LADIES ONLY 3 JULI 2004 TT-CIRCUIT ASSEN

tt01
Parkeare moarns
tt02
Opstelle yn 'e pits
tt03
Op it circuit
tt04
Earste sessie
tt05
Ûnderweis foar de 2de sessie
tt06
Yn de chicane (GT)
tt07
Werom nei de pits
tt08
Prate mei Karin
tt10
Hanson
tt11
Hanson
tt09
De groep Lady's
tt12
Op wei nei de pits
tt13
By Brock Parkes efterop
tt14
Motertraining
tt15
Moterbehearskje

ladies1
Tidens ien fan de sessies op it circuit fan TT-Assen.

Moarns wurde alle moters earst test op lûdsoerlêst fan de útlaat en wurd de transponder op de moter plakt. Dêrnei is der in briefing, fan de manier fan bochten riden op in circuit en circuit regels, betekenis fan de flaggen esf. Oanslútend wurd der yn groepen efter een marshall oan oer it circuit riden.

ladies3
Te let, ik hie krekt noch it pedaal oan ‘e groun .

Tidens de earste sessie wie de baan noch wiet en wurde in top snelhyt fan 80 km yn ‘t oere helle. Wy wurden yn it parsesintrum op in stikje teory traktearre, wylst de marshalls de video's beseagen, dy wisten no wa ‘t der by mekoar yn in groep passe.

ladies2
Goed sjen wêr ‘t ik hinne wol.

De twadde sessie begongen wy mei 4 froulju, mar by de pits blykt, dat wy der 2 ferlern binne, dus it gas derop en doe hellen wy dochs in topsnelhyt fan 150 km yn ‘t oere. Hjir haw ik yn de earste hierspjeldebocht ek flink it rjochter fuotpedaal oan ‘e groun hawn. De fotograaf wie krekt te let.

ladies4
By Brock Parkes efterop en hurd dat it gie!

Middeis wie der noch gelegenheid, troch lotting, by ien fan de racers efterop oer it circuit en ik wie ien fan de lokkigen.

Dêrnei wiene der oefeninkjes, foar moter behearsking. It dûnsjen mei de moter. Slalom, op de tank sitte, efterop sitte, op de knibbels op de buddyseat, yn amazônesit op de moter, wy joegen der neat om. Mei losse hantsjes oer in moter bân ride, gewoan een dot gas jaen en hannen en fuotten wied, In geweldich gefoel. Oan it ein fan ‘e middei noch efkes oer de wip. De dei einige met een barbecue.

Nei boppe

© 2004-2005 Webdesign fan Betty Smit.