2009

As ik op 2 jannewaris de earste doaze iepen lûk, helje ik dêr as earste de map út fan origami. De begjinnerscursus. Der sit skimmel op. Dat docht sear, ik bin der altiid súnich op west. Geweldich om heale pakjes koekjes tusken myn spullen to finen, dy't begjin foarich jier al ynpakt binne. Ik kom klean fan Roel en de jongens tsjin hwer't ik absolút net op sit to wachtsjen. Hwêr giet dit oer??? Dat is toch ûnsin sok soarte dingen der by yn to pakken. Op 7 jannewaris krijt myn mem in oanfal fan epilepsie. Dat kin komme fan it stopjen mei de medisinen, hwêr't hja sa'n útslach fan hie. De dokter tinkt dat se ek noch in beroerte derby hawn hat, se leit yn koma. Der is gjin kontakt mear moochlik. Ik lien de auto fan ús Hindrik en gean op besyk. My âldste broer is der mei syn frou en fansels ús heit mei de hûn. Der wurdt beslúten dat mem net oan 'e slangen lizze sil, dat wy wachtsje op it ein. Op 10 jannewaris reizgje ik ôf nei Coevorden mei myn jongste broer. Efkes by Annie op besyk en myn moter fansels. Inkelde foarumleden komme ek efkes del en wolle alles wite oer myn Turkse aventûr.

8248a
Coevorden
8352a
Transport
Noch 3 wiken en dan moat myn spul op transport. Ik moat noch troch seker 40 doazen en al it oare spul en húsried moat ek ynpakt wurde. Ik haw noch wol oanslach. Tusken de bedriuwen troch besyk oan myn mem, mei of sûnder de bern. Sa gean ik op snein 11 jannewaris nei har ta en koart nei wy der binne, blaest se har lêste adem út. Ik moat efkes in pear dagen ta mysels komme, hwant it rekket my tige. Ik lit de brut efkes foar hwat it is, freeds is de kremaasje. Ik kin my der de hiele wike net ta sette, om troch it spul to gean yn dy kâlde garage. De wike dêrnei liz ik mei hege koarts, de gryp hat my to pakken. Ik hoasje my de longen út it liif.
Dan sil ik dochs los moatte, ek al is it min 12 graden. De measte dingen dy't ik tsjin kom binne skansearre. Noait earder opfallen, dat it sa wie, mar no farske breuken. Fan beppe har antieke traep-naaimasjine mist in farsk stik finear. Ek fan it búkkastje. Dat wie in pear dagen ferlyn noch net sa, doe't it noch yn 'e hûs stie. De lêste wike helpt Johnny my mei de greate dingen yn to pakken. Op saterdei 31 jannewaris komt de truck alles opheljen en dan is alles ûnderweis nei Kos. Ik ferbliuw noch altyd by myn dochter, dy't ek yn Feanwâlden wennet. dan is it mar 10 minuten rinnen om los to gean yn 'e garage.
8364a
Holland
It wurdt tiid om heit efkes to skiljen, hoe't it mei him giet. Roel leit dwars. Ik haw in lyst makke fan alle dingen dy't ik net yn de garage tsjin kaem bin en dy't ik wol hawwe soe. Hy krast alles troch mar set it der net by. Sei er ferline jier noch dat it him niks skele koe oft ik de hiele keet leech helle, no tinkt er der dochs oars oer. Of soe er net lokkich wêze, dat er dingen om him hinne hawwe moat. It wie dochs syn foarstel om mar to skeiden, hy hie in oar op it ynternet foun? Op saterdei de 31ste is dan einliks myn spul underweis. Ik soe op 5 febrewaris fleane nei Antalya. Mei de bus nei Alanya, de koffer leech goaie en fulle mei spul dat nei Kos moat en dan fuort deselde deis ûnderweis nei Bodrum. It guod sil pas roun de 12de op Kos levere wurde. Mar ik krij bericht, dat myn flucht net troch giet en ik mat kieze tusken de 3de of de 7de. Ik kies der foar om de 3de dan mar to gean. Dan wurdt it noch koart dei. Dan krij ik in mailtsje fanôf Kos dat oan it ein fan 'e wike myn spul der al stean sil. Dat wurdt trochpakke, dat wurdt koart yn Alanya bliuwe en deselde jouns wer fuort, ûnderweis nei Bodrum. IK beslút om 2 dagen yn Alanya to bliuwen en op adem to kommen. Dan gean ik mei kamil Koç nei Bodrum. Ik hoef allinne mar yn Antalya oer to stappen mei myn folpropte koffers. Mar de bus stoppet neist de oare bus, dat ik hoech net sa fier der mei to rinnen. Mar dan sit it tsjin, it kin noch wol efkes duorje foar myn spul oankomt.
8386a
Otogar Antalya
Úteinlik sit ik 10 dagen to tûmkedraien foar dat myn spul oankomt op Kos. Hast elke joun ûnwaer, dat ik wurdt der hwat "depri" fan. Ik bin noch mar in wike oan it útpakken oft ik gean hwer troch myn rêch. Ik sit 3 dagen mei pine op 'e bank en dan betink ik my net langer, ik gean werom nei Alanya.
8621a
Nymphaeum, Kos
Op de lêste dei dat ik op Kos bin, rin ik lâns de ôfgravingen in Kos stêd. Ik moat hjir mar efkes roun sneupe en hwat fotokes meitsje hie ik tocht. In soarte ruines binne út de tredde ieuw foar Christus. Ik fyn prachtig moaie mozaieken en muor skilderingen yn âlde badhûzen. Dan sjoch ik in marmeren kolom stean mei in ionisch kapiteel derop. Dat moat ik efkes fan tichteby besjen troch it ienichste rút mei tralies der foar. Ik rin de marmeren trap op en hwat ikdan sjoch... Letter lês ik dat it hjir handelt om in Nymphaeum, mar sa geweldich moai. Ik krij mail út Nederlân,ik kin yn't koarten besite forwachtsje. Der wurde plannen mnakke om der mei in moter op út to gean, in wike lang. Ik wol ek graech hwat fan dit lân sjen, dat it liket my in goed plan.Yn 'e bergen is it noch ôfgryslike kâld, seker mei de snie op 'e toppen, mar sa stadichoan wurdt it al waermer eltse dei. Jouns giet it kwik noch wol nei 15 graden en ferwaarming kinne se hjir net. Gewoan de winterjas oan en in tekken om jin hinne. Ik stek dan noch wolris een waxine-ljochtsje oan om de slimste kjeld der út to krijen.
Hite thé drinke, in soat hite thé. Tsjin it middeis-ûre hawwe de sinne-panelen genôch waerm wetter produsearre om in douche to nimmen en dêrnei gean ik de stêd yn. Op besite by freonen en einleas thé drinke. Ik hear hjir en dêr dat der dit jier 30 miljoen toeristen ferwachte wurde yn Turkije. Dat wiene yn it ferlyne jier amper 27 miljoen. De helte komt nei de Turkse Rivièra, dat was wyt, it kin wol ris in better jier wurde. Wy wachtsje ôf. Earst der mei myn motoermaatsje op út. Hast eltse dei stiet der in kettenrad by de winkel fan de vice-president fan it Turkse chapter fan no-racer hjir under yn 'e strjitte.

TulpenAtaturkMonument
TapijtReparatie

As ik de gegevens fan myn motermaatsje krij, gean ik der efkes lâns. Se sille fêst wol in betrouwber adres wite, hwer't ik moters hure kin. Ik fertel dat der in aventûr foar my to wachtsjen stiet. Sa as de plannen no binne, in wike ride troch Turkije en mar sjen hwer't wy útkomme. Ik krij in adreske en in ynternetside der by. De moterferhuurder hat ek routes sjoch ik wol, dat oft de plannen noch feroarje wyt ik noch net. Dêr prate wy wol oer fan it fleanfjild nei hjirre. Ik sil mar fêst pinne en papier yn de tanktas dwaen, dan kin ik oantekenings meitsje. As er wer fuort is kin ik der in moai ferhael fan meitsje, mei de nedige foto's fansels.

De 14de komt hy oan en mei noch in wike to gean, kin ik sizze dat it hjir om 6 ûre fan 'e jounes 23,9 graden wie mei de wyn fan sé. De sneons bin ik yn Alanya oankaam en moandeis gean ik fuortdaliks nei it "Yeni Can" sikenhûs om myn bloed neisjen to litten. De masjine is stikken, dat it bloed moat nei Ankara ta stjoerd wurde. Dizze kear haw ik net nei 2 ûren al de útslach, mar nei 2 dagen. Sa as ik al tocht sit it hwer forkeart mei myn waerden. Ik freechje my dochs ôf, oft it komt omdat ik 6 wiken yn Nederlân west bin, of dy 3 wiken op Kos. Ik feroarje de midisinen dizze 2 moanne net, mar ris sjen oft it stabilisearret, of net. Op 14 Maart heklje ik myn motermaatsje op fan it fleanfjild, wy geane mei de taxi nei de Alanyada, de dyk tusken Antalya en Alanya en nimme dêr in bus fan de Akdeniz nei de busterminal yn Alanya. Dan wer in taxi nei myn appartement.Wy dumpe it spul en dan de stêd ferkenne. Fansels lûkt de haven en wy ite by de Balikçilar. Jouns geane wy nei Martin om in moter te regeljen.

OnderwegNaarKapadocie
ZuilengalerijAspendos

Mar...hy wol ús gjin moter ferhure as wy sa fier fuort wolle. As der hwat mei de moter komt,dan is it to djûr om de moter hwer op to heljen. Nou dan mar in auto hure. Sa efterôf binne wy wol bliid dat it sa roun is, hwant wat hiene wy it kâld hawn ûnderweis, tusen de bulten snie troch en sniebuien en wiete snie foar de kiezen. Wy hure de auto foar in wike, dan kin ik Jan ek nei it fleanfjild bringe, hwant hy fleant betiid en dan ride der noch gjin bussen. Op snein to middei ride wy yn 'e rjochting fan Anamur. De earste dei komme wy net fierder as Ermanek. De twadde deis belânje wy yn Ürgüp en der bliuwe wy 2 nachten.

Dan geane wy wer nei Alanya werom en meitsje wy deitochtsjes nei Side, de Belkis-brêge en in toer fan it Aquadukt fan Aspendos. Wy ferkenne noch in stik fan it Taurusgeberchte en ite in fiskje by de Dimçay.Dan is it al hwer sneon en geane der 3 mobieltsjes om 6 ûre ôf. De rit giet nei it fleanfjild fan Antalya en dêr nimme wy ôfskie. De wike wie sa mar om, mar hwat hawwe wy in protte sjoen, it like folle langer. It ûtwreide ferslach fan dizze fekânsjewike stiet ûnder dizze LINK of Yn de navigatiebalke ûnder "fekânsjes" en dan 2009: Naar Kapadocië met JanBMW. Neidat ik Jan fuortbrocht haw, ryd ik nei it theater fan Aspendos.

AspendosTheater

Ik bin der mar ien kear yn west en doe hie ik toeristen mei en dy freechje sa folle, dat ik hie wol foto's makke, mar wie de treppen net op west. Dat doch ik dan no efkes. Dan haw ik it yn elts gefal mei eigen eagen sjoen, hwat ik de toeristen fertel. Dêrnei rin ik de heuvel op om roun to sjen yn de âlde stêd fan Aspendos en dat wie noch in great plak ek. De hiele wyke reint it eltse joun en hawwe wy ûnwaer. Tusken de buien troch efkes in boadskip dwaen of yn 'e stêd efkes hwat ite. Mar op sneon skynt de sinne wer. Ik hie al langer it plan om ris op 'e skeepswerf by de rots to sjen, mar nim de forkearde ôfslach. It stiet dan ek net oanjoun, of de buordsjes binne der ôf helle. In geweldige omjouwing falt my ten diel en tusken de kantelen fan it âlde fort troch haw ik in geweldich útsicht oer Alanya. Hjir steane noch âlde hûzen in tradisjonele styl. In protte derfan binne ruines en net ien hat it lef om se op te knappen. Oer hobbelige dykjes rin ik oan heech op de rots en dan oer klinkerwegen wer nei ûnderen.

Alanya283 Alanya291 Alanya332

Dêrnei de Boulevard op, nei de Balikçilar. Ik wurd útnoege om een reiske mei de "Black Pearl" to meitsjen. Der stiet in aerdich wyntsje, dus aerdich hwat deining. As ik werom kom, dan mar fuort nei de Balikçilar, hwant ik haw sin oan iten. Ik kom lâns de glêsboaiemboat en siz de Kaptein efkes gedag. Hy sit in pear boaten fierder en helpt in skipper de netten út de tiis to heljen. Der sitte nochal hwat takjes yn. Troch de rein spiele in protte takjes út it wetter fan 'e Dimçay. Der leit al in hiele stapel greate takken oan board.

Alanya375

Hiele stikken fan 'e netten binne stikken, der sil boete wurde moaten. Komt troch Haeien en Dolfijnen seit de skipper. De kaptein (Said) seit dat ik oan board omme moat en efkes sitten gean moat. Hy lit my 3 kreeften sjen en in stik os hwat greate grenaten (scampi's) Dy sille wy aenstens ite seit er. Wy geane nei syn boat ta.Út it foarûnder komt in gassteltsje en in koekepanne. De séfruchten wurde yn in laachje wetter út in flesse op it fjoer setten. Der komt in planke oer hinne. Út in âld wetterfleske komt hwat sâlt en dan kinnen wy ite. Der komme mear op 'e rook ôf en elts kin hwat priuwe. Hwat in gastfrijheit. Dit wie hwat foar Jan west.

Op 2 April begjin ik by ús branche-office om touren to ferkeapjen en as ik jouns werom nei hûs rin, dan is de loft dik fan de rook fa de sinasappelbloesem. Op 15 April is de plysje begoun in greate skjinmaak-aksje to halden. Alle scooterkes en moters wurde oanhalden, mei of sûnder helm, gjin rydbewys, dan sûnder pardon wurdt de moter yn beslach nommen. It is ynienen hiel reêstich op strjitte.

Earst op 19 April haw ik myn earste toer. Wy hawwe 4 dames út Brabân fan tsjin de 70. Ik mei sels ride yn in liende auto. As jimme it Turkse ferkear kinne, dan wite jimme dat men dan jin úterste konsintraasje nedich is. Oan it ein fan 'e dei bin ik dan ek sloopt. Mar it wie in succesfolle toer en dêr giet it om. Twadde toer mei ik wer sels ride en dan haw ik 2 stellen út Belgie. Efkes bûten Alanya wurd ik al oan beide kanten ynhelle. Dat wurd hjir noch talitten, oant der hwat ferkeard giet fansels. Mar it seisoen begjint op gang to kommen. Op Memmedei 10 maeie geane wy al mei 2 buskes. De Poalen en Russen yn in buske mei de baes en in Kollega en ik mei mei ús Tsjechische collega yn oplieding de oare bus dwaen, mei allinne minsken dy't ingelsk ferstean kinne. Wy lizze moai op skema as wy underweis geane nei Side. Ik haw sa ûngefear berekkene dat wy efkes nei seizen thús wêze kinne. No, moai net.

Komme wy mei de bus sûnder besine to stean. De sjofeur nimt in lift en hellet besine by in tankstation en mei help fan in wetterfless hwêr't de boaiem underwei ropt is, wurd it skoandere focht yn 'e tank jitten. Mar starte ho mar. Elts út de bus en dan sille de mannen him wol efkes oantriuwe. Mar fergeefs. Dêr moast wol efkes in plaatsje fan sketten wurde fansels, oars leauwt gjinien dit ferhael. Úteinliks meitsje ik myn toer ôf mei in oare bus en bin oardel ûre letter thús.

20090510alanyada
1752b

Roun it Pinksterwykein wurdt fuotbalclup Besiktas kampioen. Datselde wykein begjint der in festifal yn 'e stêd. It begjin fan it neije seisoen. Has eltse joun wurdt der wol fjûrwurk ôfstutsen, mei de nedidhe knallen, hwant it dreunt troch de hiele stêd. It oantal minsken hwat mei üs op tour giet hellet oan, mar bliuwt wikseljend. Dan wer ris 42, dan 22 and dan wer 10. Men kin der net fan op oan, mar wy hawwe noch altyd toeren. Op 16 Juni hawwe wy mar 3 Ingels sprekkende minsken, foar de rest is it allegearre Poalen en Russen. Üs Poalse kin dy 3 Ingelsen wol oan en ik mei mei in Kollega de Manavgat boattour dwaen. Hy moat helpe by it ôfheljen fan de hotels, hwant der binne hotels by, dy't ik noch net kin. Ik mei de bla-bla yn 'e bus dwaen.

Nei in boatreis fan in dik ûre, giet de boat oan 'e kant en swim ik efkes yn 'e Middellânske Sé. Dan gean ik efkes op it strân lizzen yn it sintsje. Mar net to lang, hwant dan gean ik it strân op, om to genietsjen fan in Gözleme. In tinne pankoek fult mei krûmeltsiis en farske krûden, lykas Peterselie. Ik spiel my ôf yn it mineraalwetter fan it Manavgat kanaal. Ik wyt no dat it tige kâld is. De Dumanli bron levert wetter fan 14 graden, mar no't dy op 120 meter djip yn de Oymapinar stuwmar leit en de sinne der eltse dei op skynt hie ik dochs tocht dat it al waermer wêze soe as de 18 à 19 graden. Op de weromreis sjoch ik de boat fan freonen fan my op 'e kant lizzen. De boat is yn reparaasje.

2010b
2368b

Dit is de boat hwêrmei Roel en ik yn desimber 2007 in reiske makke hawwe. Dy âlde kaptein sjoch ik no regelmjittich op in oare boat.
Dan begjint it ynienen oan to lûken. Op 21 Juni hawwe wy al 64 minsken. Noch altyd net folle Europeanen, mar doch. Op moandei de 22ste haw ik in privétour mei 11 minsken fan ien famylje. Tiisdeis hawwe wy al 68 minsken oer 2 bussen. Oerdeis komt it kwik al oer de 40 graden. Nachts mar krekt ûnder de 30. Op 29 Juni gean ik foar de earste kear op tour nei Hierapolis en it fenomeen Pamukkale (katoenen kastiel). Togearre mei ús Poalse en Russische gids/go-card.

Middeis hawwe de toeristen 2 ûren op de kalk-sinter-terrassen en ik gean efkes in heal ûre yn bikini yn it thermale wetter lizzen. Tiisdeis is de boat fan myn freonen werom yn 'e haven. Op woansdei help ik skjirjen, sadat se striken bliuwe kinne. Tongersdei meitsje se de earste boattour mei toeristen, mar ûnderweis barst in oalje-slang. Die is rille gau makke. Jouns geane wy efkes by hun oan boart. Elts is bliid. Mar op freed foar de útgong fan de "Leafdesgrot", blaast de motor op. Hwer weromslach foar hun. Dy jounes komme se by my op 'e keamer om to praten. Se sitte der allebeide trochhinne. Op myn frije dagen gean ik noch geregelt nei de haven om efkes mei hun to kletsen. It duorret sa'n 2 wiken foar de neije motor der is.

2300b
3807b
Zonsopgang
3399b
Zonsondergang

As dy komt, sil it rûm oanpast wurde moatte om rjocht to kommen mei de skroef-as. It begjint hwat oan to heljen mei toeren. No en dan hawwe wy 2 greate touringcars foar de tour dy't ik doch. Elts klaget stien en bien. De toeristen sjogge allinne mar en keapje selden hwat.

3628b

It begjint hwat oan to lûken. No en dan geanne wy mei 2 greate touringcars der op ut. Elts klaget stien en bien. De touristen sjogge allinne mar hwat der sa to keap is, mar keapje eins noait hwat. Noch hieltyd in bytsje Europeanen, mar dochs bliuw ik oan 'e slach. Op moandei 22 Juni haw ik in privé-tour mei ien famylje fan 11 persoanen. Dy tiisdeis hawwe wy al 68 minsken oer 2 bussen. Oerdeis giet it kwik oer de 40 graden. Yn 'e nacht kuollet it ôf nei ûnder de 30 graden. De tiid fleant om. Op moandei 3 Augustus gean ik hwer nei Pamukkale. Mar ik haw ûntofreden klanten, dy't net goed foarlichte binne en dat krij ik yn 'e skuon skout.

Se hawwe goedkeape tickets krigen, mar dat hâld yn dat se de yntree foar de sinter terassen net betelle hawwe. Dat no moatte se elts noch 20 Lira of 10 Euro bybetelje. Oan it ein fa 'e dei krij ik fan in vent in fûst op myn kin. Hwat in held dat er in frou doart to slaen!

Mar dan op 16 Augustus krij ik de kâns fan myn libben. In bus fol mei Nederlanders, hwerûnder 2 bêrn. Ik haw mar 4 adressen fan opheljen as ik moarns allinne op paed gean. By it earste adres komt in mem mei in soan en in dochter yn 'e bus. It tadde adres komt in groep fan 14 minsken, 12 derfan hawwe in lichte geastelike handicap, mei 2 froulju die de minsken begeliede. Hwat binne se bliid as ik moars siz dat it hjoed in Nederl^nsk feestje is. Oan it ein fan 'e dei kin der net mear ljocht in dy eagjes stean en it is oft se mei it mes ieten hawwe, de glimkes steane fan ear oant ear. Ik kom ek mei ljochtsjes yn 'e eagen op kantoar en ik krij sahwat kramp yn é kaken fan it glimkjen. Hwat in geweldige tour hawwe wy dizze dei hawn.

3356b
3569b

Oan it ein fan it Heechseizoen, as yn Nederlân al hwer de skoallen begoun binne, hawwe wy de greatste tour. 100 Toeristen oer 3 bussen ferdielt. In touringcar mei 46 plakken en 2 midibussen mei elts 27 plakken. It oantal Poalen en Russen nimt ôf, mar dat is mar tydlik. Wy hawwe no efkes mear Europeanen. Sa haw ik op 10 september in touringcar foar my allinne. De midibus mei Poalen en Russen is foar myn kollega's Wy meie net klage, de oare burootsjes komme mei skoalbuskes. Dy binne noch altyd frij, hwant de bêrn hawwe hjir normaal 3 moanne fekânsje, mar fanwege Ramazan hawee se noch 10 dagen ekstra krigen. Sadwaende kinne de burootsjes dy buskes fan 17 stuollen brûke.

Op myn frije dagen bin ik noch faek op de Carpe Diem to finen. Ik nim dan altyd wol de swimklean mei. Tidens de boattouren binne der ek swimpauzes en dan swim ik altyd efkes mei myn freondinne in slach om 'e boat. Earst by de reade toer en letter yn iepen sé, neidat wy de fosforgrot oandien en de fiskjes fuorre hawwe. Dan kinst hiele swermen fisken swimmen sjen yn it heldere wetter. Yn 'e nacht fan 11 op 12 september krije wy ûnwaer en stoarm. De earste echte rein nei dy pear buikes fan ôfroune wyke. Datis 2 wyken earder dan de foargeande hieren. Men makket him soargen, mar dat blykt net noadich. It moaie waer bliuwt, it kuollet allinne nachts flink ôf.

3163b

It giet noch altyd op en del, hwat it oantal toeristen oangiet. Tiisdeis is de dei dat minsken geane en komme. Dan hawwe wy it leechste oantal. OP 13 Oktober fleane ús Poalse gidsen werom nei hûs. Dan op 14 Oktober wurd ik moarns om 6 ûre wekker fan Ûnwaer. It is in echte stoartbui en it wetter kin net sa gau fan it foarste balkon fuort komme, dat de oare sliepkeamer stiet blank.

Op 12 november har ik midden yn 'e nacht noch in augustus insect. It tsjirpt der mar op los. It hat dy deis reint. Op 8 Novimber hie ik noch 8 gasten en dan yniens is it gebeurt mei de touren Stilte, rêst. Der wurde noch wol gasten boekt, mar omt it net mear rendabel is foar us buro, wurde se elts hinne stjoerd, opdat dy noch in folle bus krije. In rin regelmjittich nei de haven en oanskou de 10 bildhouwers dy't mei neije bilden dwaende binne. Dy wurde oer de hiele stêd dan wer pleatst. Dat dogge se hjir elts jier. Mar it wurd tiid dat ik spikers mei koppen slach.

4902b
4917b 4923b 4927b

Nei lang tinzen bislút ik om al myn spul fan Kos to heljen. As ik it de baes foarliz, stelt er foar, dat wy myn spul op kantoar in de lege sliepkeamer sette en boppe op myn keamer. Yn it foarjier steanne der altiten in bulte apartementen leech en dan binne se ek net djoer, lykas yn it nij-jier. Dan wol ik hwat foar mysels hure en dan kin ik dan dochs myn libben hjir yn Alanya opbouwe. Op 4 Desimber reisgje ik mei de bus ôf nei Kos. Ik moeat alles ynpakke. Ûnderweis is it great feest op eltse Otogar, hwant de jonges moatte yn militaire tsjinst. dat bart 4 kear yn't jier. Ûnderweis is der geregeld contrôle, om to sjen oft der ek guon binne dy't yn 'e ferkearde bus gien binne. Sûnder fertraging komme wy dan yn Bodrum oan. As men dy haven sjocht mei al dy djûre boaten, so men net leauwe dat der crisis yn Europa hearsket.

4934b 4939b 4944b
4946b
Daar ligt Kos.

Oerdeis bin ik drok mei ynpakken en jouns dan sit ik to naeien mei myn beige patchwork-project. Sa kin ik my ûntspanne nei alle drokte, mei in glêske Retsina derbei fansels. Mar ik moat ien fine, dy't myn spul ferfiere kin en ik praet gjin Grieks. As ik op 8 Desimber de sted ynrin en dan ter hichte fan de ôfgravings nei rjochts sjoch en diz kear net nei links, dan fyn ik in antiek theater. Dêr moat ik efkes hwat plaetsjes sjitte. By de ôfgravings sjoch ik dat der plastic jirne ôfhelle is, dat der oan it begjin fan it jier noch wol siet. Dat moat ik ek efkes sjen. Ik fyn moaie muorre skilderingen yn hwat in soarte fan badhûs west hat.

4999b
Theater
5016b
Muurschilderingen
5038b
Eier-motief

Ik vind er bovendien een stuk marmer met het bekende eier-lijst-motief, dat ik zo veelvuldig in Side tegenkom. Typisch Romeins. Ik maak die week nog wat foto's bij de oude plataan, waaronder Socrates les moet hebben gegeven en koop nog een aandenken bij een souvenirwinkeltje bij de oude agora. Ik loop op de terugweg nog langs een motorzaak waar toch wel een hele aantrekkelijke 1-cylinder in de etalage staat. Na 2 weken kom ik in kontakt met reisburo Fanos en zij kunnen me verder helpen.

5098b
Kwijl-object
5040b
Oude Agora
5124b
Kerk met iconen
5133b
Kiezel-mozaïek
5160b
Broodje Gyros
5234b
Adonis + inboedel
5241b
Daar ligt Bodrum

Op 21 december ga ik met de ferry met al mijn spullen van Kos-stad naar Bodrum. De boot vertrekt met vertraging, want er moeten nog 3 motoren aan boord van 3 Italianen en de kapitein is bang dat de motoren kunnen vallen tegen één van de auto's, waaronder een BMW Z4. Maar onderweg worden we op een prachtige zonsondergang getrakteerd.

5243b
Aan boord
5244b
Het BMW'tje
5252b
Zonsondergang

Maar de douane in Bodrum doet moelijk. Mijn baas wacht me op met één van onze vaste chauffeurs die voor de gelegenheid alle stoelen uit zijn schoolbus heeft gehaald. We boeken een pension voor de nacht. De volgende morgen weer naar de haven. We worden naar het hoofd van de douane op het vliegveld gestuurd, 35 km verderop. Ze willen de spullen naar Antalya sturen en dan krijgen we wel bericht als de spullen daar staan.

5284b
Bodrum, 1 kleur: Wit

Daar zijn we het niet mee eens. We gaan wederom naar de haven. Daar worden de wetboeken opgeslagen en weer moeten we naar het vliegveld, dit keer om invoerrechten te betalen. Dan kunnen we de spullen uit de haven meekrijgen.

5302b
Even buiten Bodrum
5310b

Om half 5 's-middags kunnen we eindelijk de haven verlaten en de zon gaat al onder. Wat een prachtige luchten hebben we als we Bodrum verlaten. 's-Nachts om 2 uur staan we weer in Alanya. Maar de bus moet nog leeg, want de chauffeur heeft de volgende avond transfer en alle stoelen moet hij er weer in plaatsen. Pas om 5 uur liggen we in bed. De meeste spullen staan op de eerste verdieping of halverwege het trappenhuis. Als de baas de volgende morgen terug komt van zijn accountant, komt hij de huisbaas tegen. Er is een flat te huur, hij krijgt de sleutels mee en samen gaan we kijken. Het ziet er prima uit en dus wordt er overleg gepleegd over de huur. Ik ga akkoord. Ik heb een eigen apartement. Dus nu boenen en schrobben, maar voor de Kerstdagen komt als eerste de kerstboom in de kamer te staan. Na de kerst breek hem gelijk weer af, want hij staat maar in de weg, voor als ik de boekenkasten in elkaar wil zetten. Gestaag vordert het. Elke dag gaat er zeker een doos mee naar mijn huisje, die ik dan gelijk uitpak en alle spullen een plekje geef. Op oudejaarsdag krijg ik internet in mijn eigen apartementje, maar breng de avond in mijn uppie door met een glas wijn.

TONEI MEAR

Nei boppe