Op 24 Maaie gean ik efkes by Ismael yn syn dranksaak oan. Dêr sit een froumins dy't shows jaen wol mei harren python. Ik lûk de stoute skuon oan en freechje oft ik de slang ek efkes fêst hâlde mei. Fuort triuw ik Ismael it foto-tastel yn 'e hannen en siz dat er knippen bliuwe moat. Dit leauwe de bêrn fêst net, ik haw altyd de skurft oan slangen hawn. No, dêr stean ik dan mei in python fan 2 meter om 'e nekke. In regelrjochte oerwinning foar myself.

03026
03419Byzantijns ziekenhuis Side

En noch altyd is it seizoen net bigoun. Ik meitsje de stêd unfeilich, kuierje in protte. Gean op besite by myn neie fronen en drink ferskate bakjes thé eltse dei.
De baes oerleit mei syn broer en se sille my it jild foarsjitte, foar myn ferbliuwsfergunning. Fuort mar foar 6 maand, hwant oars sitte wy oer 3 maand mei itselde. Hja fertrouwe derop, dat ik it werom betelje sil. No't der sa'n bytsje tours binne, krij ik per dei útbetelle, nei Turkse maatstaven en dat set echt gjin soaden oan 'e dyk. It begjint nei 3 tours per wike op to rinnen, mar it is no wol juni. It hie al lang alle dagen wêze moaten. Dat sit der dus net yn.

It "all inclusive" jowt echt it toerisme de nekslach. Eltsenien klaget en net allinne de toeristenburootsjes, mar ek de winkeliers en restaurants. Dan krij ik in berichtsje fan Annie, dat se in Honda fan my ferkocht hat. It blykt om de Shadow to gean. Ik kin tominste de baas werom betelje, hwant foar safier ik wyt, hat Roel noch altijd gjin jild nei my oermakke. Dan soe ik op syn minst de keus hawwe om hwat foar mysels to huren. No is it al Juli en ik haw noch altyd 3 touren yn 'e wike. It mei my net barre om myn eigen appartemint to huren. Ik werk der 4 jounen yn 'e wike by yn in toeristen burootsje. Dêr moat ik toeren forkeapje. Mar dat is net oan my besteege.

03463Grote Moskee Manavgat

De kosten foar de Dolmûs-bus binne heger dan de opbringsten, dat ik hâld der mei op nei 4 wiken. Dan haw ik yn elts gefal mear frije tiid. It heart heech-seisoen to wêzen, mar dat falt tsjin. Rafting, Jeep-safari en bBoat-toeren binne "yn", seker by it jongfolk. Fan cultuer moatte dy neat hawwe. De gasten dy't ik dan ek yn 'e bus krij hawwe wol ynteresse en dat fyn ik dan ek wol wer noflik. Soms sjoch ik se nei it puntsje fan 'e stoel skouwen as ik oan it wurd bin oer de ferskate lokaasjes dy't wy oan dwaen sille.
Dan op 15 Juli meitsje ik moarns om 6 ûre myn eaqrste ierd-beving mei. Ik tocht dat it waerme waer my to pakken krige hie, hwant it dûzelde hwat. Mar letter dy moarns, as ik mei oare gidsen en chauffeurs sit to wachtsjen yn Aspendos, freechje se my oft ik it ek fornaem haw. Net bewust dus. Op 31 Juli om kertier oAer seizen jouns, as wy de antieke stêd fan Side útride, is it noch 42 graden. Ik haw der in ûre omroun mei myn gasten. No't ik mear wetter drink en yn dizze temperaturen omrinne moat, begjin ik ôf to fallen. Ik sit hast op myn minimum. Ik lear in kâlde does to wardearjen. In pear kear op in dei ôfspiele mei allinne wetter. Op 'e fjirde ferdjipping komt it wetter dochs hast lauw út 'e kraen. Binnen 5 minuten kleeft alles dochs wer oan 'e hûd. Sjippe brûk ik net al to faek, hwant dat droeget de hûd út. Gewoan it swit der ôf spiele, hwant wekke bin ik al.

20080805parkingAspendos
Parking Aspendos 05-08-2008.

Op 1 Augustus begjinne der bosk-brânnen tusken Antalya en Manavgat. Dy saterdei-jûns wurd Aspendos neamt yn it neis. Hoe moat dat as wy der net hinne kinne mei de toeristen? Op sneintomoarn ryde wy gewoan nei Aspendos en sjogge op sa'n 500 meter ôfstân fan it theater de swart-blakere bergen yn 'e sinne lizzen. Wylst wy under de beammen op ús gasten wachtsje komt der in plysje-auto mei swaei-ljochten oer de heuvel oan, folge troch in stik of seis frachtweinen. It Reade Krús bringt soelaes foar de duperearden. By de ruines fan it akwadukt, oan 'e efterside fan it theater, meitsje wy in praetsje mei de lokale befolking. Se hawwe it ôfgryslike krap hawn. As wy fierder ride, sjogge wy in plak oan 'e kant fan 'e dyk, fan in 10 meter yn trochsnede, dat platbrânt is. It wie dus wol hiel tichtby.

Mozaïeken yn de rein yn de antieke stêd fan Side

5771a

5777a

5782a

Yn July hawwe wy al efkes preauwn fan in hittegolf, dochs is de temperatuer yn Augustus wol út to hâlden. Men moat fansels wol in protte wetter drinke. It swit rint fan moarns ier oant jouns let lâns myn holle en sammelt him ûnder myn kin. It liket krekt oft ik myn topke ûnderflibe haw. Mar ik bin net de ienichste, in protte minsken mei my. Nachts bliuwt de temperatuer hingjen roun de 30 graden. Allinne it lekken oer tsjin de tocht, hwant rúten en doaren stane tsjin elkoar iepen. Dat kin as men yn in flat wennet. Tocht lâns myn beswitte lea liket my net goed ta, dat it is of dat lekken oer of in ketoenen T-shirt oan. Dat T-shirt wurdt eltse nacht in pear kear wiksele foar in droegen. Wy hawwe no regelmjittich stroomstoaringen, It net kin de bulte airco's net oan. As ûnder ús de generator fan it restaurant begjint to brullen, wite wy dat wy net de ienichsten binne. Lêstich as it him jouns foardocht, dan moatte wy de lysten ynfolje by kearskes, hwant: "The show must go on".

5846a
Dropt by it theater yn Side

Begjin September begjinne de skoallen wer en dat is fuort to merken. Wy hawwe mar ien skoalbuske mei sawol Russen as Europeanen. Mar it blykt mar foar ien kear to wêzen. Al gau sitte wy wer op normale oantallen. Wy geane gewoan fjirder, mar no mei "middelbare" en "jonge pearen sunder bêrn". Ik haw der noch altyd niget oan, om minsken nei dizze prachtlokaasjes to bringen en hun oer de skiednis en kultuer fan Turkije to fertellen. Ik fyn it in hiele ear, dat ik dit dwaen mei. Dan reitsje ik yn 'e skiterij en it bliuwt mar oanhâlden, hokker tips ik ek opfolgje. Ik begjin ôfgryslik ôf to fallen, mar bliuw myn toeren dwaen.

Dan stjoer ik de baes der op út om pillen to heljen en úteinlik helpe dy. Op 19 September komt dan de earste tongerbui. Mar de rein falt mar in koart skoftsje. Ik sjoch dat ik al yn in wike of seis gjin update op de ynternetside setten haw, dat it wurd tiid. De tiid fleant hjir as men wille hat. Al it hiele seizoen wurd der op sneontomoarn ferdelgingsmiddel yn de rioelen spuite mei reek. Wy hawwe dan ek sa goed as gjin lêst fan miggen of muskieten. Ik krij bericht dat der einlik jild oermakke is, mar ik bin sa oan ein, dat ik it mar sa lit en earst neat foar mysels sykje. Ein September wurd myn mem opnommen yn it sikenhûs, mar ik kin hjir net wei.

5945a

Sa is de toeriste-wrâld. Earst it wurk dien meitsje en oan it ein fan it seizoen bist frij. It kontakt mei it thúsfront wurdt hwat intensiever en fan eltse feroaring bliuw ik op 'e hichte. Op 3 Oktober komt de baas mei it neis dat wy moochlik nije wike mei in groep Fransken nei Pamukkale geane. Dat ik dûk yn 'e wurdenboeken, om mar net mei in bek fol tosken to stean. No noch ôfwachtsje oft it wol troch giet. Dye trip nei Pamukkale giet net troch, mar yn'e pleats gean ik mei 16 Frânsen en 8 Nederlanders út Bovenkarspel de Doarpentocht dwaen, hjir yn 'e bergen.

7020a

Hwat my hjir wol opfallen is, is dat der gjin skelpen op it strân lizze, allinnich stjintsjes. Hiel frjemd. Op 11 Oktober gean ik hjir nei in reisburootsje om my flucht nei nederlân to boeken. De datum stiet dan fêst op 23 Desimber. Dan gean ik nei de haven en lit Ali los op myn hier. Hy moat it yn laachjes knippe. Ali is de buorman fan Haluk, hwêr't ik regelmjitttich sjoch oft se noch moaie T-shirtsjes hawwe. Op 13 Oktober lit ik myn bloed hwer efkes kontolearje en foar myn ynjeksie nei it Can, it ynternationale sikenhûs. Alles is yn oarder. Op 17 Oktober haw ik buikgryp. Dan op 30 Oktober is dêr de leste tour en no moat ik fantoan myn folledige eigen huur betelje.

Op 6 Novimber wenje ik in lêzing by op de ynternationale konferinsje foar it Kulturele- en Evenemententoerisme, hjir yn Alanya. Ik kuierje eltse dei wol efkes troch de stêd, besykje âlde freonen,wurd oansprutsen troch oaren en meitsje op dy manier neie freonen. Einleas thé drinke. Op 7 Novimber knoopje ik in praatsje oan mei twa motorriders. Ien is de oerbuorman, mar beide ride in Harley Sportster. Myn each falt op de moai foarme spatbuorden fan ien fan de moters. Ek de speciale ferve. Ik fertel dat ik in Honda-fan bin en dan wurde se neisgjirrich. Ik jou se in kaatsje mei de namme fan myn ynternetside.Se geane fuortdaliks nei binnen en sjogge efkes op myn ynternetside. Se litte in berichtsje efter yn myn Gastenboek. Sa kom ik der efter dat it hjir handelt om de presidint en de vice-presidint fan in Turks "chapter" fan No racer. De mannen kinne aerdich út de fuorten mei Dútsk, dat skeelt in stik, hwant myn Turks is noch net sa botte fier foardere.

7034a

7042a

Sûnder help red ik it net. Ibo fan in souvenir winkel freget my him to helpen syn Ingelsk op to poetsen. As tsjinprestatie freechje ik him my to helpen mei myn Turks. Ik gean twa kear yn 'e wike nei de winkel dy't hy runt mei syn broer Mehmet. Op 9 Novimber meitsje ik in praatsje mei de kaptein fan de glêsboaiemboat. Efkes fjirderop hawwe se swurdfisken fongen fertelt er. Hy seit dat ik meikomme moat en lit my op de fiskersboat dernjonken stappe. Sa kinne wy de fisken oanskôgje. Fansels freechje ik oft ik der foto's fan meitsje mei en ik krij tastimming. De kaptein fan de fiskersboat lit my op syn mobieltsje noch in filmke sjen fan in haai dy't se earder fongen hawwe. Ik moat mei-ite. It is hjir sa, as men jin hwat oanbiedet, kin men it eins net wegerje. Dat wurdt as onfatsoenlik sjoen. It is hjir noch altyd noflik to wêzen yn Alanya. Ûnderweis nei hûs hear ik muzyk yn 'e haven. In trouwerij. Se geane krekt fuort as ik foarby kom. Letter kom ik noch een bruidsstoet tsjin. Yn 'e winter hwurdt hjir in protte trout. Dan is de temperatuer nofliker en it wurk is net sa drok mear.

Hjoed is it altyd noch 27 graden, mar fannacht giet it kwik dochs noch nei in 13 graden. It fielt foar my mar kâld oan. Dat wurdt noch hwat as ik ein Desimber werom kom yn Nederlân. Op 12 Novimber meitsje ik in reiske mei mei dy glêsboaiemboat. Wylst ik werom kom fan de Balikcilar, hwêr't ik in tosti iten haw, rin ik dy kaptein tsjin it liif. Wy geane efkes op in bankje sitten en meitsje in praatsje. En wylst wy op petear binne kundigje him in stel Dútskers oan, dat se wol in reiske meitsje wolle. Hy seit fuort: dou giest ek mei, gean mar fêst oan board. Dat lit ik my gjin twa kear sizze fansels. Ik haw prebearre om foto's to meitsjen,mar dat skynt net to kinnen. Ik sjoch allinne mar it turquoise wetter under de boat. Ik haw mei it bleate each wol fiskjes sjoen, greate swimme fuort fan it lûd fan 'e motor. Ûndertusken sit ik to tinken om in side to meitsjen mei de namme: "Only in Turkey". Ik haw hjir en dêr foto's makke fan sitewaasjes, dy't jin yn Nederlân noait tsjin komme sille en it binne dochs sokke moaie plaatsjes wurden.

7121a

Op tiisdei 25 novimber nim ik middeis om healwei tolven de bus nei Antalya en dêr sykje ik dan in oare bus dy't my nei Bodrum bringe kin. Dat sit hwat tsjin, hwant de bus giet mar oan Mugla ta. Dêr sil ik wer in oare bus fine moatte, foar Bodrum. Al mei al stean ik de oare moarns betiid yn Bodrum.
Yn 'e have lit ik myn bagage kontrolearje, alles yn oarder. Ik keapje in slof sigaretten, 10 pakjes foar 10 euro is to dwaen, of net dan. Dan nei de paspoart-kontrôle en ik mei it lân net út. Op straffe fan in fikse boete en ik mei de earste 6 moanne net hwer werom it lân yn. Ik soe reizgje mei ûnjildige papieren. By de frjemden-plysje yn Alanya hawwe se myn ferblieuwsferguning efkes, omdat it ferlinge wurde moat. Ik hie it formulier ynfolt, 2 pasfoto's oerjown, ik hie in kopie makke fan myn banksaldo's en it bewyske dat ik 910,75 lira betelle haw op it belêsting kantoar. Dan krigest in briefke hwer't op stiet dat it yn 'e maak is en dêr soe ik sûnder problmen mei reizgje kinne. Net dus. Hy sil sjen oft wer my yn 'e kompjoeter fine kin, mar dat slagget net. Ik moat werom nei Alanya.
Neidat ik de oare moarns myn bagage yn myn keamer setten haw, gean ik fuortdaliks nei de frjemden-plysje. Dêr hiene se tsjin my sein dat ik op dat briefke reizgje koe. Myn "ikamet' is al klear, dat dat nim ik fuortdaliks mei, hannelje noch hwat saken ôf yn Alanya en dan op snein 30 novimber gean ik hwer fuort om op moandei mei de boat fan healwei tsiennen oer to gean nei Kos.
Dit kear tref ik it, der giet fuortdaliks in bus troch nei Bodrum en sa stean ik om middernacht yn Bodrum op de Otogar, de busterminal. De taxi-chauffeurs roppe al en ik siz allinne as se in goedkeap hoteltsje witte mei skjinne lekkens en in douche. Dat witte se wol. Ik krij noch in pear oeren sliep en hwat moarnsiten en dan wurd de taxi skille om my nei de haven to bringen.
De plysjeman dy't de bagage kontrolearet freget: How are you doing love? Ik fortel him dat ien tillefoantsje nei Alanya it probleem sa oplost hie, hwant dêr leit myn dossier. No hat it my oer de 150 lira koste. It etterbakje hat hjoed gjin tsjinst, mar goed ek, hwant hy hie it grif ûnder de noas wreaun krige. Dan giet de reis fierder nei Kos, ik besykje myn freondinne en har soan. Ik hoech no net meat to helpen mei de ferhúzing, dat is al efter de rêch. Ik haw no gewoan fekânsje yn it hûs fan myn freondinne, har soan en de hûnen en katten. Ik bliuw in wike. By it nije hûs hat se ek in stik as 10 ferwylderde katten erft, dy't troch de oare bewenners fuorre woarden. Se hat der ek noch 8 hinnen en in hoarne by krigen. Farske aeikes moarns. Mar it is in frjemd gesicht as de katten en de hinnen troch inoar mei elkoar steanne to iten fan de kliekjes fan tafel.
It fear giet mer 3x yn 'e wike yn 'e wintertiid, dus ik moat in keuze meitsje, oft ik freed al werom gean of de moandeis. Dan is it 8 desimber en dat betsjut Kurban Bayram, it slachtfeest. Ride dan de bussen wol? Ik kin mei kamil Koç nei Antalya, mar dêr geane seker gjin Dolmus bussen nei Alanya. Mar ik fyn in touringcar dy't dy kant al út geat, nei de otogar. Dêr nim ik de stêdsbus nei hûs en sa bin ik op tiisdeimoarn om healwei njoggenen wer op de basis.
Ik begjin oan in list fan alles hwat ik regelje moat yn Nederlân. De heale koffer leit al fol mei souvenirs, dat op 'e weromreis kin der in soat drop yn en oare Nederlânske produkten. Op 22 desimber is der wol in transfer nei Antalya, jouns om 6 ûre, mar myn flucht giet pas de oare moarns om 6 ûre. As der gjin opûnthald is, dan stean ik om healwei tsiennen op Skiphol. It miezert al 2 dagen yn Alanya, dat ik doch allinne de nediche wask en lit de rest foar letter lizze, as ik werom bin. Roel hat alles hwat er my ta ha wol sunt koart yn 'e garage setten. Hy hat yn it ôfrounne jier 110 bananedoazen fol stouwt. Mar by in erkent bidriuw moat alles yn "echte" ferhúsdoazen. Dat ik moat alles ompakke by in temperatuer fan roun it vriespunt. lekker as je 10 moanne yn in hiel wat aangenamere tempertuer leeft hawwe, yn Turkije. By dizze temperatuer haw ik in abonnement op it húske.

TONEI MEAR

Nei boppe