2010

It nije jier is goed begűn. Oerdeis al myn spul in plakje jaen en hwer jound, dit kear oan in read/wyt patchwork projekt dwaende. Alles moat mei de hân, hwant op Kos wie myn naeimasjine al stikken. Pas op 12 Jannewaris haw ik sa goed al al myn guod útpakt en spul al hwer ynpakt, hwant ik haw der gjin plak foar yn myn lytse keamerke. Allinne it wichtichste stiet no yn hűs. Ik haw myn eigen plakje foun. No en dan komme freonen by my in bakje to dwaen en dan meitsje wy it ús noflik. Ik kin no myn libben hjir opbouwe. Ik shoch al út nei it seizoen.

5366b

Der is praet fan dat sommige hotels hun doarren in maand earder iepenje dan yn it lęste jier, dus dat belooft hiel hwat. Ik haw der alle betrouwen yn, dat it wer in goed seizoen wurdt. Op woansdei 6 Jannewaris gean ik lâns in twaddehâns saakje en fyn in garderobekast. Op snein 10 Jannewaris meitsje ik mei Yasin noch in boattour mei in pear Dútsers oan board. Lekker efkes útwaeie. Der is hast gjin golfslach.

5431b

ferbaasd oer de golven dy't der steane. Ik skat dochs sa'n 3 meter heech. Alle doazen binne no útpakt en hwer't ik efkes gjin plak foar haw steat yn 'e oare sliepkeamer, dat fyn ik letter wol wer. No noch in tafel en stuollen op 'e kop tikje en in pear kasten. Op 23 Jannewaris liket de winter yn Nederlân foarby en ik sjoch of't ik ek in goedkeap ticket krije kin om wer de femylje to besykjen. En dat lukt. Op woansdei 27 Jannewaris gean ik nei Nederlân en bliuw oant 27 Febrewaris. Dan flean ik earst hwer werom nei Antalya.

Ik bin krekt in pear dagen yn Nederlân of ik krij bericht dat it pakket dat Hanneke my begjin Novimber opstjoerd had, oankaam is. It hat 10 wiken űnderweis west. Dan kom ik hwer yn Alanya werom. In maand ferstrykt mei freonen besykje, eindeleas thee drinke en genietsje fan de middeis-sinne. Undertussen gean ik eltse joun fierder mei myn patchwork-projekten en die begjinne al ras greater to wurden. Op 28 Maart is dęr dan myn earste tour fan it seizoen. Folge troch 30 Maart en 1 April. Dan slagge wy de 4de oer en gean troch op 8 en 11 April. It seizoen is begong!


Naar boven

© 2005 Webdesign by Betty Smit.

zinloos